lein. Hoe faak hie se der net op oanstien om it ding fuort te dwaan. Nuk it yn 'e feart, mar dan net foar hûs. Hy hie der net fan witte wollen. Altyd hat se as de dea west foar it wapen. It hat har altyd op 'e lea lein dat der gedonder fan komt. No wit se dat se fjochtsje moat. Hy fynt it net, tinkt se.
Lútsen makket gjin haast. Mei de earmtakke om 'e bekling slein, nestelt er him yn in nofliker hâlding. Betochtsum sjocht er de keamer yn 't rûn en blaast reekwolken nei de souder.
Dan seit er, by wize fan ynlieding ‘Dat foarfal mei dy hûnen-. Of eigentlik docht dat net iens sasear ta de saak. Dat is in feit dat net mear is te efterheljen. De hûnen binne dea.’
Hy swijt, as is it in ôfdiene saak. Hy sûcht in lêste smook reek út it peukje en teknypt it op in teepantsje. Der kreaket iis yn 'e feart. Der binne streken fan in lette rider.
In skoft letter ferbrekt er de stilte en seit ‘Dat gewear.’ Dan sjocht er har ûndersykjend oan as wol er har fan it gesicht lêze. ‘Do witst wêr't it is.’ Hy seit it as is er wis fan syn saak.
Der rattelt in wein oer de hurde richels fan 'e reed. De stappen fan it hynder klinke dof op it sniepaad.
‘It feit datsto in fjoerwapen ferburgen hâldst is strafber. Former hat it net ynlevere en der boppedien noch op in net ferantwurde wize gebrûk fan makke. Asto my dat wapen meijoust, soargje ik dat it, sûnder dat der in hoanne nei kraait, út 'e wei rekket.’
De duvel, tinkt se.
Hy hâldt de hannen sweevjend boppe de flam en glimket mei in oefene grimas, lykas doe't er yn 'e keamer kaam.
Hy wol my der ta oerhelje, dat ik him it bewiisstik yn 'e hannen spylje. As begrypt se ynienen it ferset fan Former. At er it wapen hawwe wol, sil er it sykje moatte. Se sjocht him strak en striidfeardich oan.
Hy nimt de hannen boppe de flam wei en skoot ien hân oer de tafel yn har rjochting. In rôze, fleizige hân leit iepen foar har.
‘Do wolst dochs gjin swierrichheden?’ Hy seit it as hat er meilijen mei har. As soe er it bêste mei har foar ha.
Bûten hellet de wyn oan en knypt tsjin de ruten. Soms pikke der flinterkes iis tsjin it glês. Even boldert it yn 'e boazem. De sigen blaast yn it wiffe ljocht fan it driuwerke. De snie sil begjinne te jeien. Se harkje nei it waar.
‘It klinkt hast plichtmjittich, as er seit ‘Ik sil it yn beslach nimme moatte.’