De jacht
(1988)–Durk van der Ploeg– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 213]
| |
er in bleek plûmke reek út 'e skoarstien kommen. Hinke is dus warber. As falt it him wat ôf. Nei sa'n nacht hie er noch wol graach even mei har op bêd wollen. Mei't er de line fêstmakket sjocht er twa lânwachten de reed yn kommen. En it earste wat by him opkomt ‘Dat is Lútsen syn wurk.’ En wat er oars noait dwaan soe, hy dûkt efter de reiden. Bang hat er noait west. Net foar Lútsen. Mar sûnt er justermiddei twa hûnen fan 'e lânwachten deaskeat, is er net mear sa wis fan himsels. Justerjûn hie Hinke him al fuort ha wollen. Se fertroude it net. Koe er it fanke dan allinne efterlitte? ‘Dit litte se net op har sitte.’ ‘Se kinne neat bewize,’ hie er sein, mar rêstich hie er him der net by field. Former wie thús bleaun. Mei de hûn bûtendoar hie er it der op weage. Troch it opskood rút soe er yn in omsjoch it fjild yn west ha. Foar alle wissichheid hie er de dûbelloops ûnder de bûkdelling fan 'e boat brocht. Dêrom wie er der yn 'e neinacht ek ôfgien en de feart útfearn. Hy hie it foar Hinke net wêze wollen, mar it wie in flecht. It stille waar en de rop fan fûgels; hy hie it net stien. Dy broeiske stilte yn 'e neinacht en de moanne as in glêsheldere skyl oan 'e loft, dat soe wize kinne op ûnferwachte dingen. Sokke gefoelige oankomsten hat er nea fan witte wollen. Mar krekt as wie er himsels net. Doe't er de fûken teplak hie, wie er mei de boat ûnder Brúnjes' barte fearn. Kees en Iebe wiene foarby kommen mei de molkskou. Kees yn 'e line hie fjouwer nidige stappen op 'e barte makke mei hol tongerjende klompen. Dêr hie er lein oant it in bytsje ljocht waard. Hy leit it ark yn 'e boat teplak. Smyt in pear wrakke fûken op 'e wâl en leit mei himsels oer wat er ûndernimme sil. Ien hantaast en hy hat it gewear ûnder de bûkdelling wei. Dat aventoer wurdt him lykwols te grut. Gjin domme slaggen, tinkt er. As er mei de hân troch it kâlde wetter fan 'e beun skarrelt, fernimt er dat er trillet. Even lit er it yn him omgean om noch in kearnet op te simjen. Gewoan ôfsette as wie der neat te rêden. Hy wol lykwols net blike litte dat er bang is, dan is de kaart foargoed ferjûn. Even sjocht er oer de reiden hinne. De beide skimen yn lange swarte jassen komme al tichterby. De spuiten oer de rêch. Dan jout er him del op 'e mestelbank en harket. De moanneskyl fertart yn 'e bleke moarnsloft. De wyn lûkt tinne strûsrimpels yn it wetter fan 'e feart. It is in frede dy't er net rjocht stiet. In katfisk, dy't sulverich yn it earste deiljocht skampt, makket him kjel. Ut 'e fierte heart er it spat- | |
[pagina 214]
| |
boerd fan ien fan 'e fytsen ratteljen. De hûn yn it hok begjint oan te gean. ‘Hâld dy de bek,’ racht Former. No sil de hûn alles noch bedjerre, tinkt er nidich. Hy grommet noch in pear kear nei it bist, mar dy blaft troch. Hy heart him fûleindich jankend by de hoksdoar op springen. De neils fan it bist skrasse oer it hout. En noch wit er net wêrom at er net sjocht dat er fuort komt. Hy wol him net fan Lútsen driuwe litte. Gjin bliken jaan dat er bang is, dat er him skurf fielt. Dan sille se daalk witte dat er wat op 'e kerfstôk hat. Hy wol net lef wêze. As er de fytsbannen op it keizich paad knappen heart, hopet er dat se foarby ride sille. Hy lûkt de boat oan 'e reiden stiif yn 'e wâl en wachtet ôf. It is foar de mannen noch te ier om sûnder in doel op 'en paad te wêzen. Op in stuit steane se foar him op 'e wâl. Twa frjemde manlju mei strange gesichten. Hy hâldt se foar lânwachten út 'e Holwerter kusten. De fyts oan 'e hân. Ien fan harren freget nei de fangst en gnysket. Former lit se yn it ûnwisse, lukt oan 'e skouders en seit sa kalm as in pûn moal ‘It is hjir alle hjerstmis alwer skraal mei de skiere iel. Tefolle simmerpink.’ Hy moat út 'e boat komme, sizze se. As begjint it him dan te daagjen. Op it stuit dat er beide ûnbekende gesichten seach, hat er noch leaud yn de tafalligens. Stadich jout er him oerein fan 'e mestelbank. Syn fermoedens wurde befêstige. Efter de Poartepleats hie Lútsen him fansels herkend. No stjoerde hy in pear frjemde kammeraten op him ôf foar in ôfstraffer. Hy draait him om nei de mannen en makket meneuvels as sil er op 'e wâl stappe. In momint stiet er yn bestân. Dan draait er him om en dûkt oer board. Mei in pear felle slaggen swimt er de feart oer en klaut dêr as in gek by de wâl op. Hy heart se efter him roppen. Der keile fytsen oer de reed. Mar eardat se it gewear fan it skouder ha, is Former yn syn bline ferwyldering de greide al oer flechte. Hy heart skoaten ketsen, mar se reitsje him net. Hy kriget noch mear foarsprong as de lânwachten mei it boatsje knoffelich de feart oer stekke en dan de efterfolging stake. Former flechtet efter it Heechhout lâns oer it hússteed fan 'e Swannepleats op 'e Wyldlannen yn. Sa bedarret er efter de houtmûne. De wiete klean skjirje him pynlik op it fel. Hy kin suver net mear, mar oerjaan wol er it ek net. Hy hat noch mar ien doel foar eagen, de lânwachten út 'e hannen bliuwe. Ut in tinne dize sjocht er de huzen fan 'e stêd foar him oprizen. Dêr sil er him tydlik ferskûlje kinne. As er mar ienkear út it iepen fjild wei is. By de Kweekskoalle wipt er oer it stek. Efter de hagen | |
[pagina 215]
| |
lâns draaft er it skoallehiem oer en batst dan wer troch de feart. Hy wrakselt him nei de oare kant. En wilens er noch yn it wetter is oerfalt him deselde freze as doe't er foar it each fan de lânwachten oer board pofte. Mei lijen klaut er by de glêde wal op. Noch ien stikje lân en dan stiet er foar it spoardok. Dêrefter leit de hege spoarbaan en it hûs fan de Ortskommandant. Wat him dêr ôfspilet, dêroer hat er de slimste ferhalen heard. Dat lokket him net. Dûzich, as wit er net mear wat er sil, stiet er oer de greide. Hy sjocht yn it swarte wetter fan it dok. Pas as er him skruten yn it spoardok sakje lit, fielt er hoe kâld it wetter is. Der hinget in weeë bloedlucht. Alle dagen rint der bloed út 'e goatten fan de eksportslachterij fan Foppe. Tsjûk bloed dat yn it stilsteande wetter fan it dok dript. De lucht makket him mislik. Hy rint safier at er it dok bedjipje kin. Hjir yn it bloedwetter sil er de lânwachten ófwachtsje. Elke hûn sil hjir it spoar bjuster reitsje. Midden yn it dok stiet in nust reiden. Dêr klaut er him yn. It wetter stiet him oan 'e lippen ta. Der sit in reidhinnenêst tusken de snilen. Dat lichtet er mei de hannen wat omheech en stekt de holle der ûnder, dat it him as in kamûflaazje oer it hier hinne leit. Der driuwt in fetlik flues op it wetter, dat trillet as der in karre oer de spoaroergong rattelt. It flues begjint fjurrich