37.
De mobilisaasje leit Former gjin wynaaien. Want al bliuwt de wyn yn 'e ferkearde hoeke en binne de ielfangsten skraal, der komt in oplibjen. Meidat de Steat fan Oarloch ôfkundige waard, binne der bûtendyks rûnom minefjilden lein. Der is gjin bûtenfisker mear dy't it yn 'e plasse kriget en gean de see op. Fangefolgen dat de snoekbears rottekrûd djoer wurdt. Dy hjerstmis set Former him op it bearsfiskjen. Trijeris fisket er in perk steand want. Rotwurk, dat wol. Mei steand want is 't in heikerwei om dy skerpe fisk út 'e mesken te krijen. Guon moatte der út snijd wurde. Mar it smyt goed jild op en der is snoekbears by de rûs. Hy moat der wolris wat fierder om fan hûs, nei de djippe gatten by it Ja-gine-set en Berchhuzen. Op dy stekkerige grûn, dêr wol it it bêste.
It is al in moai ein yn desimber op as Keizer fan Nes in pear tûzen izermantsjes op 'e Tsien Geboaden op 'e wâl smyt. Mei de hantsjettel sleept Hinke se yn 't hok en loeget se kreas tsjin it sket. Se hie de turf ek wol op 'e pof krije kind, mar dat hat se noait wollen.
‘Do hast kredyt,’ sei Wytze.
‘Net earder as ik it jild op 'e fingerseinen ha.’
De snoekbears skuort harren der troch. Fan Sibe Sadelaar keapje se