Liauckema, har omke, en Douwe Roorda hiene grutte ynfloed by steedhâlder en Hôf, bekend as hja stiene, lykas de Aytta's as fûle oanhingers fan Tsjerke en Bewâld. Dit wie jitte in kâns om grytman te wurden. Us mem liet it ek foarkomme, in houlik mei Luts bepraat te hawwen. Dat sil 't ek hast wol, mar it wol my net oan, dat dy derop yngien is, oars hie ús mem der grif earder mei kommen.
Ik haw it ek wol yn my omgean litten. Oft hja tsjep wie, soe ik net sizze kinne, mar hja hie, lyk al har folk, in natuerlike foarnaamheid oer har, dy't my faak frjemd oankaam, mar dy't ik miskien krekt dêrom bewûndere.
Ik kaam dan ek wol op Dekemahûs om dy tiid. Mocht ek graach yn 'e âld stins wêze, dêr't safolle romte yn wie, dat der sa te sizzen ferskate tiden yn libben. Keamers mei âlde harnassen, wapenreau, gereiden, folle net genôch. Dêr hongen âlde portretten: fan Juw Hettes Dekema, de potestaat fan Fryslân, de bern har pake; fan har oare pake, Sicke Liauckema, erflik hearskip en elderman te Snits, stâlmaster fan Keizer Karel; fan har oerpake en -beppe, âlde Skelte Liauckema en Luts Harinxma; fan oerbeppe Luts har earste man, Sicke Syaerda en jitte folle mear. En oan alles wie in histoarje ferbûn, dy't hjir yn 't oantinken bleau, al hie it jonge folkje der net folle earbied foar: fan striid tusken Skier en Fet, fan Juw Harinxma en fan pake Sicke, dy't Snits ferlost hie fan honger, earmoed en grut oerlêst fan 'e Geldersken.
Ik hie myn niget deroan, hoe't de bloeiende jonkheid der libbe mank safolle ferline.
De jongste wie in jonge fan in jier of tsien, Sicke, nei syn heite dea berne en dêrom nei him neamd. ‘Jonge Sicke’, want de âldste soan, dy't oan Eedwyr folge, mar in jier of wat jonger wie, hiet ek Sicke. Hy wie it foarige jiers mei syn broer Frâns en de fjouwer neven, Bocke en Hette Searps Aytta, Folkert Montzima en Folkert Gerbrands Aytta op stúdzje tein nei de hegeskoalle fan Salamanca yn Spanje. Tusken Sicke en jonge Sicke siet noch ien jonge, Doeke, en trije fammensbern. Ien fan harren krige har