Lok en lijen
(2000)–Bokke R.S. Pollema– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 172]
| |
IDe hûn, dy't snuffeljend syn paad de skjinne doarpsstrjitte lâns drafke, fleach ûnferwachte, as in rinket, oan 'e kant. Want fan 'e oare ein bearde Jelger Tsamkje' stimme: ‘Akkoe-oe-oe! Akkoe-oe-oe!!’ It wie in lûd, sa foars, en ferskuorrend, dat it suver gjin wûnder wie, dat it lytse berntsje, neamd (dêrfandinne it ‘Akkoe’) ‘Akke’, sa hurd as de lytse fuotsjes it tastiene, de strjitte lâns klompke, om mar gau by mem te kommen. Tsjamkje stiek de hân nei har út. ‘Kom hjir,’ sei hja mei in dutsen lûd; it wie, oft de wurden har troch de tosken sûzen. Hja skuorde oan it lytse hantsje, sette yn 'e rin wei Akke' kapke rjucht op 'e holle (in masinale died, want strakjes yn 'e hûs moast it ding dochs ôf), skuorde doe jitris oan it earmke en hie it, foardat hja de hoeke fan it lytse arbeidershúske, dêr't hja yn wennen, om wiene, al sa fier, dat lytse Akke moard en brân gûlde. ‘Flarde! Lytse flarde!!’ De stimme fan Tsjam wie net lûd, mar mei in wrâld fan grime deryn. Dêr hie hja al trijeris roppen en altyd wie dat bern weibleaun. Hja soe har ek alle middeis, as it Akke har tiid wie, om yn 'e hûs te kommen, út elkoar gûle om dat pyst! Mei flugge, resolute stapkes rûn Tsjam nei de efterdoar, die de klompen út op 'e ynskjinne, blanke strjitte, wêrnei dy fan Akke oan bar kamen. It bern sels, yn 'e feralteraasje de mûle wiidiepen, razend as gyng it om dea, holp mar matich mei, sadat mem har hannen der oan te pas kamen. Dat gyng net sêftmoedich. | |
[pagina 173]
| |
It waard in fel jammerjen. Tsjam skuorde it bern oan 'e hân, drige grimmitich: ‘Yn 'e kas silste... hâld dy stil! Hâld dy stil!’ De tonge fan it bern, yn smoarende freze en deabenaudens kaam read nei bûten ta. Tsjam har hannen, izerhurd en sterk fan 'e deistige ‘training’ - hja wosk foar in oar - wreed fan it wringjen fan pilowbroeken en oar hurd reau, sloegen lytse Akke foar har efterste. It hie slim genôch oankomme kinnen; lykwols, 't bearde swierder as it wie. Wat mem, ek al is hja wat oan 'e boaze kant, sil eigen bloed ûngelokkich bruie? Bern binne mar al te faak nuvere lytse dingen. Ien felle gjalp, ien razerich lûd jitte, as gyng it om dea... en doe wie it bern stil, ynienen, ûnferwachte. Mei eagen, wiidiepen as fan ferbazing, seach it, sittend yn in hoeke fan 'e ienichste keamer mem oan, dy't de keamer oprêde; redsum gyng it, fluch; in stikmannich handige taasten en doe wie dat diel fan 'e deitaak wer bard. Hja foel op in stoel del en helle in donkere heap oer 'e tafel nei har ta. Hja begûn te hoasstopjen. De earste middeiskimer foel yn 'e keamer. De dagen binne om Krysttiid hinne (it wie de sneons foar Krysttiid) mar koart. De holle ticht oan it finster sa wie Tsjam op dat stuit dêr oan it wurk. Hja seach op. Twa manlju strieken it finster foarby. It gyng om it hûs hinne. Ringen klonk yn it gonkje fan 'e wente meljen; op it lêst kamen hja yn. Jelger, Tsjam har man, foarop: flinke, grutte keardel fan sa'n tritich jier. Donker fan uterlik, mei in brede koalswarte snor. Lykas er dêr sa stie, mei syn blau baitsje oan, like er, heech en rjucht as er wie, op in maresjesee, dy't him as boerearbeider fermomme hie. Under swarte boarstelige wynbrauwen wennen donkere eagen; hy hie in net ûntsjeppe troanje. De oare, dy't bedachtsum efter Jelger oankaam, koe, neffens de blekens fan syn uterlik, in bakkersfeint wêze, dy't yn 'e smoutens fan 'e ûn, mids it waarme brea-daai syn sûne kleur ferspile | |
[pagina 174]
| |
