hiele hûs te hearren is. Hy is deabenaud dat Anders him dêr sitte lit. As er even letter de âld man spikerjen heart yn 'e flier siket er yn it tsjuster om it lûk. Meidat er it sa gau net fine kin en wat troch de wiete modder barget, hat Anders de tiid it lûk fêst te slaan.
‘Wat hellest no út?’ raast Former.
‘Sa fine se dy noait.’
‘Hoe krigest dat yn 'e harsens?’
‘As wolle se hjir alle dagen komme, fine sille se dy net.’
‘Hast de flier ticht spikere?’
‘Dat hast goed heard.’
Former besiket mei de rêch ûnder it lûk de flier iepen te triuwen. Even twivelt er oan it goede plak, besiket it op ferskillende plakken, mar der is gjin ferwegen oan. Dan twivelt hy der wer oan oft er wol ûnder it lûk sit. Hy siket en dwaalt ûnder de flier troch. Nearne in kier ljocht.
Wilens Anders troch it hûs rint heart er him sizzen ‘As wisten se datst hjir wiest, dan noch soene se dy net fine kinne. Yn wêzen bestiest net mear.’
‘Lit my der út, âld gek,’ smeket Former.
‘Ast dy de bek net hâldst, slach ik der aanst noch in pear spikers yn.’
‘Is 't dy yn 'e kop slein?’
‘Do moatst oefenje. Do moatst witte hoe lang ast it dêr úthâlde kinst.’
‘It hat no lang genôch duorre. It moat in grapke bliuwe. Ik sit hjir mei de poaten yn it sniewetter.’
‘Do sitst net ûnder it lûk. Moatst ûnder it lûk komme.’
‘Ik kin hjir gjin hân foar eagen sjen.’
‘Bist yn 'e ferkearde hoeke. Moatst dizze kant út,’ seit Anders, en hy stampt op 'e flier.
Former klaut op hannen en fuotten ûnder de flier troch. Oeral set er de rêch tsjin 'e flier, oft der faaks in wrak plak is dat hy der út triuwe kin.
Syn lûd klinkt hieltyd doffer en fierder fuort.
‘Wat beklaust dêr?’ ropt Anders.
‘Doch it lûk iepen, bliksem.’
‘Kinst wol wat mear earbied opbringe foar dyn âlde heit.’
‘Hâld op mei dy grappen, stik ûnferstân.’
‘Wolst it net hearre dat ik dyn heit bin.’
‘Meitsje it lûk iepen. Ik klau hjir oan 'e earmtakken ta yn 'e drek om.’
‘Do moatst tiid dwaan. Ast ek sa tekear giest at de moffen hjir oer de flier steane, dan is 't gau beslikke.’
‘Der binne gjin grienen, wol?’