At Luertske in pûde mei droege appeltsjes út it taske kriget, en dy plechtich op 'e tafel leit, komt der wat yn opstân by Hinke. Se wol it net. It is genede. It is goederjouskens. Miskien komme se wol fan Lútsen. Lútsen kriget alles fan 'e moffen. Hy sleept alles mei nei hûs, sizze de minsken. Elk sjocht him tôgjen.
‘Ik wol it net,’ seit se. ‘Ik wol neat ha.’
Luertske sjocht har ferheard oan en seit ‘It is foar de poppen. Do kinst wol wat brûke. Sa rûm silst it net ha.’
Hinke skodhollet ferheftich. ‘Nee, nee,’ seit se.
‘It moat net mâlder,’ kraait Luertske. Se is dúdlik yn 'e wjuk sketten. Se rattelt mei de hân yn it taske, as wol se der noch mear út pakke. It knistert.
‘Ik hoech neat. Ik ha alles.’
Luertske glimket fyntsjes, mar tinkt by har sels. Earme skiter.
‘Ik ha se sels droege. It wiene sokke fleurige readwankjes. It jout gjin ferplichtingen. Ik kin dochs net mei lege hannen oankomme,’ seit Luertske en der ljochtet in lichte ferûntweardiging yn har eagen.
Hinke is bang foar Luertske. Har gesicht liket op dat fan Lútsen. Se is bang foar dy grutte skerpe noas. De fealwite wangen en de hege bleke foarholle. Se sjocht Lútsen foar har, doe't er dêr op itselde plak siet. No komt Luertske om de boel hjir troch it gat te sjen. Se wol witte hoe't it mei Former is. It is har earne om te rêden. It gewear, miskien. Miskien hat Lútsen har wol stjoerd en komt se te freegjen wêr't it gewear keard is.
Luertske glimket begripend en guodlik, as wol se Hinke gerêst stelle. Har wilige fingers reitsje de pûde nochris oan. It papier knistert as se de jefte fierder oer de tafel skoot.
‘It binne reade kalwyntsjes,’ seit Luertske.
De appeltsjes geurje. Se suverje de lucht. Luertske glimket alderbeminlikst en leaf. De appeltsjes ferdriuwe de stank. Se prykje sachtsoer yn 'e noasters.
‘Dy appeltsjes, dêr rint jin it wetter fan om 'e tosken,’ seit se, en dêrby slokt se demonstratyf.
Luertske skokt yn har hâlding as Hinke har sûnder omwegen freget ‘Hoe is it mei Lútsen?’
Der folget in stilte. Luertske sjocht foardel, as hie Hinke har mei dy fraach sear dien. Der tripket in mûs oer de souder. Bûten jeie wolkeskaden oer it deade lânskip. Under de waarme pannen geane de fûgels tekear. De beide froulju sitte mar wat yn it healtsjuster ferkleefd en tinke