foar fjochtsje. As ik wat berikke wol moat ik myn bêst dwaan. Sa net, ha ik dan wat oars? Is der wurk foar my?’
‘Wiest mar op skoalle bleaun, dan hiest no master west.’
‘Master sûnder learlingen. Tocht mem dat se my foar de klas ha woene?’
‘Mar hiest dan dat oare oanbod fan mynhear Ferkranus net better oannimme kinnen, doe't er dy lêstendeis frege om stoker te wurden op it fabryk?’
‘Ik dêr as in turk yn 'e kooks omslaan. Soe ik dêr ien stap fierder kommen wêze? Dy't omheech wol, moat wat weagje. It aventoer leit yn 'e polityk. Mar as it sa trochgiet kin Ferkranus deafalle. Foar myn part fergasset er yn syn Stedsgasfabryk.’
‘Fij Lútsen, sok praat,’ bestraft Luertske him.
Mar Lútsen is dwers troch alles hinne en winsket alle kammeraten it slimste ta, wat er op dat stuit mar betinke kin. Willem en Luertske besauwe har oer it praat dat harren jonge út 'e mûle komt, mar hâlde har wyslik stil.
‘Earst wiest sa moedich,’ besiket Luertske him wat op te beuren.
‘Doe wie it nij. Ik moast wat oanpakke. In wil toane, sei dat loeder fan in Buntenbach. Der lei in taak foar my, sei de Fetkanus. Ik kin no wol begripe dat se om my sieten te springen.’
‘Hâld der mei op. Wat dochst by dy rommel,’ fûtert Willem.
‘Wat moat ik dan? Elk kin wurk krije. As ik kom is it ivich en altyd op en wei. Do hast sitten, sizze se dan. Dat sille de minsken yn der ivichheid net wer ferjitte.’
‘Mei dyn krantsjerinderij rinst aanst tsjin 'e lampe mei dyn wurkleaze-útkearing.’
‘Utkearing? Neamt heit dat in útkearing. It is in godsskandaal. Buskefleis, rânzige margarine en bargeriezel. En dat neame se steun aan gestraften in natura. Dêr meie wy tankjewol foar sizze. Dêr moatte wy tankber foar wêze. Dy't hjir ienris mei Justysje oan 'e stôk hân hat, rekket der nea wer ûnder wei. Ik ha sitten. Ik ha myn straf hân. Mar dan falst wol foar altyd ûnder de steun aan gestraften.’
‘Ek dat rekkest aanst kwyt ast net better op dyn tellen past.’
‘Genedebrea. Foar de steat bliuw ik in strafte, foar de maatskippij in misdiediger.’
‘Ik ha dy warskôge út goederbêst,’ seit Willem.
‘Heit wol my fan de beweging ôfhâlde. Jim skamje jim der foar dat ik dêr by bin.’
‘Do makkest dy sels te skande. Der is ommers gjin minske dat dy krants-