‘Mar wêrom hiesto dan yn 'e goedichheid de skoattel op 'e doar?’
De lampe sûzet. Hinke skroeft de pit op. Dan sjocht se dat it Anders is. Former noeget de man by de tafel. It is al jierren lyn dat Hinke him sjoen hat. Froeger kaam er alle wiken in pear kear foarby de Wylp.
‘Jo hjir?’, seit se mei ferwûndering yn har lûd.
‘Ju wie bang foar my,’ seit Anders en hy laket mei syn oardel tosk bleat.
‘Ik hie jo fan 't hjerst nochris in mieltsje fisk bringe wollen. Der sit soms moaie blei en wytfisk yn 'e fûken.’
‘Hoechst net te dwaan. Ik jou neat om fisk,’ seit er koart.
Hinke besjocht syn ûnbidige hannen, dêr't de grouwe, reade fingers fan út 'e katsjes stekke.
Hy hat al in moai skoft sitten as Former him freget wat it boadskip is. Dan kin Anders ynienen net mear sa goed út 'e wurden komme.
Hinke sjocht mei ôfkear nei dy ûnhuere âld kearel. It iennichste wat yn syn gesicht blinkt binne de trienjende eachjes, dy't him stekke fan 'e kjeld. De grutte, swarte bearemûts makket him ta in spoek. Hinke makket kofje en Former ynformearret nochris nei it boadskip dat er hat.
Anders syn gesicht feroaret. As wurdt hy op in ferantwurding ferge.
‘Dat is te sizzen,’ seit er betochtsum, as moat er tiid winne. ‘Ik moat dy wat meidiele.’
‘Gjin swierrichheden wol?’
Anders wiuwt mei de hân. Der komt in fyn glimke om syn mûle, as wol er in ferrassing bringe.
Dan seit er, en dêrby leit er Former in hân op it skouder ‘Do en ik, wy binne famylje.’
‘Soa?’ seit Former sabeare ferbaasd.
‘In oeromke? In efterneef?’ ynformearret Hinke.
‘Nee, nee. Neier. Gâns neier,’ seit Anders suver optein.
‘Ut 'e famylje fan 'e Bloemkampen dan?’
Hy laket heimsinnich en skodhollet, as wol er harren al riedend yn 'e spanning hâlde.
‘Ik tink dat jo mis binne,’ seit Former. ‘Us mem hie mar ien suster en twa bruorren. Fierder ha ik gjin famylje, dy't fan jo âldens wêze kin. Jo sille grif in ferkearden foar ha.’
‘Nee, wrachtsjes net,’ seit Anders mei oertsjûging.
‘Miskien binne jo wol in oantroude omke fan myn mem. Der moatte noch al in pear fan dy hossels wêze, mar net ien dy't wit wêr't se keard binne.