fansiden. As in snoek sa sjit se werom yn 'e keamer. Se sjocht in grutte holle efter it glês.
‘Der is ien,’ seit se kjel.
‘Fansels is dêr ien,’ seit Former ‘Koest wol in kwea gewisse ha.’
‘Wêr hast it gewear?’
‘Do moatst net sa oerstjoer.’
‘Ik bestjer it nochris om dat gewear.’
Se hearre bûtendoar grommeljen.
‘Wêr hast it?’ snaut Hinke.
Der wurdt nochris op 'e ruten slein en dan seit immen ‘De fertsjustering dooch net.’
‘Wy ha de gerdinen goed ticht,’ seit Hinke mei in teknypt lûd, en har eagen strielje eangst út.
Former kriget de stoarmlampe, stekt de brân der yn en giet nei efteren. Der ropt immen oan 'e klink fan 'e doar. Der komme hurde fuotstappen om hûs hinne. Sa't Former yn 't hok komt stiet Lútsen dêr mei Bearn Holwerda en in frjemd persoan. Alle trije yn lange swarte jassen en grutte swarte petten op 'e holle. De kleppen blinke yn it lampeljocht.
‘Jim fertsjustering doocht net,’ seit Lútsen strang.
Hinke knikt bang.
‘Dat moat dalik ynoarder, oars sille der maatregels troffen wurde,’ ferfettet Lútsen.
‘Wy ha de gerdinen oars goed ticht,’ seit Former.
‘It skynt troch,’ seit Holwerda.
‘It binne mar tinne gerdinen,’ seit Hinke as wol se har ûntskuldigje.
‘Dan dogge jim it Ijocht mar út,’ gebiedt Holwerda. ‘As it by in twadde kontrôle net ynoarder is, wurde der maatregels troffen.’
Dan docht Lútsen dryst in stap nei foaren en wiist nei de einen, dy't yn it brede skaad efter Former lizze.
‘Hoe bisto oan dy einen kommen?’
‘Dy hie 'k yn 'e fûken,’ liicht Former.
‘Ik tocht dat dy allinne foar de fisk wiene,’ seit Holwerda wantrouwich.
‘Guon tsjillings sile der út nijsgjirrigens yn en wurde kjel at it al te let is. Yn in skrikkerige opflecht reitsje se it net, en fleane har yn 'e sûs.’
‘En dat by trijen tagelyk?,’ freget Holwerda gnyskjend.
‘Twa sieten yn 'e fûken en de tredde siet yn 't kearnet.’
De mannen grommelje wat oer it ferhaal fan Former. De frjemdling pakt ien fan 'e einen op en plôket wat yn 'e fear. Der sit bluodrigens