De jacht
(1988)–Durk van der Ploeg– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 221]
| |
mer de nacht mei yngiet. Ljochte wolkjes driuwe skaden oer it moanneljochte fjild. De plassen lizze as spegels yn 'e reed. Dy skitteringen en skaden, it jaget him op. As fertrout er ynienen neat mear, no't de flecht foargoed ynset is. Hy bliuwt even stean as er mient dat Okky blaft. It bist hie de tosken bleat, doe't er him yn it gat flijde. It wie de driging dy't fan him útgien wie doe't de lânwachten him del knalden. Mei dy driging yn 'e bek wie er op it hiem ferstive. It griist him oan as him wer foar eagen komt hoe't it bist him mei dy hagelwite tosken yn de ierde fêstbiet. As wol dat blaffen him net út 'e earen wei en is de hûn oanientriedwei dwaande him yn te heljen. Hy heart syn hymjen. As komt er snuvend njonken him en strúnt er troch it wâlgers. Okky, Okky. Hy slacht him op 'e broeksbokse om de hûn te lokjen. Hy boartet it âlde spultsje mei it toutsje, dêr't de hûn op happe moat. Oan 'e Nijhústerpiip ta folget er de feart. De moanne wurdt glânzgjend helder. Op guon foarhuzings glinsterje de pannen. Dan stelt er him wer foar de fraach wêr't er wol keare sil. It earste dêr't er oan tocht hat is Anders, mar dat kin er noch hieltyd net mei himsels iens wurde. As dy healwize âldfeint it mar net wer yn 'e plasse kriget en mien dat er syn heit is. It iennichste foardiel dat it hat, is dat de man gaadlik wennet. Wa sil by sa'n healnôge frijbûtser wat te sykjen ha. Elk ken de wylde ferhalen dy't der oer him geane. Dat er nachts mei de buks de rotten út 'e finsterbanken sjit. Hat Anders sels net sein dat syn doar altyd foar him iepenstiet, mocht der wat komme. As er mar net as in heit op him sit te wachtsjen. By de Piip klattert er oer it tichtset en slacht rjochtsôf troch de wâl fan it Jellegat. It hurde gers skrast him ûnder de learzens. Hy wurdt kjel fan in pear patrizen dy't foar him út 'e wâl spatte. Ut 'e fierte heart er in auto oer de Wetsenser Tille gûnzjen. Mei it nimmen fan dizze rjochting hat er winliken al in kar makke. Dit giet rjocht op Anders oan. It muoit him no dat er de âld man in jier as wat lyn sa wreed de doar wiisd hat. Hinke wie der letter noch ferskeidene kearen oer begûn. It kin dochs? hie se sein. Dyn mem hat nea troud west. Wêrom Anders net? Lulk wie er wurden. As soe it wier wêze, dan noch net. Dy gekke Anders, hoe soe dat syn heit wêze. De dûnkere kontoeren fan Wetsens wurde sichtber. Ut 'e fierte blaft in hûn troch de hoare nacht. De pleatsen fan Willem Sytsma, Romke Visser en Ealse Kingma, tille mei it tsjerkje op it terpke boppe it mei wat arbeidershuzen besiedde fjild út. Hy is der no wis fan dat er nei Anders gean sil. Njonken de Tille hâldt Former him in skoft ferskûle tusken de | |
[pagina 222]
| |
keale wylgetienen, dy't as swypstokjes ut 'e wâl stekke. Hy heart in auto oankommen. De grûn trillet as it spul oer de Tille dindert. Former hat de kop yn 'e wâl dûkt. Hy krûpt yn it skaad fan it brechje en heart it wetter yn it gat sûgjen en ratteljen. Under de Tille troch sjocht er it rivierke sulverich yn it easten op slingerjen. Wat hat er hjir yn it langst fan 'e dagen wol in iel fongen. En hjerstmis fette skiere, en de kolblei mei it skeakelfiskjen. Oan de wâlrûchte lûkt er him omheech en wipt oer de dyk. Hy is noch mar krekt oan 'e oare kant ferside krûpt of der komme guon foarby op fytsen, dy't midden op 'e Tille stean bliuwe. Hy hâldt him oan 'e tûken fêst om net yn it wetter te tûmeljen. As in wezeling