43.
‘Wêr biste? Former, sis wat!’ ropt Hinke. Der is eangst yn har lûd.
Hoasfuotling stiet se yn 'e hoksdoar. Har eagen sykje oer it hiem. Hastich rint se in eintsje nei de reed. Nergens in skym te sjen. Krekt hat se him noch kocheljen heard. Dan rint se wer yn 'e hûs, ropt syn namme út it gonkje wei yn 'e keamer op. De klank dôvet yn iensume stilte. Ut 'en draaf fljocht se nei bûten, om hûs hinne. Op sokken stiet se yn it wiete gers te hymjen. Dan sjocht se him efterhûs op it soukjende plankje oer de sleat stappen.
‘Former.’
Hy sjocht om.
‘As ik it net tocht hie,’ systert se.
Wilens er noch mei ien foet op it plankje stiet en de oare mei de snút yn 'e wâlrûchte stutsen hâldt, laket er nei hâr en stekt in hân omheech.
‘Even in loopke nei De Krim,’ seit er.
‘Hoe krijst it yn 'e harsens.’
Hy knoffelt by de steile wâl op, glidet in kear tebek mar besiket it op 'e nij. De loop fan it gewear hat er as in spalk yn 'e lears stutsen. Hy manket oer it kammige stikje bou fan Sadelaar. De stoppels rattelje him ûnder de learzens. Dan rûtst de hûn oer de sleat, mar Former jaget him werom.
‘Moatst Okky thúshâlde,’ ropt er.
Hinke bliuwt yn 'e krimpe stean en eaget him nei.
‘Bist net wiis. Se sjogge it oan dyn rinnen,’ ropt se nidich.
Hat it sin dat se it seit? Hat er ea nei har harke? Hy sjocht net iens wer om. By elke stap dy't er docht, triuwt de gewearkolf him oer de rêch en stekt as in fergroeiing út 'e jas. As in ûngelokkige wjukkelt er har út it each. It lei har op 'e lea, dat dit barre soe.
Doe't it jonkje fan Brúnje oer de keamer stie en fertelde dat de wachtmeester fan 'e middei tehôf brocht wurde soe, wie Former syn gesicht opljochte en hie er it gewear út 'e skûlkast helle.
Former is al lang út it sicht, dan stiet Hinke noch yn 'e krimpe. Har eagen bliuwe op it punt dêr't se Former ferdwinen seach. Stadich wie syn gedaante efter de rûne rêch fan it hege stik bou weisakke. Op dat plak sjocht se in kâlde loft opkommen. It is altyd goed gien, sei er. Hokker warskôgings sij der ek tsjin ynbrocht hat, it hat nea holpen. It is ús brea, sei er. Wurden dy't se ôftroeve hie mei ‘It wurdt dyn dea.’
Se skoddet even fan 'e kjeld en giet yn 'e hûs. Der is in ûnrêstich gefoel