‘Dan tinkst oan gjin risiko. Dy jonge wie gewoan dwers troch alles hinne doe't er op my skeat.’
‘Omdatst him narre hast.’
‘It wie gjin ûngemak of roekeleaze ûnfoarsichtigens, dêr't de rjochter letter op oan woe. Mar goed dat dy man der net efter kommen is, datsto der tusken sietst. Ek mar goed dat der gjin sliepende hûnen wekker makke binne. Lútsen is ûnberekkenber. Wa wit wat er him letter nochris yn 'e holle hellet.’
‘Dit is foar Lútsen in ôflear,’ seit Hinke.
‘Witst noait wat sokke lju har hjir yn 'e kop helje. It measte kwea wurdt hjir bewoartele.’
‘Dan bisto noait wer feilich,’ seit Hinke bang.
‘Miskien,’ seit Former. ‘Mar dêr kin ik net altyd oer yn noed sitte.’
‘Hiest der dy jûns net hinnegean moatten.’
‘Efternei praten.’
‘Hiest werom gean moatten.’
‘Foar sa'n ûnferstân?’
‘Wêrom hast him dan útdage? Wêrom bist net werom gien troch de hage en nei hús gien?’
‘Omdat ik net bang bin foar Lútsen. Ik kin sa'n ûnderkrûper net daaie. Fral at se it dan ek noch foarkomme litte wolle dat se it bêste foar ha mei it faderlân, lykas al dy Befél-mantsjes. Se bûge as knipmessen foar Colijn, Dumaer van Twist en de hiele plutokratyske klyk. Se sjitte om lauwerkrânsen dy't kommissaris Van Harinxma, de keninginne en boar-gemaster Sytsma beskikber stelle. Ien en al pommeranten, dy't har fan it sjittende fuotfolk ferhearlikje litte. At se mar krûpe en bûge.’
‘Moatst dy net lulk meitsje en myn dei bedjerre.’
‘Krûpers en flaaiers kin 'k net ferneare. Se hâlde minsken oan 'e macht, dy't de macht net wurdich binne.’
‘Sa kin 't wol wer. Do moatst neat fan dat spul ha, dêr kin 'k yn komme. Mar datst it alle kearen wer sizze moatst om oaren op stang te jeien, dat begryp ik net. Heit ek. Dy earme siel hat oars noait witten as dat er Anti-Revolúsjonêr is, mar Former moat him syn ideeën breed útmjitte.’
‘Dat docht dyn heit dochs ek fan sines?’
‘Moatst in âld man net hurd falle, stiet der yn 'e bibel.’
Se dangelje in pear kear oer de Keizersgrêft. Swijend, want der is mei dat bekfjochtsjen wat wjeraksel tusken harren groeid.
At se foar de brede poarte fan de finzenis stean, seit Former ‘Miskien