koe út it gestokel fan 'e oaren, mar hja skodholle. Ik tochte, dat alles wol ynoarder kaam, as ik mar mei Anna prate, ús mem lykwols hie der in swiere mûtse oer op. As Anna har der sa útwine woe, dan moast it har net te maklik makke wurde, ornearre hja. Dan moast se hjir sels mar komme. Us mem seach de dingen koel en saaklik, mar ik hie in pear swiere dagen. Al mar wer gyng ik by mysels alles nei wat der tusken ús west hie. Wat wie dat noch in bytsje, tocht ik; winliken hie se hielendal noch net blike litten, dat se wat om my joech en dan seach ik it tsjuster yn; in oar amerij lykwols brocht ik my alle moaie eagenblikken wer tebinnen fan njufol tegearrewêzen en ik dreamde my in leaflike tiid as ferloofde en breugeman oan Anna' side.
Ik wie de freedtejûns, doe't de amme by ús oan 'e doar kaam, by Hartman Gauma. Hy lei noch altyd siik yn it kertier, dêr't Bolema en ik him nêst safolle wiken, mear dea as libben, hinnebrocht hiene. Hy hie it swier te ferduorjen hân. Fan it grutte bloedferlies hie er earst gâns lit, mar it wiene benammen de koartsen, dy't him neitiid sa fier útswakke, ja bykâns alhiel sloopt hiene. Ik socht him sa no en dan op, yn 'e jûntiid as it tsjuster wie. Ik rûn dan de minste kâns om opmurken te wurden. It hie my faak oangriisd om him te sjen, sa't er yn 'e koartsen lei en der dwyljendewei allerhande wartaal útsloech.
Ek koe it mei syn ferbliuw gjin sprekken lije, nei myn betinken. In earmtlike, tsjustere hoale, dêr by de stedsmuorre, en it folkjen al mei fan it minste rap en rút. Mar hja stiene noed fan him, foaral dyselde fan 'e ljidskes, dêr't er it mei oanlein hie. Hoewol, har al te lûdriftige en oerdreaune tagedienens wearzgen my betiden wol, mar dat docht der net ta. It wie ek in gelokkich tafal, dat it hûs wat apart lei - of faaks wie it net ienris tafal, want Hartman hie dit tahâld op 't lêst sels útsocht. De kâns dat buorlju wat fernimme soene, wie hjir net sa grut. Oan de iene kant wie in túnmuorre, efter de stedswâl en de oare side stie frij. Hartman hie syn minste tiid hân en it gyng no wer hurd foarút.