leit er tsjin 'e wâl oan knypt, om't er deabenaud is dat dy janhagels him sjen sille. De kjeld begjint him yn it lichem op te lûken. As de hearen opstappe, lit Former him ek troch de rûge wâl sakje en folget it Jellegat oant er it spul fan Anders yn 'e kiker hat. Dan heart er immen balten. Bang lit er him efter de reiden falle. It hert slacht tsjin de ierde. At er de kop mar even optilt, heart er it roppen wer. Hy stiet yn bestân en brûs troch it gat en flechtsje de Kouwen yn. Miskien kin Eatse Sigaar noch in ûnderdûker herbergje. It plan giet him ek wer ôf. Foarsichtich slûpt er nei it spultsje fan Anders. Hy ferstivet as er wer roppen heart: ‘Wa is dêr?’ It kin nimmen oars wêze as Anders, dy't him troch it moanneljochte fjild kommen sjoen hat. Pas as Former nei oan it hûs ta is sjocht er Anders yn it skaad fan de húsmuorre stean. ‘Bisto it?’ ropt Anders. ‘Se sitte my efter,’ seit Former. ‘Dan wiest even gefaarlik, want de mannen binne drok yn aksje. It jaget de hiele jûn oer de Tille.’ ‘Ik ha dêr wol in healoere lein te blaubekjen.’ ‘Ik seach dy út 'e fierte al kommen, want it is fannacht sa ljocht as de dei.’ ‘Bist noch net op bêd?’ ‘Ik op bêd? En dat mei sok waar? Ik sit de hiele nacht by de tafel it fjild oer te sjen. Sokke nachten is it ûnrant warber. Se stelle dy mei safolle helderens de stien út 'e muorre.’ ‘Wat dochst dan sa'n nacht?’ ‘Ik hâld it each op 'e keppel skiep. Dy frekte Wâldlju komme oer it Djipt en stelle alles wat los en fêst sit. Westereintsjes, folk fan Twizelerheide en út 'e Driezumer Mieden.’ ‘Dêrom wiest fansels ek sa rap bûtendoar, doest my slûpenderwize by it | |
[pagina 223]
| |
gat lâns kommen seachst. Do hast ek in pear eagen as in ûle.’ ‘Ik tocht, dêr hast al wer sa'n ropper. Kom mei,’ seit Anders en skermesearet yn 'e hûs. ‘Wat rinst raar.’ ‘Ik ha okkerlêsten in stik muorre fan it bûthúske op 'e bealch hân. Ik bin mei lijen wer ûnder it pún wei klaud en nei de keamer ta krûpt. Dêr ha 'k in dei as wat foar dea ûnder de tafel lein. Ik koe amper mear sykhelje. De ribbekast kreake my. Ik tocht wrachtich dat ik stjerre soe.’ ‘Se woene dy noch net ha, tink.’ ‘Stadichoan bin 'k wer by de wâl opklaud. No bin 'k wer de âlde.’ ‘Dat sjoch ik wol.’ ‘De fretter is teminsten wer ynoarder. Mei de bealch koe it better. Mar dat moat syn tiid ha. As ik mar net hoech te hymjen.’ ‘Skêrmest oars noch mar wyld om dy hinne.’ ‘No ja, it gean wol noch net sa bêst. Dêr sil earst wol in winter oerhinne gean moatte. Alle dagen oefenje ik op it hiem yn eksersysje. It is al wer in stik yn 't by kommen. In wike as wat lyn krukke ik noch mei de stoel troch de keet.’ ‘Do wjukkelst no as in sike hin.’ ‘At de kas mar wer yn aksje kin. De siken, dat is it foarnaamste.’ ‘Hast net nei dokter west?’ ‘Kin in dokter dêr wat oan dwaan, at de bealch my kniesd is?’ ‘Hurd wêze oer dysels.’ ‘Ik ha noch wat Belladonna en oare rommelderij stean. Ik wriuw jûns mei Arnica. Ik ha dat guod al jierren yn 'e hûs.’ ‘Kinst dysels wol ferjaan.’ ‘Hasto it op dy dokters stean? Te Wetsens binne ferline wike noch twa minsken stoarn oan difteritus en gielsucht. Dokter rûn ôf en oan, krekt salang oant De Laatste Eer der oan tepas komme moast. ‘Dy lju witte faaks even mear wat in minske mankeart.’ ‘Praat my der net fan. Belladonna brûkten wy altyd tsjin belroas, kinkhoast en dwilens. Hoe soe it my dan net helpe? Men moat jins eigen dokter wêze. Dy lju stelle sokke hege easken. Ienris hat de dokter fan Mitselwier hjir west. Ik moast in oar bêd ha, in nij gebyt. Myn klean moasten wosken wurde. En folle net genôch.’ ‘Dy lju ha gâns drokte.’ ‘Salang't ik de kop der mar by hâld, hoege se net te kommen. Fan 'e wike ha 'k mei skobben reid de gatten yn 'e bûthúsmuorre tichte. Meikoarten, as ik de lep wer tille kin, loegje ik der wat seadden op, dan moat | |
