‘Ik sis, dat dizze dobbelstiennen beslipe binne.’
Hartman slacht de hân oan syn ponjert.
‘Hartman!’ warskôget in lûd.
‘Ast net dronken wiest, dan soe ik it dy mei de ponjert wysmeitsje, dat ik in falske spylder bin,’ seit Hartman ferachtlik. ‘No sil ik mar rekkenje, datst net witst, watst seist.’
‘Dat wit ik blinderse goed, dû falske smjunt. Mar dû hoechst net te mienen, dat ik bang fan dy bin.’
En ear't wy it keare kinne, hat er syn opstekker al yn 'e hân, en ear't wy dertusken kinne, fljocht er al op Hartman yn, dy't noch krekt mei syn ponjert pareare kin. It giet op 'en fjochtsjen. Feike slacht sa ferwoest om him hinne, dat gjinien fan uzes kin him benei komme. Hartman docht ynearsten net folle oars as de slaggen ôfkeare, syn gesicht is spierwyt. Mei't Feike opkringt en him yn 't nau bringt, moat er wol better fan him ôfslaan. De oaren begjinne ek om te skaaien, mar de measten hawwe tefolle bier hân om se faninoar krije te kinnen. It wurdt wat langer wat grutter tumult; dat rommelt en fjochtet de keamer oer, en slacht en hout en stjit, it is in wûnder, dat der noch gjin deaden kommen binne. Hartman en Feike hawwe elk al in pear smeten krige, mar it binne mar fleiswûnen en se fjochtsje der like fûl om troch.
In bierpôt, dy't oer de grûn rôle is, leit tusken har yn. Feike hat in sprong foarút makke, in hou dien, dy't ôfward wurdt en springt wer tebek. Ik tink: ‘dy bierkanne moat dêrwei, aanst komt ien fan beiden deroer te fallen,’ en sil de kanne der hurd efkes weiskoppe. Krekt op dat stuit docht Hartman in sprong foarút en stroffelt oer myn skonk. Hy falt net daalk mar fljocht noch omtrint in pear trêd foarút, hast oan Feike ta. Sa ploft er foaroer. Syn rjochterearm mei de ponjert is dûbeldgear teard, hy kriget syn eigen wapen yn 't boarst.
Dêr lei er. Foar dea, like ús ta yn 'e skimerjûn. It kerèl hie op slach in ein nommen, wy wiene allegear nochteren. Bolema loek him foarsichtich de ponjert út it boarst, it bloed begûn hurder te floeien. Hy libbe noch. Bolema besocht it measte blieden te stimpen. De kastlein, dy't al op it gestommel ôfkommen wie, waard