De jacht
(1988)–Durk van der Ploeg– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 194]
| |
ljerre op. Altyd yn 'e pronk, fytst er moarns nei it haadkertier fan de Ortskommandant, dêr't er him fral dwaande hâldt mei fertaalwurk. Net dat Lútsen sa'n baas wie yn it Dúts, mar mei syn mulo en oardel jier kweek, ha se him wol safolle bybrocht, dat er ienfâldige stikjes yn it Dúts oerbringe kin. Der stiet dan wol safolle lêsberens yn, dat er dêrmei syn superieuren om en teneistenby oan it ferstân bringe kin wat der bedoeld wurdt. Hy set stikjes oer út kranten, fertaalt ferklearrings en slacht foar master op as er de tolk spilet by ferhoaren. Al hat er dan foar himsels wolris it gefoel dat hy der bargedúts fan makket, troch de deistige omgong mei Dútse soldaten, hat er it frij gau yn 'e slach. Syn direkte sjef Maurer stoarmet wolris by him troch de doar, as er yn it lytse sydkeammerke syn oersettingen sit út te tikken. Mar dy man ferdraacht as leraar Dúts gjin stommiteiten. As Lútsen him dan oan al te groffe flaters skuldich makke hat, flokt er him stiif. Lútsen ferdraacht it. Hy is al lang bliid dat er ûnder de brede wjokken fan Ferkranus wei is. Jierren hat er de meast kliemske en leffe opdrachten foar dizze man útfiere moatten. Altyd hat er him mei moaie praatsjes troch dy man brûke litten, om syn eigen takomst mar net yn 'e wei te stean. Alles hat er dien yn 'e hope dat it ienris allegear feroarje soe; dat er him los meitsje koe fan dat lytse gepiel fan in man as fiif. Grutter wie it ploechje te Dokkum noait wurden. Lútsen hie wolris in baltsje opsmiten by Groenhof fan Kollum, de kommandant fan de WA en Bânlieder Buursma fan Grins oer mear aktiviteit. Mar al syn krewearjen om mear lju yn it wurk fan de NSB te beheljen, it hie nea wat opsmiten. Oare kammeraten, lykas Holwerda, Buntenbach, Aldert de Graaf en Simme Hamersma, se hiene him altyd wat op in ôfstân hâlden. As mochten se him net en dulden se him mar amper yn 'e groep. Sûnt Ortskommandant Meckerer him frege hie foar fertaalwurk, hie Ferkranus gjin fet wer op him krige. De iennichste kear dat er miende Lútsen teplak sette te kinnen, hie Ferkranus in Kapuzinerpredigt krige fan Maurer, dat er as in sleine hûn fan it hiem fytst wie. Sûnt Lútsen dy lûs út 'e pels skodde hat, is er noch gâns aktiver wurden. Holwerda, Buntenbach, Ferkranus, it wiene allegear lytse baaskes; hannebynderkes dy't oer alles en noch wat harren azem gean litte woene. Meckerer hat him wiisd op nije taken: ynformaasje, ûndersyk en rapporten. Hy hie Lútsen op in jûn meinommen nei syn keamer en traktearre op in goed miel iten. Se hiene der in moaie jûn fan makke mei gâns schnaps, dy't Heiltsje oandroech. Maurer hie him midden yn 'e | |
[pagina 195]
| |
nacht mei de auto thúsbringe moatten. Mei lijen wie er de ljerre opkommen. Mem mar yn 'e gong stean te jammerjen, doe't er foar syn gefoel wol sân triem nei ûnderen nukte. Sûnt dy jûn sjocht er syn doel en takomst skerper en grutter. De wacht saluearet foar him. Boppedat komt er no alle jûnen mei in tas fol guod thús dat Heiltsje yn 'e koken foar him klearset. Net as lean, hat er begrepen, mar mear út sympaty en respekt. Dêr wol er folslein frijwillich syn prestaasjes tsjinoer sette. It is op in tiisdeitemoarn yn juny as Lútsen mei wat oantekens fan in preek fan dûmny Cohen by Meckerer komt. Hy hat gâns flyt op syn Dúts dien, omdat er wit dat der oan dit rapport eare te beheljen is. Hy hat der wol in pear nachten fan wekker lein en oerenlang troch de glêspanne nei de ljochte simmerloft lein te sjen. Twivele hie er. Hy hie net tsjin