[pagina 224]
| |
de natuer der fierder mar mei rêde, en kin it spul wer jierren mei.’ ‘Is 't hjir dan wol fertroud? Komt de boel net del?’ freget Former. ‘Hjir fertroud? De foarein is noch sa geef as kryt. Mar it bûthúske is healstiens en hat alle jierren wer de earste triuw krigen mei de hurde noardewyn. De bûthússouder wie ferrotte, en as sa'n noardwester pûster der mei de hiele hûd op falt, hat it wat te hâlden. Mar wat kin my dat gammele bûthús skele. Ik wenje hjir, en nei my komt nimmen. Yn 'e keamer lekt it ek, mar salang it bêd droech bliuwt, mei ik net kleie.’ Anders hat in kowetek oan 'e kant skood, dat der ljocht yn 'e keamer falt. De moanne leit bleke plakken op 'e tafel. It ljocht blinkt yn it metaal fan it unifoarm dat yn fol ornaat oer de bekling fan 'e stoel hinget. It is nikkelkâld yn 'e keamer. Anders stampt mei de learzens oer de holle flier en lit him kreunend by de tafel sakje yn 'e reiden stoel. ‘Kinst hjir ek wol ferrekke fan 'e kjeld,’ seit Former. ‘Sitte jimme dan yn 'e folop?’ byt Anders him ta. ‘Hasto brant?’ ‘Dat net, mar it siicht hjir.’ ‘Ik ha gjin lêst fan 'e kjeld. Ik klaai my neffens it waar. Ast hjir bliuwe wolst, silst genoegen nimme moatte mei in jan-poepsplak.’ ‘Do bist net te bestekken.’ ‘Ast it boarst mar waarm hâldst. Ik draach nachts en deis itselde. Dizze duffel droech myn heit al doe arbeide er yn 'e Eanjumer Kolken. Dat wie noch foar de oarloch. Ik wit noch dat er de Kolken dan Siberië neamde. Mar mei dizze duffel hat er it oerlibbe. Letter moast er nei Jouswier te panstriken, dat hat him de dea dien.’ ‘Hast gjin fjoer?’ ‘Kin dy it wat skele?’ Komst hjir om ûnderdak, dan moatst gjin grutte bek ha. Ik ha nachts en deis kowetekkens foar de finsters. Ik bin sunich mei fjoer. De winter kin noch lang genôch wurde. Ferline simmer ha 'k yn Mitselwier njonken de spoarbaan wat fêste brant ut 'e sintels fandele. Dy skraabje se út 'e lokomotyf. Ik ha noch in pear lopen de Driezumer kanten op makke. Dêr ha 'k in pear beamkes opromme en dy mei myn boatsje de Ie delfearn. Mei wat balken fan 'e bûthússouder, want it spul komt no dochs fan boppen, en wat lange turf fan Iebe, kom ik in hiel ein yn febrewaris op. En dan giet it, as it teminsten wat winterje wol, al wer op 'e droechferzen stront ta. Mar dêr wachtsje ik wol mei oant it lêst ta, want dêr wurd ik sa dimpich fan as in hynder.’ Former skikt oan 'e tsjustere ein fan 'e tafel. ‘Wurdst socht?’ freget Anders. ‘De lânwacht sit my efter.’ | |
[pagina 225]
| |
‘Sjochst skiterich.’ ‘Ik ha fan 'e moarn in pear oeren oan 'e hals ta yn it feartswetter stien.’ ‘Dy lânwachten kinst wol foarby. Dat binne mar domme hantlangers.’ ‘Ik sit mear yn noed oer Hinke. Hjoed of moarn komme se by har oan 'e doar.’ ‘Froulju, dêr ha se in swak foar.’ ‘Se is yn ferwachting.’ ‘Dêr hiest better in winter mei wachtsje kind.’ Anders wjukkelt troch de keamer, klaut yn 'e kast om en snijt op it plak dêr't it moanneljocht op 'e tafel falt in pear hompen brea, dy't er beleit mei skiven spek. Dy skoot er oer de tafel en seit ‘Silst wol roppich wêze.’ Ut 'e fierte kinne se auto's riden hearre. Mei de mouwe bewisket Anders it finster en seit ‘Hjir bist feilich. Hjir ha se noch noait in poat op 't hiem sette doarst. Gjin mof. Gjin janhagel. De earste dy't hjir komt kriget in blauwe beane yn 'e roppert.’ ‘It gewear is my needlottich wurden.’ Hy fertelt fan syn loop efter de Poartepleats. ‘Bist te roekeleas. Wa giet yn dizze tiid it fjild yn mei in wapen. Dan sikest om swierrichheden.’ Dy nacht berôlet Former him yn in hynstetekken en jout him del yn 'e smelle útleger. As de boel wat begjint te broeien, begjint it tek soer te stjonken. It strie dat Anders him as in nust ûnder de holle treaun hat, geuret migich. Mar Former hat plak en mei net kleie. Anders iisbearet troch de keamer as in wachtrinner. Soms bliuwt it in skoft stil, mar dan begjint it stampen op 'e holle flier wer. Soms klinke der befellen, dat Former oerein stoot. Anders is oan 't oefenjen om de waarmte te hâlden. Want al hoe'n frijbûtser hy ek wêze mei, hy gedraacht him as in militêr en stampt marsen op 'e keamersflier as binne se de boel oan 't fertimmerjen. Letter heart Former it gûnzjen fan Ingelske fleanders. De loft is fol gebrom. ‘Hearst se?’ ropt Anders. ‘Tommy's!’ ropt Former optein. ‘It is my as himelske muzyk yn 'e earen,’ balt Anders. ‘Hoe lang sil it noch duorje mei de oarloch?’ ‘Hitler rint op syn lêste skonken.’ Dan heart Former in doar slaan. Anders is bûten en stiet oan 'e hûsside te pisjen. Koart dêrop heart er syn hânbûtsen. Dan boldert it doffe sjitten fan 'e Dútse ôfwar. De flier trillet. Former stiet foar it finsterke en | |
[pagina 226]
| |
sjocht de sykljochten as messen by de himel lâns snijen. Anders stiet as in tsjûke bult yn it moanneljocht te klûmjen. Pas as der in wolk foar de moanne lûkt stuitert er ûnwis oer it hiem as sil er siedzje. Dy nacht komt der in fleantúch baarnend nei ûnderen en stekt as in fjoerpylk yn see. Teminsten, Anders beweart dat er yn see telâne kommen is, as er út 'e keamer wei ropt. Stadich sakket it lûd fan de fleantugen wei yn 'e djipte en nimt Former mei yn in ûnrêstige sliep. Yn syn dream sjocht er Hinke mei de lânwachten fjochtsjen op 'e reed. Former leit te wrakseljen yn 'e hynstetekken. Aldert de Graaf, Lútsen en Buntenbach, alle trije slagge se op har yn. Dan komt Anders en sjit de lânwachten del. De hûnen meitsje har master fan de liken. It is al yn 'e neinacht as Former mei in skok wekker wurdt. Mei de slûge kop wankelt er troch it keammerke. De moanne is al út it finster wei sakke en ferside gien efter in bank yn it westen. Der leit in kâld tsjuster oer de ierde. Hy tinkt oan Hinke. Hoe hat se him smeke om branje en iten. As komt de wroechwjirm no by him yn aksje. Alle kearen hat er it útsteld. Mollen en murden, dêr hoegde se him net om út te stjoeren. Hout en ierappels, dat hat er altyd ferachte. It is gjin soargeleazens, mar mear in kwestje fan talint. Hinke is de boeren ôfflein. Oeral wêr't de terskmasine fan Jan van der Lei stie, hie se weet opskoaid. Jûns gyng se nei Manus om molke. Mar wat kin it fanke sûnder fjoer? As moat er him dat no ferwite. Aanst moat se mei it swiere liif tefjilde. Hy hat langst nei har. De eangst dat de lânwachten har tenei komme sille, oermastert him. Miskien ha se it hiele hûs wol oer 'e kop skuord om dat gewear. Lútsen sil no gjin kâns mear slûpe litte, no't er de neil der ienris efter hat. Hy wol him wer deljaan, mar de sliep wol net mear komme. De ûnrêst byt him yn 'e hûd. Mei iepen eagen wachtet er it deiljocht ôf. Dan stapt er nei de keamer. Dêr leit Anders as in generaal yn fol tenu op it striebêd en snoarket. Dêrby lûkt er syn oardeltosk bleat as in âld hazze. |
|