hie. Mar it oansjen kin nuver bedrage: hy gernierke yn 'e Wâlden, wie in neef, teffens jeugdfreon fan Jelger, en no, mei de Krysttiid, in pear dagen oer. Wat ûnferwachte wie er oerwaaien kommen; yn har feintejierren hiene hy en Jelger in bulte mei elkoar omgien. Mei dy syn trouwen wie de freonskipsbân wol losser wurden, dochs nea brutsen. ‘Dêr wiene wy al,’ sei Jelger. It wie nuver, sa'n sêft, frouljuseftich lûd as er hie, dy grutte, foarse keardel. ‘Dat sjuch ik,’ andere Tsjam. En hja stoppe troch. Tusken Jelger en Jan, dy't op 'e stuollen skikten, foelen wat evenredige, bedaarde wurden. Jan, wat foaroer op 'e stoel, in bytsje kromarbeide op it fjild, like yn neat op syn neef. Of dan allinne yn it lûd, dat ek by him de foarsichtige, sêfte kant neist wie. Hy wie - sa seinen, dy't him koenen - hjitter op in slukje as op in frou. Net, dat er misbrûk makke... o hearken nee. Mar sa no en dan ris in slukje wie him it heechste geniet. Nei froulju hie er nea taald. Hy hie in âlde mem by him yn 'e hûs, dy't syn húshâlding fersoarge en him teffens in krom gesellichheid yn it oars wol wat kâlde deistige libben joech. ‘Jimme binne net let, tinkt my.’ Foars en hurd kamen dizze wurden by Tsjam der út. Der wie wat skaaien oer 'e tafel hinne fan in palmhouten tabakspôt; ûnder it stopjen fan in piip sei Jelger hoeden, foarsichtich: ‘Wy tochten... hm... wy moasten mar ris thús sjen... wy hawwe al sa'n skoft omrûn... Is it net sa, Jan?’ ‘Ja,’ sei Jan. En ek hy begûn te stopjen. Efkes knjistere in lusifer. Allebeide begûnen se te dampen. De reek krinkele yn swiere wolkens nei boppen ta. Tsjam stoarre nei it finster, sa't it like, mar begûn doe wer mei de hoas. Men hearde it smakken fan beide manlju om it mûnstik fan har piip. Akke siet stil yn in hoekje. Bûten kaam de skimer oer it fjild oan. ‘It is al hiel wat jierren ferlyn, Jelger, dat wy tegearre troch de Langegeaster buorren kuieren,’ foel op it lêst de bedaarde stimme | |
[pagina 175]
| |
fan Jan yn. ‘Ja,’ sei Jelger, ‘in hiel skoft.’ ‘Is it gjin sân jier?’ ‘Sân jier.’ ‘Doe biste troud..’, ‘Ja... doe bin ik troud...’ Tichte by it teeljochtsje wie no de holle fan Tsjam; de nulle gunstere har yn 'e hân, giel-eftich yn it ljocht, as gloeide er. Stil sieten de twa manlju, nêst elkoar, op 'e stoel. Oer it feale antlit fan Tsjam, lykas it him dêr opjoech yn it ljocht, lei wat ôfmêdens, as wie hja ta'n ein; mar skerp seagen har eagen en resolút wiene de lippen fan har mûle. Hja stoppe troch... oant har eagen wer mei in flau omheechgean fan 'e holle nei it finster ta seagen. Doe stoppe hja wer troch... fel pjukte de nulle. Jelger ferskikte efkes op 'e stoel, die doe de piip út 'e mûle, brimde ris en sei op it lêst, hoeden: ‘Giet it ek te bot, Tsjamkje?’ ‘Hm?’ frege hja, as wiene har tinzen witwêrsanne. ‘Roke wy ek te hurd, Tsjamkje?’ ‘No’ (har lûd wie gol en treastgjend, net fûl, foar har dwaan), ‘te hurd...’ ‘Wy kinne bêst de piip wat dellizze, hear, is it net sa, Jan?’ ‘O hearken... bêst hear... bêst!’ Jan, tasjitlik oan alle kanten, sei dizze wurden rêd foar syn dwaan, mar Tsjam andere (it is wier, in bytsje seurderich): ‘No... dat is net nedich... nee... alhiel net... Der hingje fansels skjinne gerdinen foar de glêzen... mar, no ja... Nee hear, nee... om my net... alhiel net...’ Hja smookten wer efkes; jit in skoft en Tsjam lei de hoas del. Ratteljend foelen de blinen foar de finsters. Doe kaam der ljocht yn 'e keamer. Jelger gyng oerein en sei: ‘Wy gean der doch efkes út, Jan, wylst Tsjam ús brea ree makket.’ ‘Jonge ja,’ sei Jan, ‘dat koe wol.’ Jelger naam in jaske fan in spiker yn it gonkje. Doe sochten hja | |
[pagina 176]
| |
de klompen en gyngen de strjitte op. Stadich rûnen hja; sa, yn 'e skimer, liken hja yn 'e fierte op in pear earmhûsmantsjes, sa hoeden en foarsichtich stapten hja. Der glinstere wat moanneljocht boppe oan 'e himel; it wie net fel... in sêft, fan lichte wolkjes omdizene ljocht. Swijend rûnen de twa manlju rokend nêst elkoar. Hja wiene al in ein fuort, doe't Jan sei: ‘Do haste in bêst wiif troffen, Jelger.’ ‘Ja wis... dat haw ik.’ ‘Flink en redsum...’ ‘Ja.’ ‘En skjin...’ ‘Ja.’ ‘As de brân... as de brân...’ Hy lei der fûle klim op, knikte mei de holle en sei it jitris: ‘As de brân, minsken!’ Doe wie der wer in swijen.