te blinken as Former njonken de spoarbaan de dage oan 'e loft kommen sjocht. De skittering docht him sear oan 'e eagen. Hy tinkt oan Hinke. Se sil ûnge-rêst wêze. It sjitten fan de lânwachten, de lege boat foar de wâl. Se sil in pear fûken op 'e wâl fine. Miskien rint se by de feart lâns om him te sykjen. Se sil grif tinke dat er fan 'e lânwachten deasketten is. Se sil Okky der op út stjoere him te sykjen. De hiele nacht hat se gjin wink yn 'e eagen hân. Hinke hat njonken him lein te gûlen. Dat hat er net ferneare kinnen. Syn kin klappert op it wetter. Der dûke seefûgels yn it dok op it plak dêr't Charles alle wiken wer de rotte pânse út 'e feart fisket foar syn hûngerige hûnen. No't er yn 'e lytse loege sit, komt it him allegear foar de geast. Al hoe't Hinke him ek warskôge hat, hy is it fjild yn stutsen. Se hie gelyk hân. Mar koe er altyd oan har gelyk tajaan? Tusken Nammeset en Nijhústerpiip hie er in pear doffe skoaten heard. Mar de damp hie it fjild doe al tichtset. Wa sil dan witte wêr't minsken yn it fjild binne. Hy hie net mear sjen kinnen as skoatsôfstân. Hy woe op hûs yndraaie, omdat er it net mear fertroude. Mei't er efter de Poartepleats wie en in eintsje omrinne moast om oer de hikken te kommen, trappearren se him. Trije mannen mei gewearen hie er út 'e damp kommen sjoen. Lânwachten, oan 'e jas- | |
[pagina 216]
| |
sen te sjen. Se stjoerden de hûnen op him ôf. Hy hearde it hysjen. De herder fan mynhear Zoutman en Aldert syn bouvier. Oan de hûnen hie er de lânwachten herkend. Mei ien skot yn 'e hymjende bekken hie er se kâld makke en doe de sokken der yn set. Efter him hie er noch in pear skoaten heard, mar doe wie er al te fier foar harren út dat se him noch reitsje koene. De damp hat him rêden. Dat er sa stom wie om net foar de nacht om in goed hinnekommen te sjen, dat wyt er him no. Mei de hûn oan 'e linepeal en in opskood finster yn 'e keamer hiene se har noch net deljaan doarst. Mei de klean oan hie er op 'e tekkens lein. As sjocht er no pas hoe healwiis it wie om net nei Hinke te harkjen. Mei it nêst op 'e holle kin er him mar in heal slach draaie. Syn eagen geane de baan lâns en de Feilingdyk. Tusken de Spoarbuert en de Kweekskoallehuzen sille se syn spoar bjuster rekke wêze. Miskien sykje se tusken de huzen, freegje yn 'e Paraplubuert, efter de Feilinghuzen. Miskien binne se de Betonbrêge oerstutsen en komme se fan 'e oare kant. Falle se him yn 'e rêch oan? Hy wol him omdraaie, dat er it Hantumerbrechje yn 'e gaten kriget, mar it reid stekt him yn 'e kop. Hy kin gjin kant út. Hy fertrout him net mear. As komt it gefaar hieltyd tichter by, sûnder dat er it sjen kin. In skoft letter sjocht Former se oer de Feilingdyk kommen as stadige, betochtsume meunsters. Se fytse oan 'e baan ta. Dêr stappe se ôf en rinne dan njonken it spoar it keizelpaad del nei de Hantumerdyk. Wat ha se sa lang útspoeke? De slimste gedachten komme by him boppe. At se Hinke mar mei rêst litten ha. De fytsen stuiterje op 'e stiennen. It keatling fan ien fan 'e fytsen klapt yn 'e keatlingkast. Yn it foarby gean sjogge se oer it dok. Se binne sa ticht by him dat Former bang is dat dy feninige eagen him ûntdekke sille. Se ha it sykjen noch net opjûn. At er wist dat se Hinke tenei west hiene, woe er se sa wol op 'e bealch springe. Hy sjocht harren siken as