ferklinke oer de gong. As Former boppe oan 'e trep stiet is de gong leech. Der is net ien te sjen. Hy betinkt him in tel. As wurdt it him ynjûn. Dan stapt er rêstich nei bûten, de wacht foarby. Dy man liket dêr allinne te stean foar ynkringers en flechtsjenden. Hy is in frijlittene, in ferloste. Dêrfoar komt er net út 'e pas. Hy docht gjin stap hurder, om mar gjin erch te jaan. It kin him op dat stuit neat skele wat der bart. As soene se him in skot yn 'e rêch jaan. In tel stjerkes yn 'e eagen. In liddich momint. Der is neat dat him opkeart. Sa stapt er it hiem ôf, foar it molkfabryk lâns. Om út it sicht te reitsjen, rint er tusken de molkweinen en de barte lâns. It spielwetter fan 'e molkûnfangst rint him oer de jas. Dan wurdt er wei tusken it tsjettelhûs en it laboratoarium, draaft efter it fabryk út oer in stik ûnlân nei Skelwouds slúske. Hy stapt oer de slûsdoarren, by Skelwoud troch it grientetúntsje en stiet dan op in stik braaklân fan de gemeente; in fjild fol brannettels. Dêr krûpt er op hannen en fuotten troch it wiete gers en de heal beterzen rûchte.
Noch kin er him net begripe dat er sa maklik oan syn fijan ûntkommen is. De deade strampels fan de brannettels lizze as in kamûflaazje oer him hinne. Hy krûpt stadich nei in brede hage. Dêrefter sjocht er de túntsjes fan de Westerisselannen. Like kalm as er by de Ortskommandant fan it hiem stapte, rint er troch it hôf fan Boargemaster Jonker, krûpt ûnder it stek troch yn de folkstunen. Boerekoal en sprútsjes rotsje ûnder de snie. Dêr stapt er yn in túnhokje. Dêr steane in gripe, in bats en beantsjestokken. Der hingje linen. It is mar in romte fan oardel meter yn 't kant. Former jout him del op in ierappelkistje en hâldt troch it finsterke it fjild nei de stêd ta yn 'e gaten. Dan fielt er wer hoe pynlik him de lea binne. Yn 'e flecht hat er der neat fan field.
De noed foar thús komt wer boppe. Miskien ha se it hiele hûs oer de kop helle. Hy is der ynienen net sa wis mear fan dat se it net fûn ha. Se sille it net fine. Se kinne it net fine. It gat is mar twa hanbree. Hy fielt dat er himsels wat oanpraat. De measte noed hat er mei Hinke. At se har mar neat dien ha, no't se swier is en miskien yn de meast erbarmelike tastân libbet. Hy wol wol nei hûs ta fleane, mar weaget it net om it túnhokje út, oars as om in pear tûfen boerekoal, dy't er op prûmket.
Noch mar in pear moanne lyn siet er ek yn dizze buert en bestoar er it yn it spoardok. De freze dy't er doe al út de twadde hân koe, hat er no ûnderfûn. De sinne komt skriel troch it rútsje en makket de temperatuer draachlik yn it hokje. Hjir kin er it de hiele dei wol úthâlde. At se it spul hjir mar net ôfsykje. De hiele dei sit er mei de kop foar it finsterke en hâldt de Westerisselannen yn 'e gaten. Hy wachtet de nacht ôf.