ter sunich oer. De dei lûkt nei de jûn. De loft ferkleuret mei griisblau en giel. Letter giet it oer yn djipread. It fjoer dôvet stadich op 'e kym. De loft wurdt kâld en blau. It skrikt har ôf. As sil de winter werom komme. De nacht sil komme. It tsjuster makket har ûnrêstich. Har gedachten wurde nei Former lutsen. Se wol sa graach dat er no troch de doar stapt. Dat er har helpe kin.
De weeën komme faker en wurde langer. Feikje sil komme mei de molke. Salang sil se noch wachtsje moatte. Boppe Tiltsjebuorren glimt de jûnloft even as in gluorre. Dizze nacht sil it oangean. Se kin net langer sitten bliuwe. De fleagen jeie har fan it plak. Se dwelmet troch it hûs. Stiet foar de swarte gatten yn 'e flier. Yn 'e bûtendoar heart se it lûd fan in nachtfûgel. Se rúkt it waar. Dan rint se nei de reed, mar dêr is neat te sjen. Feikje sil daalk wol komme. Unrêstich giet se wer yn 'e hûs, stiet by it finster op en stoarret de tsjustere reed del. Dat Feikje sa lang wei bliuwt. It makket har switterich. It wetter sjongt yn 'e tsjettel.
It is al lang nacht as Feikje komt. Se set it ammerke mei molke op 'e tafel en seit ‘Manus wie let mei melken.’
Hinke sit mei in grou reade holle op 'e stoel, de earmen om 'e bekling slein. Se ferknypt har en seit mei parsende lippen ‘It is safier.’
Feikje makket risselwaasje. Mei de brant, dy't Hinke mei soarch efterút hâlden hat foar dizze dagen, stookt Feikje de kachel op. De waarmte knapt yn 'e keamer. It begjint noch mear te lekken. De lêste stikken snie skowe fan 'e pannen. It iis teit by de binnenmuorren del. Der ferspraat him in waarme damp yn 'e keamer.
Dy nacht kriget Hinke in twaling. In jonkje en in famke. Feikje leit se mei de fuotsjes nei elkoar ta yn it smelle widske. Al wêr't se op rekkene hie, dit net.