ten. De mollen wiene begjin maart, fierste ier al jachtich en bûnt.
Nea earder hat Former op foarneiel fiske, mar hy hat se te Dokkum wol lizzen sjoen by Barkmeijer. Pinkieltsjes mei snilesturten. ‘Fintylslang,’ sei Karel Jousma spottend. Der komme him in pear driuwpôlen temjitte. Dêr wol foarn graach by ferkeare. Mei de hân wisket hy foarsichtich in gat yn it kikkertsflach. Troch it wetter kin er de boaiem sjen. Op in pear plakken is wat kût ôfset op it bearzeblêd. Dêr set Former syn fûken nei by de wâl lâns, sa slop dat se as walen yn it wetter hingje. Mei in deimannich kin er se dan oerbringe nei de Smelier fan Jagtlust en it Berchhuzen-set. Noch leaver soe er se nei it Jagine-set bringe, mar dat is him te fier, om der alle dagen hinne om dy pystige iel te fandeljen. It is miskien in stikje wâl fan hûndert meter, dêr't er de fûken stean hat. Wat út 'e westewyn en beskûle efter de reidkraach. In bealch fol wurk foar miskien in flutske iel. Mar salang't it noch te ier is foar de skiere simmeriel út it Jellegat, sit der net oars op.
Hy boomket stadich op nei hûs. Ropt wat tsjin it folk dat yn it fjild oan 't wurk is. Hy is al hast wer thús, dan sjocht er hjir en dêr grutte stikken papier yn 'e feart driuwen. Foar hûs lizze ek guon, dy't efter de ielkear heakjen bleaun binne. Mei de kloet hellet Former de stikken binnen board. Volk en Vaderland stiet der mei grutte letters op. Hy begrypt it dalik, dat it de kranten fan Lútsen wêze moatte. Of hy hat mei de saak brutsen en de kranten yn 'e feart nukt, of hy is by nacht mei de brot yn 'e feart fytst en hat syn hannel ferspile. It kin fan oars gjinien wêze. Aldert de Graaf is fûl genôch, mar dy sil him net oan krantesuteljen besûndigje. Der is de measte kâns op dat Lútsen sa it smoar yn krigen hat, omdat er oeral nee ferkeapet, dat er it spul yn 'e feart nukt hat. Elk wit langer hoe't er thús om kettermintet. De hiele buorren kin it wol hearre hoe't Lútsen syn lopen ferrinne.
Former fart noch in eintsje troch, it hûs foarby. By de Heabrêge binne protten kranten yn 'e swaaikûm fan 'e feart hingjen bleaun. Former fisket se allegear út it wetter en nimt se mei nei hûs.
‘Wat silst dêr mei?’ freget Hinke.
‘Dêr wol ik mei nei Lútsen.’
‘Mei hokker doel?’ ynformearret Hinke strang.
‘Ik wol him freegje, oft er de lju no de kranten oer de feart besoarget. As ik se net opkeard hie, hiene se no al oan it earste set ta west. Ik ha wol tritich út it wetter fiske.’
‘Dat dochst net. At dy jonge krantesutelje wol, dan moat er dat sels witte. Dêr hoechst do dy net mei te bemuoien.’