lytse wolkjes yn 'e moarnsloft kroljen. Faaks geane se nei it kantoar fan de Ortskommandant om fersterking. Of bringe se ferslach út oan Lútsen. De skytsekken. Se wurde wei efter de baan. Hieltyd binne syn gedachten by Hinke. Se sil tinke dat er dea is. Hoe moat se har rêde as er net wer nei hûs ta kin? Juster noch wie se opstânich wurden omdat der gjin rêding mear wie. Se hie him der op út ha wollen om hout en ierappels. ‘Hout, hout,’ hie er roppen. ‘Wêr moat ik yn 'e goedichheid hout wei helje. Safier ast sjen kinst is der gjin wreid, gjin sprútsel. Hie er ferline winter net alles wat mar baarne woe oer iis nei hûs ta sleept? Se hiene | |
[pagina 217]
| |
libbe as rotten, dy hiele lange winter. Sûnt wie der gjin twiich wer woeksen op 'e neakene stobben. ‘Sjoch dan om stobben,’ hie Hinke jankt. ‘Stobben, leave, dy grouwe dingen sitte as kiezzen yn 'e kake.’ ‘Gean se dan mei de aksebile te liif. Wy moatte rêding ha, oars moatte wy hjir stjerre.’ Se wie net ophâlden, as wie se de wanhoop neiby. ‘Kinst net in hikkepeal, in wrakke daamlizzer of planken út 'e beskoeide feartswâl besette? Soargje dochs dat wy jûn waarm sitte kinne.’ Se hie machtleas gûld. Hy wit wol, guon wiene dy simmers nei de Wielen gien te leikjen. Mei in hierde pream en in selsmakke leikbûgel hellen se by nacht de klyn út 'e mar en fearen der mei nei hûs. Klyn dy't se thús op in hoekje greide tusken wat planken yndroegje lieten, en dêr't se eigenhandich turf fan stutsen hiene. Hinke hie him der ek hinne ha wollen, mar Former hie himsels al sjoen op in bollepream. ‘In twadde Lútsen, seker,’ hie er tsjin Hinke sein. En dêrmei wie foar Hinke it praat ek wol sawat ophâlden. ‘Ik kin by nacht in pear battings út 'e Heabrêge roppe. Dat leit dreech. Moai droech eken, dêr krigest gluorre fan.’ Sa hie er it har foarspegele. ‘Dêr komme ûngemakken fan,’ wie se fel tsjin him útfallen. ‘Sykje dan sels fan 'e middei in pear amers domp, dan hast de lucht der ek fan.’ Hie er har dêrmei eigentlik net de gek oanstutsen? ‘Kowestront,’ hie se ferachtlik sein. Doe hie er har oanbean in grouwe hazze te sjitten. ‘Dan ha wy yn alle gefallen wat yn 'e roppert.’ ‘Mar at ik it bist net gear krije kin, wat dan?’ hie Hinke troeve. Moast er no spyt ha, dat er syn bêst net better dien hie? Gjin tel hie er wer oan branje en ierappels tocht, doe't justermiddei dat skytbleke jonkje by harres oer de keamer stie. Former hie it sjoen as in fingerwizing. It jonkje fertelde dat de wachtmeester fan Mitselwier dy middeis begroeven wurde soe. Dan binne se allegear op begraffenis, dat wie it earste wat him yn 'e kop kommen wie. Sûnder in wurd te sizzen wie er nei efteren rûn en hie it gewear út 'e skûlkast helle. Hy hie der mei yn it hok stien en troch de kier fan it hok de reed del sjoen. De kust wie feilich. Hy hie de lading kontrolearre, it gewear in pear kear iepen en tichtslein om it klikken te hearren. It slutende lûd hie him wissichheid jûn. As heart er Hinke wer praten. ‘Wat silst bewege?’ Hy hie har gelyk jaan wollen. De twastriid duorre lykwols mar koart. | |
[pagina 218]
| |
