Eeltsje swaait mei De Standaard en seit dat er yn syn miening stipe wurdt troch Colijn. En dan tsjin Willem Idsardi ‘En do, do as Colijnman, datsto sa'n hâlding goedprate kinst. Wy binne stjoerleas oerlevere oan Hitler en syn trawanten.’
‘Us regearing sit feilich yn Londen,’ seit Willem. ‘Dan binne ús belangen dêr ek feilich.’
‘En dizze jonges dan?’ falt Eeltsje tsjin him út, en dêrby wiist er op Aant en Yke, ‘Hiene se net as earste opdracht de kroan te beskermjen? Dêr ha jim as BVL-mannen altyd de mûle fan fol hân. Wêr hawwe se no dan foar fochten? Al fier foardat ús leger de striid oerjûn hie, wiene se de grutte dobbe oerstutsen.’
‘Yn '18 ha wy de kroan beskerme. Dit giet om lânsbelang. De kroan is feilich.’
‘It giet harren om eigen hachje,’ byt Eeltsje feninich fan him ôf.
De striid driget noch even heech op te lôgjen as Hylke Gardenier it ferlossende wurd sprekke wol en it opnimt foar de keninginne en Colijn. Hy seit dat er him skoan yntinke kin dat Colijn teloarsteld is, mar hy sjocht foar it regear en it keninklik hûs gjin oare útwei.
‘Praat fan neat,’ wurdt der roppen. ‘Jim sparje de koal en de geit. Grutlju de hân boppe de holle hâlde. Kleare moaipraterij.’
‘Autoriteiten yn 'e kont krûpe,’ ropt Jabik Leegstra. Oars altyd sa'n dimmen Oranjeklant, mar no dúdlik teloarsteld. ‘Dêr ha wy as Lânstoarmers ús jierren lang mei it folste betrouwen foar ynset.’
‘Sa jouwe wy de soasjalisten alle troeven yn 'e hannen,’ seit Eeltsje.
De measten ha, nei alles wat der bard is, gjin nocht oan tsierderij en jouwe har ôf. Willem Idsardi, Eeltsje Lap en Jabik Leegstra bliuwe om it skeel fierder út te fjochtsjen. Willem ferwyt Eeltsje dat er him nea oansluten hat by de BVL en dat er dan ek gjin rjocht fan praten hat.
Dat sjit Eeltsje yn 't ferkearde kielsgat. ‘De Lânstoarm, dat ha wy sjoen wat dêrfan telâne kommen is. En ha jim noch gjin ôflear hân mei jim Lútsen?’
‘Dat giet bûten de BVL om. En de jonge hat syn straf hân.’
Op dat stuit komt plysje Veldstra der by. Eeltsje lêst him de miening fan Colijn yn De Standaard foar en freget Veldstra wat dy der fan tinkt. Plysje Veldstra, fan wa't oannommen wurde mocht, dat er yn alle gefallen fan amtswegen earbied ha soe foar it keninklik hûs, hellet yn ien kear in streek troch de rekken as er seit ‘Us keninginne is der útnaaid en it soe sonde wêze fan 'e sinten om har werom te heljen.’
‘Dat is kleare anargy,’ ropt Willem Idsardi. ‘En dat foar in plysjeman yn