It doarp lei no stil der hinne. In stik-twa petroaljelantearnen joegen in flau skynsel yn 'e strjitte. Men seach it wytferve hikje fan in rinteniershûs, in pear neakene beammen foar de herberge ‘It ferguldene Hoantsje’; dan wie der jitte, aardich wat fierder, it donkere plak fan domenys hôf. De gevel stie de hoeke om, yn in oare strjitte. Dêr, by in trijesprong, stie in keppeltsje jongfolk, dat wat spul útjoech; tusken de swierdere stimmen fan manlju geide no en dan it hege lûd fan froulju. Skaden gyngen oer 'e wei, as sieten in pear elkoar, mâlfarjend, efternei. Jan tante foarsichtich: ‘Wat seiste, Jelger... sille wy in lyts slukje keapje?’ Jelger joech net op slach en stuit in andert. Hy liet de wurden yn him omgean. Dit útstel passe net yn 'e rin fan syn deistige libbensdingen. Op it lêst sei er: ‘No... ik wit it eigentlik net... Ik kom nea yn 'e herberge... ju...’ ‘Och... sa'n inkeld slukje...,’ seurde Jan. En om Jelger it paad maklik te meitsjen rûn er al fêst nei de doar fan 'e herberge ta. | |
[pagina 177]
| |
De holle foardel, krekt as helle er in skelmstik út, sa folge Jelger. Yn 'e tapkas stie in jongfaam fan sa'n tweintich jier. Hja droech polka-hier, hie in ljocht bloeske oan mei koarte moukes en wie net ûnfreonlik yn it oankommen. Har eagen, lykas har hier de donkere kant neist, glinsteren de manlju temjitte, wylst hja sei: ‘'n Avend hearen!... wat moat it wêze?’ ‘Twa Cats-jenever,’ sei Jan. De faam draaide har goed foarme lichem om, skonk twa romers fol en brocht dy, wylst har mûle allerfreonlikst lake, nei it taffeltsje, dêr't de manlju by sitten gien wiene, sizzend: ‘Men sjucht jo hjir ek net folle, Jelger.’ ‘Hm... nee!’ sei Jelger. Hy fielde him hjir net thús, draaide him op 'e stoel om, wat ûnwennich. ‘En dy is hjir net wei, leau 'k,’ lake de faam, mei de holle nei Jan knikkend. ‘Nee hear,’ sei Jan, as herberge-rinner in krom frijer as Jelger. ‘Ik bin útfanhûs by Jelger.’ ‘Soa... wel... wel... Mei de Krystdagen!’ En hja liet har blanke tosken, skitterjend tusken har folle lippen, sjen en seach de twa manlju om bar oan. Jelger seach skou foar him del. De faam draaide ris op har skonken, yn fine, salmkleurige hoazzen stutsen, hinne en wer. It ljocht fan 'e herbergelampe struide syn glinsters op it net ûntsjeppe antlit fan Jelger; de donkere eagen, heal beskûl ûnder de swarte boarstels fan wynbrauwen, kamen no efkes omheech en seagen yn 'e eagen fan 'e faam. Hja gyngen wer del, riisden efkes letter wer. Noch jimmer seach de faam him oan. Doe draaide hja har om en rûn nei de tapkas. Hja begûn in lietsje te núnderjen en beseach har antlit yn 'e spegel. Sa't hja dêr stie, mei har polka-hier, yn har útsniene bloeske, like hja, dochter fan 'e kastlein (Simkje wie har namme) op in stêdfanke, yn dizze tap net hielendal op har plak. Yndied hie hja in skoft yn 'e stêd tahâlden, mar hie har heit, dy't sels mear mei fuormanderij pielde, har, as stipe fan har net al te sterke mem, yn 'e hûs helle. Jan preau ris; hy dipte de lippen yn 'e romer. Doe sûgde er de | |
[pagina 178]
| |
wangen yn en dêrnei begûn er te koaien. Jan drinken te sjen, wie op himsels al de muoite wurdich. Jelger siet dêr swijsum; tusken Jan en de faam wie der wat praat. Unhandich, ferlegen, stoarre Jelger meast foar him út. Frjemd, as er opseach, wiene dy eagen foar him, grut, ljochtsjend. Hja dronken elts jit in romer en gyngen doe fuort.