Dizze kâns wie te moai om slûpe te litten. In hiele middei allinne yn it fjild. Mei de platte hân hie er in kykgat yn it bewâlme finster wiske.’ ‘At se dy trappearje, nimme se dy mei.’ ‘Falt ta,’ hie er luchtich sein. ‘Ik rin oer Nijhústerpiip en werom oer Hantumerútbuorren.’ Se hie it noch net leauwe wollen. En doe't er oer it sleatsje stapte stie se te razen efterhûs. Mar de frijheid wie him oermânsk wurden. Hy kokhalzet fan 'e bloedlucht, dy't him mingt mei de stank fan rotsjend kroas en ferwettere reidtûgels. De fuotten ferstiivje him yn 'e kâlde drek. Stadichoan wurdt syn lichem fan 'e kjeld oermastere. As hat er gjin gefoel mear, en driuwt syn lichem sûnder gewicht yn 'e reiden. Der swimme in pear wetterrotten oer it dok. De wyn makket lichte strûsrimpels yn it tsjûke wetter. Njonken de spoarbaan begjint de loft read te kleurjen. It helske read wjerspegelt yn it wetter as bloed en fjoer. Hy trillet, sûnder noch kontrôle oer syn lichem te hawwen. Hy skoddet dat der ringen fan yn it wetter komme. Hy kin wol lipe. Foar syn gefoel sakje syn fuotten noch hieltyd djipper wei. Hy kin it kin amperoan mear boppe wetter hâlde. Hieltyd wol er besykje op 'e nij hâldfêst te finen, mar wit net hoe't er syn fuotten fersette moat. As is der gjin boaiem, as hat er gjin lichem mear en driuwt syn holle allinne noch op it wetter. De loft en de baan wurde skimich foar syn eagen. Der hinget in slimme deadslucht. De sinne stiet al boppe de baan as Dútse soldaten mei herdershûnen de baan del komme. Se laitsje om in Witz. Mei spronkjes hippe se fan byls nei byls. De hûnen blaffe. Izeren hakken ketse op it stiel fan 'e rail. De hûnen skuorre blaffend oan de riemen. Se wolle nei it dok. Ien fan de soldaten lit syn hûn troch de steile dokswâl strune. Syn blaffen klinkt oer it wetter. De bloedlucht ferrifelt it bist. In ein fierder skite de hûnen tusken de rails en blaffe om neat. It is foar syn gefoel al tsjin 'e middei, dan komt der in trein mei in pear tichte wagons. Stoomwolken fertsjusterje de sinne en slagge del yn it dok. Op dat stuit komt der ferset yn Former syn lichem. As er hjir wei sil, dan daalk. Hy moat him falle litte. Mei syn gefoelleaze skonken wrakselt er him frij út 'e reiden. Mei syn krampige earms roeit er nei de wâl en lûkt him oan 'e wrakke snilen tsjin 'e sompige wâl oan. Hy glidet in pear kear werom, mar slagget der dochs yn op it droege te kommen. Hymjend leit er yn it gers. Syn hiele lichem docht him sear. De trein fluitet skril foar de oerwei. De baan is ferlitten. Mei stive, gefoelleaze stappen stuitert Former oer it stikje lân, batst dan wer troch de feart om op | |
[pagina 219]
| |
it Kweekskoallehiem te kommen. Dêr krûpt er ûnder de lange hage lâns nei de dyk. Dan noch ien stek en hy is tusken de huzen troch. In âld wiif, dat de teetreppot leget, stoot as in gek yn 'e hûs. Wat doelleas keutelt er it fjild yn. Wêr moat er keare. Der is neat dat him yn in rjochting driuwt, yn dizze einleaze wiidte fan de Dongeradielen. Alderleafst soe er de stap der ûnder set ha nei hûs ta, want de bealch is him oan it hert ta kâld. Hy wol witte hoe't it mei Hinke is. Mar bang dat se him yn 'e fûke lokje, nimt er it wide fjild, dêr sil er de nacht ôfwachtsje. Efter in bult reid jout er him del. Hy strûpt de klean út, wriuwt him waarm mei in toppe wâlrûchte. Yn it skrale hjerstsintsje skoasket er him oant er wer wat gefoel yn syn lichem kriget. It begjint al skimerich te wurden as er op hûs yn giet. Fan 'e reed ôf sjocht er de hûn op it hiem lizzen. Hy fluitet, ropt fan Okky, mar de hûn