bombardeminten komme mochten. Soms midden yn 'e nacht, waarden se it fabryk útdreaun de kelders yn. Legers fabryksfolk, sa út de gleone fabrykshallen wei. Memmen mei bern, noch djip yn 'e sliep. Roppen en gûlen. It wie in foarteken dat hjir al oan ta kommen is. Der sille oare tiden komme. Hat Ferkranus dat ek net sein?
De oare deis. De earste stappen bûten de poarte. Der falt in doar efter him ticht. Foar him leit de stêd yn in glâns fan sinneljocht. Auto's en bakfytsen, karren, hynder en weinen, fytsers, it lûkt allegear oan syn each foarby. Hy stiet dêr mei syn kofferke yn 'e hân op 'e brêge. Hy laket. Wat ûnwis rint er it Blokhúsplein op, net wittend hokker kant er út sil. Hy moat wenne oan de frijheid. Earst wol er de stêd yn. Earne op in terras yn 'e maitiidssinne sitte. Hy is it net iens mei himsels. Thús sitte se te wachtsjen. Hy wol him net fan plichten liede litte. It is myn frijheid, seit er beret en stapt it Switsers Waltsje op. Dan troch de Piperstrjitte. Allegear sjogge se nei him, mar hy giet gjin eagen út 'e wei. Strang sjocht er de wrâld yn, lykas er him op 'e spegel oefene hat.
Oan 'e Nijstêd bedarret er yn Bellevue. Drinkt in glês bier en swalket dan wat doelleas troch de stêd. As sjocht er der tsjinoan om nei hûs. Hjir is elk frjemd foar him. It is al tsjin 'e middei as er yn 'e rjochting fan de feemerk rint. De earste de bêste bus nei Dokkum sil sines wêze. Amper is er oan 'e halte ta, dan sjocht er Sake Rekker stean, mei wa't er yn it Bûtenfjild arbeide hat. It skokt troch him hinne. Hy is bang foar Sake syn grutte bek. Dy hie it hiele Bûtenfjild oer raasd dat er op 'e Burgumer Mar mei de bok nei de plûmpert gien is. Sake hie sein dat er in griemer wie. Sake stiet breedút by de halte, mei de bats ûnder de earm, lykas er him destiids by de keet stean seach. Lútsen draait him om en rint de stêd wer yn. Foar de Keizerskroan bliuwt er even stean, as betinkt er him. Fernedere rint er de Prins Hindrikstrjitte yn. It makket ommers neat út, wêr't er ek ynstapt, hy sil Sake oeral treffe. Dochs wol er gjin belies jaan. Net flechtsje foar de minsken. Hat er him dat net altyd foarhâlden? Op it Saailân giet er by de halte stean. It duorret hast in kertier eardat de bus der is. Hy bliuwt him nei oan 'e teannen stean. Lútsen herkent de sjauffeur. Wybren van der Meij. Mei de slinger swaait er de doar foar him iepen.
‘Kom Lútsen, ek wer nei hûs?’ freget Wybren.
Lútsen ferstivet. Hy skoddet de holle ûnwillich.
Wybren laket ‘Wolst net mei?’
Lútsen stiet dêr as is er oan 'e grûn lime. Mei de slinger hellet Wybren de doar ticht en ropt ‘Sels witte.’