woe as de amme derby wie, mar ik betocht my ek wer. In tsjûge mear by wat der sein wurde soe, mocht faaks gjin kwea.
Ik seach Eedwyr wat ferskikken. State se Anna ûnder 'e tafel oan, of ferbylde ik it my? Anna seach ferlegen. O, de mûle stie sa fertrietlik, de hannen tipelje mei it wurkje om, dêr't se mei dwaande west hat, hjir kin se neat mei in hângebeart fan har ôfskowe. Skrutel begjint se:
‘Wel, Alef! Sizze jo, dat jo my dat jild op trouwe jûn hawwe, sûnder dat ik myn berie ha soe?’
No moast ik op myn iepenst wêze. Ien sekûnde tocht ik my de fraach yn, doe antwurde ik:
‘Ja, Anna Dekema. Oer dizze saak haw ik noch mei gjin minske praat, ek jo haw ik sûnt freedtemoarn net wer sjoen. Mar jo witte sels wol, dat it sa is, oars hiene jo my dizze fraach sa net dien. Hawwe jo wol ienich berie easke of dêr ek mar fan sprutsen?’
‘Ik tocht al, dat jo my net begrepen hiene.’
It kaam der sêft út en der wie ek gjin ûnfreonlikens yn te hearren. Eedwyr loek de wynbrauwen omheech. Doe kaam der noch swakjes efteroan:
‘Jo soene my myn berie jûn hawwe.’
Dizze partij wie ik wol treast. Ik woe efkes krekt fêststelle, hoe't it stie:
‘Dus, jo stimme mei, dat der gjin berie by wie. Hiene jo berie ha wollen, ik soe jo dat net wegere hawwe.’
Anna seach my oan, skuldich-ûnskuldich.
Ik sei der noch oerhinne:
‘Jo hawwe ommers gjin berie begeard?’ En nochris ferfette ik: ‘As it jo sin net wie, wêrom joegen jo my de troupenje dan net wer; ik bin jo ommers net ûntrûn?’
Jitte sei se neat. Dêrom liet ik der noch op folgje:
‘Ik bin ommers bleaun, oant jo my hjitten hawwe om fuort te gean.’
Anna woe noch in bytsje tsjinabbelearje, mar mear as in bern, dat bekibbe wurdt en noch in lyts útfynseltsje ta ûntskuldiging betinkt:
‘Ik doarst it jo net werjaan, omdat Aalke, de faam, by ús kaam.’