beweecht net. Op it hiem sjocht er dat de kop fan 'e hûn yn it bloed berôle leit. Dat hat harren earste wraak west. Of is dit in warskôging. Wachtsje se no op it momint dat se him oerfalle kinne. Rûnom kinne se yn it fjild sitte. Hastich rint er om hûs hinne, sjocht alle kanten út. Dochs is er net rêstich at er yn 'e hûs stapt. Dêr fynt er Hinke, dy't as ferdôve by de tafel sit mei it hier yn ferdroege triennen oer de wangen. As sjocht se him net. As kin se it net leauwe dat er foar har stiet. ‘Ik tocht dat se dy dea makke hiene,’ skriemt se. ‘No gjin gejank, ik bin der. Ik moat skjinne klean ha.’ Se skoot de gerdinen ticht en stekt it oaljedriuwerke oan, dat der in skraal ljocht yn 'e keamer falt. Midden oer de keamer strûpt Former de klean út. Hinke brekt brutaal in pear planken út it hokssket en stookt de keamer dêrmei gleon. De kachel grânzget even as in liuw. Former stiet oer de keamer, lykas er berne is. De bloedlucht kin er net kwyt wurde. Hinke seit dat de lucht har yn 'e kiel heazet. ‘It hat myn rêding west,’ seit Former. It wurdt hyt yn 'e keamer. It swit rint by de spegel del. ‘Bist skrikkerich,’ seit Hinke. ‘At se no komme.’ It is de lêste oere dat se by elkoar binne. Foar de nacht wol er fuort wêze. ‘Wêr silst keare?’ Former lûkt oan 'e skouders. ‘Ik fyn wol plak. Ik rêd my wol.’ ‘Moatst ek bonkaarten mei ha?’ ‘Wat moat ik mei bonnen. Ik ha neat om te keapjen.’ ‘Hoe wolst dan ite?’ | |
[pagina 220]
| |
‘Op 'e skobberdebonk. Ik rêd my wol.’ Dan streaket se him oer it skeinde wang, dat blau útstrielet oant djip yn 'e hals en yn it hier op. De groede is swart fan 'e kjeld, as in deaplak. It falt noch mear op no't er neaken is. ‘Dêr ha dy frjemde lânwachten dy oan herkend. Dat wang hat dy ferret.’ Se skokke beide, sa kjel wurde se at se lûd hearre yn it hok. Yn it tsjuster fljocht Hinke oer it hiem en sjocht alle kanten út. Der is neat te bespeuren. Yn it hokssket is ien fan de planken, dy't troch Hinke har brekkerij as in snare stie, werom sprongen. It makket Former noch hastiger. As er droege klean oan hat, stapt er mei de bats bûtendoar, nimt de hûn op en bedobbet dy yn it efterhiem. De moanne komt fredich boppe de kym. Der balt in hokkeling en nachtfûgels meitsje har lûden. Hy laket at er it gewear ûnder de bûkdelling wei hellet. ‘Dat ha se oer 'e kop sjoen.’ Yn 'e keamer set er it wapen goed yn it gewearfet en bringt it yn 'e skûlkast. Hinke seit der neat fan. Se begrypt syn ferset. As ferwachtet er dat se der wer oer begjinne sil, seit er ‘Gjin sterveling dy't it hjir fynt. As wolle se it hûs ôfbrekke, dan noch net.’ Op it hiem nimme se ôfskie. Se tutet him en fertelt dat se in bern ferwachtet. En wat se fan Former nea tocht hie, hy snottert. Se moat him fuort driuwe. Mei in behindich pakje ûnder de earm jout er him ôf. As Hinke him op it moanneljochte paad nochris klaachlik neiropt wêr't er dan wol keare sil, jout er gjin útslútsel. ‘Ik sjoch wol wêr't ik kear.’ ‘Skriuwst noch?’ Mar hat it sin om soks te freegjen? Salang at se syn stal ûnderskiede kin bliuwt se stean. Ek at er al út it sicht is, mient se dat er noch wer foar har eagen opljochtet út it tsjuster. Se rint in ein de reed del, as wol se dat byld fêsthâlde. Mar se is him al kwyt. Sa lit er har yn it ûnwisse, mei de winter foar de doar. Dat yn 'e lette hjerst fan '44. |
|