har mem de stoel wer ree sette, dan sei se: ‘Ik woe leaver, sokke sûplappen! Dêr soe ik myn sliep ek om brekke!’
‘Ja fanke,’ sei har mem dan: ‘ast sels earst mar bern hieste, dan soest wol oars prate.’
‘Nee, grif net! Om sokken net. Al fersûpten se, dêr sliepte ik like lekker om.’
Marij die har wurk yn húshâlding en herberge. Altyd deselde foar 't uterlik, net ûnfreonlik tsjin de lju, mar nimmen hat ea ienkear oan har bespeure kinnen, dat it moed har ris weak waard. Sûpers en swiften behannele hja hûnsk. It moast al in nijeling wêze, oars soe gjin klant har mei ûnskiklik praat lêstich falle.
Mei twa fan dy bruorren is it raar ôfrûn, ien fan de ferkearden hate de oppassende. Hja wiene faken fjoerslach deilis. Dyselde ferkearde sei gauris fan 'e oare: ‘Hy sil noch ris ûnder myn hannen stjerre.’
De goede troude derút en krige bern, Op in jûne, doe 't er in boadskip te dwaan hie, kaam er net wer thús. Earst trije wike letter fûnen se syn lyk yn 'e feart. Syn wiif gyng doe wer swier en krige in healjier letter jitte in bern. It waard der wol foar hâlden, dat syn broer skuld hie oan syn dea. Dy waard ek yn 't ferhoar nommen, mar se koene him neat bewize, sadwaande waard er wer rinne litten. Hy sil wol in bruorremoardner west hawwe. Hy die neitiid soms sa nuver. Hy wie bygelyks gauris wei en dan fûnen se him op 't tsjerkhôf, dêr't er op syn broers grêf yn 't gers lei.
It gyng ek wat langer wat raarder mei him. Hy wie hast altyd dronken. Dan waarden der ek ferkearde stikken útheefd en dêrtroch foel er faak yn boeten. As der ien fan 't rjocht kaam om dy yn te foarderjen, rûn syn mem dy al bûtendoar yn 'e mjitte. Hja woe net hawwe, dat har man der fan witte soe (boppedat, se hiene in weardshûs).
Dizze broer no is illindich oan syn ein kommen. Op in kear doe't er de nachts let omswûn, reage er mei de dronkene kop in soldaat fan 'e wacht en joech him in wan bruien. Dat stik koe net mei jild boete wurde, hy moast yn 'e finzenis. Doe't se kamen om him te