al betiid weage en gean nei Hartman ta. Dy wie in stikhinne wer better, ja ik hie de ferhoop, dat er al ôfstutsen wêze soe. By need koe ik Anna dan alles fertelle, want ik longere nei in oangename frede. Mar Hartman wie der noch wol, net mear op bêd nammers. Hy rûn troch 't hûs, wat ûnwis, bleek en mooglik noch slanker as oars. Mar de eagen baarnde it âlde fjoer wer yn en hy wikte alle papisten en alle feinten fan Alva de ûndergong. behalven Alef Aylva.
Doe't ik dêr de doar wer útsette, kuiere der krekt in rjocht, breed frouljusstal foarby. De swarte gedaante rûn oerstadich, ik fernaam dat dy myn kant tige oer seach, doe sei in foars, koart frouljuslûd ‘goejûn!’ Ik andere neat, kroep safolle ik koe yninoar yn myn mantel en wie yn in omsjoch fuort. Doe't ik dat lûd hearde, wist ik, dat de amme op ien fan har omwanlingen wie, sykjende wêr't se ûngerjochtichheid fine mocht.
Hja wie my lilk oer 't mad kommen. Ik wist allinne net, oft se sjoen hie, dat ik it wie. It hie frijwat tsjuster west, dat it hie wol aventoer, dat se allinne de man, dy't út in fertocht hûs kaam, efkes beskamme meitsje woe; oan 'e oare kant, der ûntkaam amke net folle as it om in oarmans sûnden te rêden wie. Ik waard dêrom mar te riede om krekt te dwaan, oft der neat bard wie. Krige ik der mear fan te hearren, dan soe ik alles mar fertelle, sadree't Hartman fuort wie. As der net fierder fan praat waard, soe der syn ferpleechsters neat fan oerkomme, hope ik.
Doe't ik op Dekemahûs kaam, wiene allinne de beide jonges, Doeke en jonge Sicke, thús en de faam Aalke. It oare frouljusfolk wie nei omke Douwe Roorda.
Yn 'e wenkeamer baarnden de kearsen, de beide jonges wiene dêr in bytsje oan it oangean. Troch it gewynder flikkeren de kears-flamkes tige. Doe foel it each my wer op it portret fan frou Luts, it like te libjen, no't de ljochtglânzen der sa oer spilen. De mûle glimke fyntsjes, op it wyslike ôf, mar by de eagen bleauwen skaden