yn it hier falle. Alle kearen klaut er krekt op 'e tiid wer omheech, om de driigjende bats, dêr't Hinke mei troch de loft slingert, te missen.
‘Rôvers,’ ropt se nidich nei de bisten, dy't skrassend ûntwyk sykje.
Se stekt in pear skroeide aaikoalen út 'e tichtslimpe jiske. At se ienris de restanten fan branje op it spoar is dolt se troch, hieltyd fûleindiger. Der komt har in soerige swevellucht yn 'e noasters. Mei de fingers klaut se stikjes kooks los, dy't har yn 'e han ut elkoar falle. Geregeld rjochtet se de rêch, en hâldt de reed yn 'e gaten. De lânwachten sille har net fergetten wêze. It weibliuwen makket har winliken noch ûnrêstiger. As broeit der wat en sil der hjoed of moarn wat slims barre. Twa grutte hûnen dea, dat litte se der net by sitte. Okky wie harren earste slachtoffer, mar dat sil har net genôch wêze. Hieltyd wer komt dat byld har foar eagen, dat it hûntsje foar de loop fan 'e lânwacht opsprong, as fong er wat út 'e loft, en doe skokkend op it paad delfoel, de poaten kromp en ruts. It is in warskôging, dy't har soms it slimste tinken docht. En no't se net wit wêr't Former keard is, benearet it har noch mear.
Stadich skylt se de bult ôf. Soms rûgelt der noch in ferkoale stikje hout út 'e gielgrize jiske. Dêrom dolt se troch, oant se de hiele heap trochstutsen hat. It bliuwt by lytse bewyskes, dy't yn it ferline net achte waarden. In brokje kooks, in stikje briket; yn tiden fan folop mei it folle laad delnukt.
Mei de winter foar de doar is der wat twingends. It muoit har no, dat se Former de lêste tiid sa faak op syn ferantwurdlikens ferge hat. Se wit dat se it net fan him freegje kin. Noed en soarch foar de húshâlding is him frjemd. Hoe faak hat se net tsjin him sein, de boel sloert út. De poaten rotsje ûnder de keamerskast wei. De tafel is mank. Se is al in pear kear troch in wrakke matsjestoel sakke. It petroaljestel lekt. It temôge hout fan 'e tafel hat se eigenhandich wer ynelkoar spikere. Se binne mei âlde rommel begûn. Ofbrûkt spul út 'e boel fan Ritske Kooistra. Ivich kreakjende stuollen, dêr't de speaken yn brekke as woartels. Hinke hat har der nei skikt, mar net yn berêsting. It is de ûnmacht dy't har dûm meitsje kin. Se wol net ferlieze. De need makket har krigel. Se strúnt de feartswâl del. Nearne in grissel hout. Einekroas en tekkenflach, reidtûgels, snyl, piipkrûd en wetterklaver. It geuret bitter yn 'e wâl. Se hat it al in pear kear besocht mei stikken modder, dy't se yn 'e sinne droege. Yn 'e kachel wiene se as doffe stiennen lizzen bleaun en yn in koart striefjoer as moal út elkoar fallen. Der is neat mear dat baarne wol. De tûkjes hûnebeishout binne al lang opromme. Yn it ljochtgriene tekkenflach rotsje al swarte plakken. Der komt in grûnige lucht út 'e