‘Sa'n Londensk bichje,’ sei Jan yn 'e weromreis, laitsjend tsjin syn maat. Hja wiene net alhiel sa kalm, as doe't hja yn it doarp kommen wiene. ‘Wat guod?’ frege Jelger, net dalik yn it ferstân. ‘Dy kastleinsdochter!’ sei Jan. ‘Net te swier, net te licht... sawat tuskenbeiden... Mar in flot ding...’ ‘O... dy... ja!’ sei Jelger, as sieten syn tinzen op in hiel oar plak. ‘Nee... ik wist sa gau net, wêrst it oer hieste...’ ‘Edel spul, Jelger!’ sei Jan. Jelger kearde syn antlit nei syn kammeraat ta. ‘Sa sêft as side... dy drank.’ Doe kearde Jelger him wer ôf. Men wist ek nea, wêr't Jan it oer hie. No hie er it wer oer 'e drank.
‘Oe ah! Wat in stank!’ Dat wiene de wurden, dêr't Tsjam de twa manlju mei yn 'e keamersdoar mette. ‘Ik rûk wêr't jimme wei komme. Ut 'e herberge... it is moai!’ ‘No,’ sei Jelger hoeden, ‘sa'n inkeld slukje...’ ‘Ik koe jimme fan fierren wol oankommen hearre,’ rôp Tsjam. Hja geat mei in grimmitich antlit it wetter út 'e stektsjettel op 'e kofje. Har lippen wiene fêst op elkoar presse en hja bleauwen dat, dy jûns. Mar foar de sliep, doe't hja eat grommele hie op Jelger syn nuete winsk: ‘Nacht Tsjamkje’ foel hja ynienen, fûl en rêd út: ‘Asto froeger sokke maten hieste, haste sèls ek net folle west!’ ‘No, no...,’ bêde Jelger del. ‘No... no!’ hune syn wiif. ‘In moaie kaart... De earste jûn al yn 'e | |
[pagina 179]
| |
kroech... Ik ha jimme yn 'e gaten, dy like as goed as him...’ Jelger hie syn libben lang jit net ien inkelde kear te folle hân. Hy woele mei syn waarm antlit yn it kêsen om. Hy seach wer de tapkeamer fan ‘It ferguldene Hoantsje’. Mids it ljocht fan 'e lampe stie in frouminske, jong, tsjep, mei in laits om 'e lippen en twa donkere, lokjende eagen. It wie al let, foar't er yn 'e sliep foel. | |
IIDe oare deis wie it Krysttiid. Jelger en Jan, de piip oan, stiene bûtendoar, by de arbeiderswente. Efter harren, by de efterdoar kaam altemetsen in frouljusholle foar it ljocht; feninich waard der in stofdoek útslein. Tsjam rêde de keamer oan. ‘Wolle wy efkes traapje, Jan?’ frege Jelger. ‘Ei ja, dat is goed,’ sei Jan. En bedaard, alhiel sûnder harren te haastgjen, rûnen hja it doarp troch, dat yn in dreamerige moarnsstiltme lei. Hja kamen foarby ‘It ferguldene Hoantsje’; Jelger syn donkere eagen seagen temûk troch de glêzen, mar, efter 'e ruten, grut en wichtich yn de brede gevel fan it kapitale gebou, wie neat te sjen. Hja rûnen it doarp troch, nei bûten ta. Ferlitten wie no it fjild. Allinne wiene hjir en dêr inkelde losse keppeltsjes skiep, oars seach men suver gjin libben, sa fier as it each rikke koe. Lytse doarpstuorkes, de measten stomp mei it tapsk omheechgeande tek, dreamden tusken it donkere twiichwurk fan beammen en húskes, yn 'e fierte sa lyts, as wiene hja himpene wentsjes út in boudoaze. Stille mûntsjes stiene hjir en dêr dreamerich, as wiene hja finzen yn in Krysttiidslomme, froed en rêstich nêst spegelige feartsjes...; inkeld seach men, as in driigjend teken fan 'e moderne tiid, hege izeren stilen, mei in grut rûn wynrêd yn 'e hichte. Jelger seach efterom... It doarp lei dêr rêstich en stil yn syn | |
[pagina 180]
| |
moarnsdream. As in grut, fjouwerkant gebou wie dêr de doarpsherberge... In skaad, in frouminske, strúnde op it hiem om en dêr klonk it fiere triljen fan in sjongende stimme yn harren earen. Jelger suchte. Hy taaste nei syn bûtebûske fan 'e jas, dêr't twa sigaren yn sieten en rikte Jan ien oer, wylst er sels de oare opstiek. Dit bedriuw moast steande barre. Dêrop sei Jelger: ‘Lit ús mar weromgean.’ En hja gyngen mei deselde kalme bedaarde stap werom. Jan, min of mear foaroer, Jelger rjucht as in kears. Fyn en sêft, lyts hast klonk dêrnjunken efkes letter syn lûd: ‘Dat slukje smakke juster net sa ferkeard, Jan!’ Jan, bedaard yn alles like goed as syn neef, lûkte swietwei syn wangen fan elkoar, sadat, as swarte stompeleintsjes, syn berikke tosken yn 'e donkere mûle foar 't ljocht kamen. En foarsichtich tante er wer, no't him it fjild foar syn hertsbegearte net al te ûngeskikt like: ‘Foar de kofje efkes ien opnimme, Jelger, wat tinkt dy?’ Jelger swei in toarn. Hy naam de sigaar út 'e mûle en brocht de hân bedaard nei de foarholle. Omhegens waard syn pet tild en doe sei er, seurderich en langsum: ‘Ei ja... dat is goed...’ Sa saaiden hja, njunken de herberge, fan it paad ôf en stapten troch de útdoar. De tap lei no yn de skiere fealens fan moarnske ferlittenheid. Mar inkelde flugge stapkes, as fûgeltripkes sa keken, kamen ta de tap yn en foar harren stie de kastleinsdochter. ‘Soene wy... twa Cats-jenever fan jo hawwe meie?’ frege Jan. Jelger fage him mei de hân oer 'e foarholle. It wie krekt as moast er yn in ljocht opsjen, glei as de sinne, as koe er it net ferneare. Omtrint lykas twa kwajonges, ûnhandich mar teffens âldmaneftich yn har ûngemaklike stivens, gyngen de twa manlju elts oan in kant fan it taffeltsje by it finster sitten. Yn in ljocht jûpke, wol net simmersk, mar dochs útwrydsk yn syn moaiens, stie dêr, as in laitsjend wêzen, de kastleinsdochter foar har eagen. | |
[pagina 181]
| |
Sels Jan, oars meastentiids yn beslach nommen fan syn slukje, him djoer boppe alles, koe de eagen net fan har ôfhâlde. - Der glinsteren twa ljochte kammen, mei fûnkeljende stipkes der yn, efter har earen yn har donker hier. Har blanke hals en nekke kamen feestlik út boppe it sneinske jûpke. Jelger knypeage en brocht doe syn hân by it gleske. Dy trille. ‘Kom... hawwe jimme al efkes oan 'e kuier west?’ frege de stimme. ‘Ik seach jimme sa pas al op 'e dyk. Ik wie efterhûs...’ ‘Ja,’ sei Jelger, ‘wy seagen jo ek wol... hm...’ ‘O ja?’ seurde Jan, ‘ik ha jo net sjoen... Wêrsanne, Jelger?’ ‘O... ik tocht... ik miende... hm...’ Jelger wie der yn ferslein, seach nei de balken, en begûn doe nei in skilderij te stoarjen, dat sydlings oan 'e muorre hong. Hy gyng oerein en rûn der in stapmannich hinne. De faam seach nei him. In flinke fint! En tsjep ek... eigentlik wie er... de tsjepste keardel... út it hiele doarp... Mar hy wie sa houten... sa alderheislikste stiif! Jelger draaide him om. Syn donkere eagen metten in lyts dieltsje fan in sekûnde dy fan har. Syn holle wie sa read as bloed. De faam makke it petear wer geande. Hja fertelde fan 'e útfiering, dy't hjir moarntejûn op 'e boppeseale barre soe. De feriening ‘Doarpsbelang’ hâlde in gearkomste. Der wie toaniel, sang en dûnsjen efternei. En sa'n bytsje gekoanstekkendewei, fyntsjes, dat it suver net te merken wie, frege hja: ‘Is dat neat foar jimme, manlju?’ ‘Dan bin ik al wer fuort,’ sei Jan. ‘Moarntejûn reizgje ik wer by myn âlde kammeraat wei... Is it net sa, Jelger? Mar asto der sin oan haste... fansels...’ De wurden kamen al wat flotter. It slukje begûn te arbeidzjen. En Jan glimke nuet oer syn twade slukje hinne. ‘Jelger is troud! Dy mei net, om syn wiif,’ rôp de faam. ‘Tsjam wol it net lije,’ die Jan der jitte oerhinne. ‘No... Jelger is dochs net bang foar Tsjam wol?’ narre de faam. Jelger sloech syn koalswarte eagen op en gluorre har oan. It wie, oft | |
[pagina 182]
| |
it fjoer út in ûn har temjitte sloech. De faam draaide har om. Doe wie der in heisterjen mei bierkisten, dy't krekt fan 'e frachtwein út 'e stêd oanbrocht waarden. Dêr kamen de kastlein en syn frou op ôf. De twa klanten yn 'e tap woene wol efkes helpe. Mar Jelger, net ien fan folle wurden, skaaide de oaren oan 'e kant en sei tsjin 'e kastlein: ‘Ik sil it wol foar jo berêde.’ Syn sterke earmen sloech er om 'e kisten hinne en hy tôge se as wiene it lege sigarekistkes. In sêfte hân fielde er doe efkes op sines. ‘Tankje wol,’ sei in stimme. Jelger draaide him om en seach yn 'e laitsjende eagen fan 'e kastleinsdochter. Hy fage him it swit fan 'e holle en sloech syn eagen dalik foardel. Doe kroade er houten nei syn taffeltsje ta en foel op syn stoel del.
