Jouswier, Berchhuzen, Bollingwier, de Flieterpen. Net dat er dêr mear oanhing fynt, mar de lju behannelje him as in frjemd. Omdat er foar sokke lopen lang ûnderweis is, giet er al yntiids fuort. Soms op 'e neidei al. Net dat it allegearre folle opsmyt, mar it is syn iver, syn lulkens en it stribjen om wat te berikken, dat him sa fûl makket. Dêrmei wurdt er ek dryster en jout er him soms ier yn 'e middei al fan hûs. As dat in skoft goed giet, set er moarns al ôf, sadree't er werom komt fan it stimpeljen. Lútsen giet der fan út dat nimmen der erch yn hat dat hy dêr op dy efterôfplakjes de ideeën fan syn partij ferkundiget. Sa komt er yn 'e Dokkumer Wâlden, de Halepaden lâns, Twizelerheide, Koatstermûne, ja, de hiele felekant del, yn 'e hope dat nimmen der erch yn hat dat er as wurkleaze steuntrekker troch de mesken fan 'e wet krûpt.
Mar it rint speak. De ferklikker sliept net. Immen dy't Lútsen ken út it Bûtenfjild, en mei alle akkefytsjes fan Lútsen op 'e hichte is, praat syn mûle foarby.
It is op in middei, dat der in kontroleur by Willem en Luertske oan 'e doar komt. Lútsen is net thús. De âldelju moatte opbychte. De hearen wolle witte wêr't er hinne is en wat er by d' ein hat. De âlden lûke wat twivelriedich oan 'e skouders, mar wurde krekt salang útkloarke oant se troch de koer falle. De autoriteiten nimme maatregels. Lútsen moat de stimpelkaart fanwegen steunfraude op it gemeentehûs ynleverje. At er fan dy reis thúskomt seit er wrang laitsjend ‘No binne jimme de steun fan in strafte kwyt.’
‘En dat mei de winter foar de doar,’ seit Willem.
‘Dat alle ûnheil ús treffe moat,’ klaget Luertske.
‘Mar der is ommers wurk by de rûs,’ seit Willem. ‘De kranten steane fol advertinsjes. Elk hat folk nedich, no't de mobilisaasje safolle wurkkrêften opeasket.’
‘Se wolle my net ha. Wa siket no in wurkleaze eks-detinearre NSB'er, dy't syn steun fanwege fraude kwyt rekke is?’
Lútsen lit it der net by sitte. Noch dyselde jûns giet er nei Dokkum en set by Ferkranus nidich de tomme op 'e skille. Dy ûntfangt him hertlik yn 'e keamer, dêr't it plús him ûnder de soallen fearret. Dêr docht er syn beklach oer de maatregels dy't de oerheid tsjin him troffen hat. Hy fynt stipe. Ferkranus seit dat er him alhiel fine kin yn it stânpunt dat Lútsen ynnimt.
‘Mar,’ seit Ferkranus, ‘do wurkest op provyzje. Der is no neat mear dat dy behindert hiele dagen op 'en paad te gean. Mei in lytse ferheging fan dyn provyzje, moatst in deihier fertsjinje kinne. Boppedien sille dyn