Former giet by de tafel stean en sjocht om him hinne as siket er wat. Dan seit er sa lûd dat Hinke der kjel fan wurdt ‘Dêr sit dat lider fan in Lútsen efter.’
‘Hoe witsto dat?’
‘Dy siet alle sneinen by him ûnder it gehoar en skreau alles op wat him net noaske en wêrfan't er wist dat it tsjin de moffen gyng.’
‘Do witst net dat Lútsen it dien hat,’ jammert Hinke.
‘Der is mar ien dy't it dien ha kin.’
‘Bemuoi dy der net mei,’ smeket se. ‘Ast Lútsen tsjin dy krigest, silst it altyd ferlieze moatte.’
‘Der net mei bemuoie? Moatte wy dan oer ús hinne wâdzje litte? Jierren lyn, ik wenne doe noch op it Heech, hie er it al op Cohen begrepen. Hy koe it net ferneare dat dy man as anti-militarist de minsken oprôp ta tsjinstwegering, doe't er te Dokkum spriek foar Tsjerke en Frede. Doe ha se de man fjirtsjin dagen te Ljouwert opsluten, omdat er foar syn miening útkaam.’
‘Do witst net oft Lútsen Cohen ferret hat.’
‘Wa oars?’
‘Wy witte it net.’
‘Wa siet alle sneinen from by him yn tsjerke efter de efterste pylder. Dat kin hiel Dokkum dy wol fertelle. De Judas. Lútsen hat oars noch noait doel hân om foarút te kommen as oer de rêch fan in oar. By de moffen moat er him wier meitsje as hantlanger. Dizze joad wie it offer dêr't er him mei wiermeitsje koe.’
‘Moatst it bewize kinne. En al soe it sa wêze, wat wolst dan?’
‘As ik dat suzjet yn 'e fingers krij kniip ik him dea.’
‘Moatst dy net sa opwine.’
‘Dat doch ik al. Unskuldige en goedwollende minsken oan 'e fijân útleverje. As ik him op in jûn by de feart lâns kommen sjoch, triuw ik him krekt salang mei de harsens ûnder wetter oant er blau is. Dan sille wy ris wer sjen. Want yn wêzen is 't in bange skiter, in nyt, dy't nearne foar stiet.’
‘Do rinst net op him,’ warskôget Hinke. ‘Do silst it altyd ferlieze moatte.’
‘It kin my neat skele. Dat naasje fan de NSB begjint my de strôt út te hingjen.’
De hiele middei hat Former yn 't hok omslein. Soms stie er skoften oan 'e feart, siet yn 'e skou. Eaze it wetter der oan 'e lêste drip út. Hinke folge syn gongen. Hy wie ûnrêstich.