Dy jûns wie der mear drokte yn 'e tap. Boerefolts om utens wei, ferlegen mei de liddige tiid, teach nei it doarp en bedarre op it lêst faak yn 'e herberge. Der waard biljert en kaartspile. - In hiele kloft âldere manlju fermakke him oan in gruttere tafel mei dominearjen. Keppeltsjes sieten hjir en dêr oan lytsere taffeltsjes. - It wie in rûzige drokte; apart foar dizze dagen ôfhierde manlju spilen foar kelner en brochten kwast en bier, kofje en jenever rûn. Der waard lûd praat en lake; nuvere opsizzers wiene der by, dy't mei har brike setten it gehoar fan hiele klibers hiene. As in benearjende smook wie de damp fan tabak en sigaren oer 'e rûzige mannichte, dy't de seale omtrint alhiel yn beslach hie. Yn in hoekje krongen sieten, as hearden hja der net by, de twa neven. Jan hie dyjinge west, dy't oer in wipperke begûn wie; en Jelger wie mar al te licht yn it tajaan. As in ljocht wêzen mids dy donkere mannichte, trinten en kreas, nuver yn har opdiene moaiens, flinterich geande troch de rûzige droktme fan al dat folts wie Simkje, de dochter. De swarte eagen fan Jelger folgen har, lykas hja dêr troch de mannichte gyng: in laits tsjin dy en in praatsje mei dizze. Hy wie | |
[pagina 183]
| |
dêr stil yn syn hoekje...; stil wiene hy en syn neef dêr op har stuollen, as twa stânbylden. Doe strûpte hja by de muorre lâns en kaam deun by de twa manlju; har skonk state tsjin him oan. Fleurich glânzgen har eagen en hja lake: ‘Wat in drokte net? En no moatte dy kisten hjir noch hinne... Jy meie ús noch wol efkes helpe, Jelger... Foar jo is it suver neat, sa'n sterke man.’ O, wat ljochten dy eagen! Hja skodde mei de polkakop en toeve efkes, krekt as wachte hja op in andert... Jelger wist net, oft it gekheid wie. ‘Ik wol 't wol dwaan...,’ sei er. ‘Mar, is 't tinken?’ ‘Tinken?’ Hja lûkte de wynbrauwen heech op. ‘No, oft it tinken is! Jy moatte mar ris sjen! Sokke kisten!’ En yn berneftige oerdriuwing (ien fan 'e pylken út 'e goedfoarsjoene koker fan Simkje) die hja de hantsjes in ein fan elkoar ôf en hja stoarre Jelger oan. De brân yn syn eagen wie as in felle lôge. Unhandich gyng er har efternei; hy like, nêst har, in brede, donkere reus. En yn it donkere gonkje lústere Simkje tsjin him: ‘Mar ik wol jo net oan it wurk sette... hjoed.’ ‘It is neat!’ sei er heas. ‘Net... echt net... neat?’ Hja wie no deun by him... De geur út har klean kaam him as in bedwelming temjitte. Doe naam er har hommels beet. Om de teare lea sloech er syn earmen en syn gesicht brocht er by harres. Syn lippen presse er op harres... Sa wiene hja der in skoft tegearre yn 't gonkje; nêst harren rûze it libben yn 'e tap, it wie it brûzjen fan in tsjustere rouwe see. Op it lêst gyng de syddoar iepen; Jelger, mei in kiste yn 'e earmen, rûn, swier tôgjend, nei de tapkas. Dat die er in reismannich... Jan wie drok oan it praten mei in buorman, tichte by him. Doe't Jelger werom kaam, sei er: ‘Wolle wy mar fuortgean, Jan? Wat seiste?’ Jan skytskoarre der wat tsjin oan; hy siet dêr ridlik goed nei syn sin. Mar hy koe der ek net bêst tsjin yngean. | |
[pagina 184]
| |
Jelger taaste nei syn beurs en knoffele salang, oant er in gûne fûn hie. Mar Jan woe der neat fan witte. De fertarring kaam no ris foar syn rekken, wie er fan betinken. Doe't hja by de doar wiene, seach Jelger efkes om. Simkje wie, by de tapkas, drok yn petear mei de jongste fan 'e kelners, in feardich jongfeint mei in útwrydsk bosk hier. Har glinsterjende eagen laken.
