Gûlend bûcht se har oer de beide harten en tutet se. Triennen falle op 'e kopkes.
‘Se waarden net kjel fan it gewear, doe't it ôfgyng. Se gûle net fan 'e klap. Hieltyd ha ik tocht dat it ferbylding wie. Ik woe it net leauwe. It woe my net oan.’
Former draait him om op 'e stoel, lûkt de loop nei binnen en lit de lege huls út it gewear springe. In krûdwalm lûkt troch de keamer.
‘Se sille noait prate kinne,’ snokt Hinke.
‘Wy moatte it ôfwachtsje,’ seit Former. It komt him oer 't mad.
‘Ik ha it sjoen, se skokten net. Se kniperen net mei de eachjes. Beide sille se dôfstom wêze.’
Former stapt fan 'e stoel. Hy set it gewear tsjin it kammenet en rint nei bûten sûnder in wurd te sizzen. Dat de freugde sa gau timpere wurde moat, dat kin er him net begripe. Dat it blide, dêr't er sa nei útsjoen hat, mar sa koart duorje mei.
In skoft stiet er yn it bedauwe gers nei de loft te sjen. Hy skopt in pear kear tsjin de ielkear, dy't hol klinkt as in tonne. Hy avesearret in eintsje by de feart lâns en komt dan werom. De nachtloft ljochtet op yn it wetter. Even stiet er by it grêfke fan 'e hûn. Hy besiket it him yn te tinken fan wat Hinke sein hat. It wol noch net yn him del, mar it leit in domper op 'e jûn.
Hy nimt him foar om de oare deis de skou nei hûs te heljen. Hy sjocht foar it rút. Hinke bringt de poppen yn 'e nachtrêst. Se sjocht Former foar de ruten omskermesearjen. It skimert al. Noch kin se har net begripe dat har fermoedens wier binne. It skot is it klearste bewiis. It begruttet har om Former. Hy stiet dêr ien lang, twa breed yn 'e blikke. Ik hie it net freegje moatten om it gewear ôf te sjitten. Ik hie it fermoeden foar my hâlde moatten. Tegearre wiene wy nei dy sitewaasje ta groeid. Hy hat der rjocht op om lokkich te wêzen.
Koart dêrnei heart se twa skoaten efterhûs. Se wol nei it finster ta rinne om oan Former te klopjen. Hy moat no ophâlde mei sjitten. As fertrout se it net. Se sjocht him net mear. Se skrikt at se it gewear tsjin it kammenet stean sjocht. Hastich rint se om hûs hinne. Gjin Former. Se ropt. Har lûd êbet fuort yn 'e hoare jûn. Wilens se om hûs hinne rint, mei de gedachte dat Former faaks even it fjild yn stutsen is, fynt se him op 'e rêch yn 'e blikke. De eagen skril opslein nei de nachtloft.
‘Former, Former.’ Se raast it út.
Former ferweecht net. Sûnder te witten wat se dwaan moat, rint se it hiem oer nei de reed en stiet ferwêzen yn it weistjerrende read fan de