himsels stean wollen en syn eigen takomst woe er net ferbruie. Sil ik it oanjaan, of net? Dy fraach hie in pear dagen en nachten by him libbe. Hieltyd wer hie de twivel him besprongen. Net dat er der net fan oertsjûge wie dat dûmny Cohen oppakt wurde moast, it wie mear de hoedenens dy't er noch yn himsels oerwinne moast. Hy wist dat er Meckerer der gâns in deugd mei dwaan soe. Sa'n rapport soe er net wer ûnder eagen krije. En wat soene de kammeraten en benammen Ferkranus it smoar yn ha as er harren dit foar de fuotten wei meande. Op in moarn betiid. Der binne al ier fûgels warber ûnder de pannen. Se rattelje mei de wjukjes op it beskoaten dak. Krekt as er him tsjin 'e moarn even deljaan wol, begjinne dy kringen syn nachtrêst te steuren. It is noch mar amper in bytsje ljocht dan heart er in skipper op klompen troch de warring batsen. Kees en Iebe komme foarby mei de molkskou en raze fan 'e barte ôf oan de Brúnjes, dat se te let binne mei de molke. Kees stiet te bliksemjen yn it iere deiljocht. Mar it kin Lútsen syn gedachten net ôfhâlde fan wat dûmny Cohen sein hat oer him. Dat immen him efter in pylder fan 'e tsjerke ferskûle hâlde. De liepe joad, dêr hie er him mei bedoeld om him in slach yn 't foar te wêzen. Hie er him dêrmei net as dieder oanwiisd, sûnder dat er noch in finger nei him útstutsen hie? It hindert Lútsen dat dat hiele tsjerkfol folk sa op syn aktiviteiten attindearre is. By alles wat der no mei dûmny Cohen bart, sille se him der op oansjen. Lútsen wol, dat alles wat er docht en wat er noch fan doel is om te dwaan, ferburgen bliuwe moat. Hoe faak hat er de kâns al net hân om de man oan te jaan. Hy hie him ienkear earder trochjûn. Mear as in warskôging. Doe wie it noch mei in skamper ôfrûn. Mar dy warskôging hat net holpen. Wat er de lêste kear yn syn bêste Dúts oer Cohen op papier brocht hat, sil de genedeslach foar him wurde. Winli- | |
[pagina 196]
| |
ken is de man op elk wurd dat er seit te fangen, mar yn syn preek oer Men moet gode meer gehoorzaam zijn dan de mensen hie er it wol hiel bûnt makke, neffens Lútsen. Sa'n rapport efterhâlde, soe net strike mei de beloften dy't er Meckerer dien hat. Ik kin it ferskuorre. Ik kin it yn 'e kachel smite. Hy seit dy wurden wol tsien kear tsjin himsels, as wol er dêrmei syn frijheid fan hanneljen oan himsels bewize. De drigeminten dy't Maurer tsjin him útsprutsen hat, foar it gefal hy wat efterhâlde mocht, dat de taak fan de besetter skea docht, lige der net om. It binne dy drigeminten dy't Lútsen hieltyd foar de geast steane en by einsluten de trochslach jouwe dat er him foarnimt om mei it rapport nei Meckerer te gean. Net syn oertsjûging, net de wil, mar eangst en eargefoel winne it fan him. Hy wit dat er Meckerer gjin grutter tsjinst bewize kin as de saak trochspylje. Dy sil Hucke mei it rapport nei Gründmann te Ljouwert stjoere. Dêrwei sil dan aksje ûndernommen wurde. Dy omwei jout Lutsen in rêstich idee. It sil de oandacht fan him ôfliede, as it út Ljouwert wei regele wurdt. It is net sa dat Lútsen net in skuldgefoel hat as er Meckerer dyselde deis de papieren oerjout. Hy hâldt in ûnwis gefoel as Meckerer knikkend en glimkjend en mei sichtbere foldwaning de rigels lêst en seit dat er goed wurk levere hat. Dan is der in lêst fan him ôffallen. En as er sjocht hoe't Meckerer it rapport yn de binnenbûse fan syn unifoarm triuwt, de knopen betochtsum ticht knopet en dan fertroulik nei him knikt en seit dat it wol richtig is, komt der in befrijd gefoel by him boppe. Thús hawwe se neat yn 'e gaten, al ha se it faker as ienris oer dûmny Cohen hân. Dy sneintemoarns, doe't er him klearmakke om by dûmny Cohen nei tsjerke, hie mem noch sein dat er ek noait mear yn tsjerke kaam. ‘Ik gean nei tsjerke as ik dat wol,’ hie er sein. ‘Te Dokkum seker, nei dy frijsinnige dûmny.’ ‘Is dy man frijsinnich?’ hie Lútsen ûnnoazel frege. ‘Do witst wol better,’ sei heit. ‘Dy man ferkundiget wolris gefaarlike dingen,’ hie Lútsen doe luchtich sein. ‘Wêrom giest der dan hinne, jonge?’ frege mem. ‘Omdat it my ynteressearret wat er seit.’ ‘Do,’ krimmenearre Luertske, ‘do litst dy alhiel op it ferkearde paad bringe.’ Pas doe't de SD dûmny Cohen fiif wike letter ophelle, fielde Lútsen dat er him de haat fan de Dokkumers op 'e hals helle hie. Dy haat joech | |
[pagina 197]
| |
him de ûnwisse eangst, dat er alle mominten bedrige waard. Mar it feit dat Meckerer him persoanlike beskerming tasei en dat er keine Angst hoegde te hawwen, dêrmei fielde er him superieur oan it gefaar dat him mooglik bedrige. Hy koe de hiele stêd trochfytse, sûnder dat der ek mar immen wie dy't in hân nei him útstekke doarst. Hy wie ûnder de direkte beskerming kommen fan Oberleutnant Halunke. En dy hie de ynspekteur fan 'e plysje Pikky van Vuuren de opdracht jûn de rêst yn 'e stêd, mei it each op dizze arrestaasje, skerp yn 'e gaten te hâlden. Dêrom hat Lútsen syn eangsten noch wol. Benammen as er jûns let by nacht oer de keale Ealsumerdyk nei hûs ta fytst. As fertrout er Former net. Net dat hy der oanwizings foar hat. Former sil him ek net dalik grutte aventoeren yn 'e holle helje. Mar wis fielt Lútsen him net as er jûns de Feilinghuzen foarby is en it tsjustere ein dyk nei Ealsum ynskoot. De driging tsjinoer Hinke sil syn útwurking wol ha. Dy sil Former wol yn 'e stokken hâlde. Salang't Hinke yn 'e lytse loege sit, sil Former gjin mâle slaggen dwaan. En hy wol ek net sa lyts wêze dat er by Meckerer beskerming freget tsjin in persoanlike fijân. Dat soe ûnferbidlik liede ta de arrestaasje fan Former. En dat giet him krekt tefier. Ferkranus soe net wer yn Lútsen syn libben kommen wêze as Janke, syn dochter, net in pear moarnsskoften yn 'e wike op it haadkertier komt om de boel dêr wat skjin te hâlden. En at Janke Lútsen dêr yn 'e papierwinkel fynt, docht se it har oan tiid. Hy hat al gau foar 't ferstân dat se it op him begrepen hat. Mar salang Halunke alle kearen om Janke hinne hinget, hat Lútsen gjin azem jûn. Hy wol alles leaver as it mei Halunke oan 'e stôk ha. Se beklaget har lykwols by Lútsen oer de Oberleutnant, dy't se net snuven hearre kin. Lútsen gedraacht him neutraal en steurt him fierder net oan Janke. Dat giet krekt salang oant Halunke Janke net mear fan 'e hûd bliuwe kin en Janke him mei de flakke hân yn it gesicht slacht. In tafriel dat Lútsen troch de glêzen skodoarren achtslaan kin. Dêrop stevent Janke nei de keamer fan de Ortskommandant en docht dêr har beklach oer Halunke syn oankomsten. Fan dat stuit ôf is Lútsen wakker iens mei it fanke en kin Halunke him wol sjitte. De earste kear dat Lútsen by Janke oan hûs komt, is it suver in op 'e nij yn 'e kunde kommen. Ferkranus syn hâlding is oars, omdat er wit dat Lútsen ynfloed wûn hat en by de Dútse autoriteiten in streekje foar hat. De man dêr't er yn 'e grûn fan syn hert in hate tsjin hie, komt him temjitte as wie er syn gelikense. As de boargemaster fan Eastdongeradiel op in jûn by Ferkranus op besite is en Lútsen dat selskip moetet, is Lútsen der wakker fergulde mei dat de boargemaster him freget wat tafer- | |
[pagina 198]
| |
sicht te hâlden op de wize wêrop der yn syn wenplak útfiering jûn wurdt oan de kollekte foar de Winterhelp. |
|