Wylst hja nei hûs ta teagen sei Jan, as wist er wêr't Jelger syn tinzen mei dwaande wiene: ‘Dy fammen yn sokke herbergen binne trochstrings fan dy allemansfreonen...’ ‘Hm... ja...,’ sei Jelger. Hy seach foar him del. ‘Hja hat oars ek noch ferkearing,’ seurde Jan fierder. ‘Ferkearing?’ Jelger kearde syn holle fel om en stoarre Jan oan. ‘Mei in jongfeint út 'e stêd... Hja moat der poer gek op wêze... Immen fertelde it my, doesto efkes fuort wieste...’ No hiene syn tinzen foargoed wat, om mei dwaande te wêzen... Ferkearing... bûnze it troch syn holle... Hja hat... ferkearing... ‘Moarntejûn komt er hjir... Op it feest... boppe op 'e seale...’ As yn in dream gyng Jelger it lêste ein fan 'e wei nei hûs ta; as wie er in ein, in hiel ein fuort, fier fan 'e gewoane wrâld en it gewoane libben ôf, sa fielde er him. Mei de holle foardel, ôfwêzich, rûn er nêst syn maat. Doe't er syn wente binnen stapte wie it, as wekke er út in sliep op. | |
IIIMei de hannen yn 'e bûse gyng Jelger de donkere dyk lâns werom nei it doarp ta... Syn neef hie er krekt fuortbrocht... no wie er wer allinne. De twade Krystdei hie moai waar brocht; en jit wie de himel klear, besiedde mei tûzenen twinkeljende stjerkes, as glânzgjende ljochtsjes oan 'e hege, donkere himel. It doarp lei no foar him as in grut breed skaad, mei hjir en dêr, | |
[pagina 185]
| |
as in ljochtsjend fjouwerkant, in inkeld finster. Der kamen him rûzjende lûden temjitte, as it bûnzjen fan in fiere see tsjin in igge oan. Minskestimmen wiene it, as fan in mannichte, dy't him earne wakker fermakke. Dêrtusken klonken stimmen fan muzyk, kleare lûden fan koper en lieten út fioelen. Skaden slûpten foarby de brede finsters fan 'e boppeseale fan 'e herberge; donkere gedaanten liken it, fan manlju en froulju, dy't foarby teagen, frjemd dwerreljende silhûetten, dy't rêstleas kamen en gyngen, dy't elkoar omfetten, en har elkkear bewegen, as waarden hja dreaun fan 'e macht fan 'e muzyk, ien yn ritme, in foarbygeande, fleurige kloft. Jelger bleau foar de herberge, yn de doarpsstrjitte, mids in heap oaren, stean. Ien finster wie dêr iepenskood, as om wat frisse lucht yn te litten. Hjir klonken de stimmen fan 'e muzyk helder, as wie men der by. En de lûden fan 'e minsken kamen hjir klear nei jin ta... men hearde de laitsen, murk it petear en seach no en dan de gesichten fan inkelden, dy't yn in dûns foarby teagen, harkjende nei de stimme fan 'e freugd, dy't no sa flaaikjend rôp út it spyltúch fan 'e muzikanten. Wa wiene dat? Der wie in faam mei koart hier en mei har dûnse in heareftich opdien jongfeint, mei in grut wyt en in swong yn syn wize fan dûnsjen. Wat seach hja him oan, mei har glânzgjende eagen... Jelger stoarre omhegens, de hannen yn 'e bûse. Doe seach er skean foar him út, sa't it like yn djippe prakkesaasjes. Foardel gyng doe de holle en hy stoep op 'e herberge ta en die de doar iepen. Grut en hol, ferljochte fan de grutte lampe, lei dêr ûngesellich en wiid, de tap. Alleman, dy't koe en in stikmannich sinten te fertarren hie, wie no boppe. Jelger gyng allinne by it finster sitten. De frou fan 'e kastlein, drok dwaande yn 'e koken, kaam yn. Hy bestelde in slukje. Sa siet er dêr stil, foar him út stoarjende, no en dan priuwende, lykme-allinne. | |
[pagina 186]
| |
Want it kastleinske hie it no mear as bannich; hja koe net by him bliuwe. Boppe syn holle, yn in ienlûdige kadâns, dûnsen de fuotten. It sliere oer 'e flier hinne, mar eltse kear opnij wie it dochs deselde daver, dy't him swier op syn holle state. De fioelen jammeren en de kleare stimme fan it koper wie as in ljocht sketterjen, sa fel. No wiene dêr boppe al dy minsken, en hja makken wille. No dûnse hja dêr mei har feint. Hja... De frou fan 'e kastlein kaam no en dan efkes te sjen; in reismannich bestelde er jit ien... Der wie in frjemde stimme yn him, dy't no om bedwelming rôp. It wie, as wie der fan binnen yn syn herte in wiid fan legens, dat allinne mar folmakke wurde koe mei ferdôving... It wie, oft it droanjen boppe syn holle syn tinken beklimme; mei swiere bûnzen gyngen eltse kear de fuotten hinne en wer. It hiele gebou like te huverjen, as koe it dy wieljende see fan jeugd, hertstocht, útlittenheid, mar amper tusken syn muorren ferneare. Doe gyng Jelger oerein. Syn fuotten staten earst wat, mar dat bedarre. Troch de syddoar gyng it, nei it gonkje. Doe by de treppen op.
As in grut, breed skaad, de eagen donker-driigjend, de holle eat foaroer, sa stie er ringen boppe yn 'e doar. Foar him wie de woelige minskesee. Hy die in stapmannich foarút en lei in jongeman de hân op it skouder. ‘Wat dochsto hjir, heu? Wat dochsto hjir...?’ hune syn mûle. De oare, dûnsjende mei in faam, seach him oan, alhiel ferwûndere. It frouminske, immen mei koart hier, hie de eagen wiidiepen; yn de loaits lei in bernlike ferbazing. ‘Lit los dy faam!’ drige no Jelger syn lûd... ‘Lit los, sis ik dy..’ Yn 'e tsjustere djipte fan syn eagen drige it, net tsjin te kearen... ‘Hâld op keardel... Jy binne dronken!’ rôp de feint nidich. De behierre hannen, rûch as de earmen fan in aap, kamen | |
[pagina 187]
| |
stadich nei foaren. En foardat de feint it yn 'e gaten hie, hiene hja him fêst... mei de krêft fan in skroeve. Hja tilden him fan 'e grûn, as wie er fearlicht... Doe die de reus inkelde trêden nei in finster ta. ‘Hy smyt him ta dit finster út,’ klonk lûd in stimme. In eangstgjalp, as it kriten fan immen yn deadsneed, wie heech en fel yn 'e seale. ‘Help!’ kriet in frouljuslûd. ‘Help! Help!!’ Doe wie der in grutte konsternaasje op 'e seale. De muzikanten sweien, leine har spylark del; elkmes rûn, ferheard, om dit frjemde, ûnferwachte, nei it stee ta. Dêr klonk in rammeljende daver; it finster waard tichtsmiten en in grouwe, brede jongkeardel, wrikkert fan in fint, sette him der flak foar. Jelger, mei in dierlike glâns op syn antlit, liet syn proai falle. Langút, fan himsels, lei de feint op 'e planken, tegnjidde fan de wrede earmen. Doe taaste Jelger dy fint oan foar it finster. Hy fleach him oan, yn in frjemde razernije; nei syn strôt grypten syn hannen en hy helle him foaroer, as wie it in bern. Mar oaren sprongen ta. Dit wie in ding, bûtenwenstich yn syn pertalens. Immen, lang net nofteren, as in bist hjir op 'e seale, it hiele feest ûnder syn plompe skonken fertraapjend. ‘Smyt him de seale ôf! Fuort mei dy keardel! Fuort mei him... Derôf!!’ Fan alle kanten besprongen, focht dy ienling dêr sa fel as er koe. It wie, oft âlde tiden út har grêf opstiene en al har wyldens, har dierlike oandwaning oerbrochten nei dit stee. Stuollen waarden oanfette en mids it fjuchtsjen rûnswaaid; doe wie der ien, dy't in bierflesse op 'e holle fan Jelger delkomme liet. In stream bloed sipere oer syn foarholle hinne en fertsjustere him de eagen. Doe pakten hja him beet en setten him bûten de doar; hy stuite by de treppen del en bleau ûnder in skoft yn it porteal lizzen. Op it lêst kaam er stadich oerein en gyng bûtendoar. | |
[pagina 188]
| |
‘Wat sille wy hjir hawwe! Och heden! Och heden!’ Tsjam sloech de hannen yn elkoar. Tebûke, it gesicht hast ûnkenber, mei teskuorde klean, stie Jelger foar har yn 'e keamer. ‘O! O!’ rôp hja fel. ‘Fertel my wat der bard is. En dalik!’ Mar yn syn eagen gluorre eat, dat har fierdere wurden tsjinhâlde. In trêdmannich die er de keamer yn. Under de donkere wynbrauwen wie in koartseftige skyn. Hja gyng ta de keamer út. Jelger liet him op in stoel delfalle. In sêft kreunjend lûd kaam, as fan pine om syn teslein, tebûke lichem oer syn lippen. Hy lei in earm op 'e tafel en stipe sa syn holle. Sa bleau er sitten... swijend, wiid-iepen de eagen. Skoften siet er sa. Wat wie der kommen yn syn libben? Wat wie dit dochs... dit freeslike...? Wêr wie syn kalme libben, syn bestean fan alle dagen? Wat wie sa mar ynienen, as eat bûtenwenstichs... skaaid foar it feale ljocht fan syn deistich libben... as in frjemde tsjustere wolk...? Hy siet, as libbenleas stil, yn syn iensume mimer. Stiltsjes, sêft, as it kriten fan in kleiende fûgel, kaam der in lyts fyn lûd. Ut it bedstee kaam it, tear, skriemerich... o sa drôvich... En hiel sêftkes gyng de doar iepen en kaam de mem yn. Hja naam it berntsje út 'e krêbe en presse it tsjin har oan. Slieperich... de eachjes ta, twa roaskes op it antlit, wie it, nêst it bleke antlit fan 'e mem. It berntsje sliepte... it like, oft it sêftkes kriten hie yn 'e dream. Jelger suchte djip. Syn boarst gyng in reismannich op en del. Hy liet de holle op 'e hannen sinke en skriemde... |
|