Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

30.

In brief, dat wie de earste gedachte dy't Luertske troch de holle spile, doe't se de post de reed opkommen seach. Alle dagen sit se skoften foar it finster, om te sjen oft Harke Zandstra der al oankomt. Meastentiids ûntkomt er har dan noch en sjocht se him al op 'e reed nei Barwegen, of op it paad nei de Earmhúspleats. Alle kearen wer in teloarstelling. Moarns wurdt se der mei wekker. De jonge. Hoe sil er it meitsje? Begrutsjen, fertriet, skamte; it knoeit harren beide. Alle dagen wer, sjocht se út nei berjocht. Mar it bliuwt sa lang stil. Net iens in kaart of in aansicht as libbensteken.

Se hie de karrider in pakje meijûn foar de Dokkumer boat. Dy soene it ôfjaan oan 'e poarte fan it Hûs fan Bewaring. Willem hie it goed mei Skaafsma ferpraat. De man woe harren yn alles tewille wêze. Yn harren earmoede hiene se harsels fan alles út 'e mûle sparre. Willem hie nei de slachter west om buskes fleis. It wie allinne foar de wurkleazen. Willem hie it Gjerrit slachter útlein. Hy hie twa bussen fleis meikrige. In bus Deensk fleis fan Zwanenberg, dat út Dútslân kaam en earst ornearre wie foar Spanje. Mar omdat it polityk mislearre, mochten de Nederlânske wurkleazen har der sêd oan ite. En in grutte bus Argentynsk fleis fan Zadelhoff. Dat hie se mei wat repen, in pear woarsten, in stikje spek en in fleske krusensâlt yn in pakje treaun. It woech der yn, mar it wie foar de jonge. Taal noch teken hiene se der op heard. Se hie Willem noch op in moarn nei Skaafsma stjoerd om te freegjen oft it te Ljouwert wol oan 'e poarte ôfjûn wie. It wie besoarge. Luertske wie erchtinkend wurden. Se wie tsjin Willem opspat ‘It sil wol nei de hege hearen gien wêze.’

Willem hie har útlake. ‘Tochtst dat dy lju dat frette wolle?’ Fleis dat ornearre wie foar de slachtoffers fan de Spaanske boargeroarloch en wurkleazen. Fleis foar it útskot fan 'e wrâld.’

Luertske wie nidich wurden. ‘Ha wy dan de jonge in pakje stjoerd mei

[pagina 148]
[p. 148]

guod dat foar it útskot bestimd wie? Wy ha it út ús eigen mûle sparre. Twa grutte bussen fan it skoanderste fleis. Ik hie dy net om brol útstjoerd.’

‘Fanke, dat spul hat hiel Europa al troch west. En dy Argentynske bollen sille ek wol sa taai west ha as hier.’

‘Asto dat dan wol witst, dan hiene wy dit net stjoere moatten. Hie dan kowelapen, bargeguod en longstâle helle, dan hie de jonge teminsten wat yn 'e roppert krige. No ha wy him miskien bliid makke mei in deade mosk. En de jonge seach der al sa min út. Net te leauwen, hoe't dy jonge yn in pear moanne tiid ôfklaaid is. It hat altyd al in stek yn 'e bûse west. En dêr yn it Bûtenfjild ha se der alhiel in bonkerak fan makke. Mar doe wie er sûn. Der siet kleur yn 'e wangen. Hy kaam alle dagen yn 'e frisse lucht. Ik sjoch him hieltyd wer foar my, sa bleek en hol om 'e holle. Hy woe it net wêze, mar hy wie sa ûnwennich as in kat. Hy past him net oan, sei de direkteur. Alles ferberget er foar ús. Uterlik liket er wol fleurich, mar inerlik lit er. Wat wiene wy bliid, doe't wy him krigen as in bern fan ús âlderdom. Gelokkich dat wy doe net witten ha wat ús noch mei him boppe de holle hinge. Wy moatte it oannimme. Wy moatte hoopje op better tiden. It sil net sa bliuwe. As er takom maitiid thús komt. Ik bin sa bliid dat er yn 'e maitiid frij komt. As alles yn 'e bloei rekket en de natuer him wer ûntjout.’

‘Sit mar net oer dat fleis yn. Dat hat de jonge al lang op. Hy hat jonge, sûne tosken. Immen dy't hûnger hat, dy yt it wol.’

‘Hoe soe dy jonge dêr no hûnger ha. Do praatst sa lichtfeardich. As soest gjin hart foar de jonge ha.’

Willem eaget it finster út ‘De post giet ús foarby.’

‘De jonge skriuwt net mear. Wy hearre neat mear fan him. Miskien is er wol net goed.’

‘Moatst net altyd sa yn noed sitte oer him. Hy komt dêr net om. It is slim genôch, dat er op sa'n manier ûnder de pannen is, mar dêr kinne wy neat oan feroarje. Wy moatte likegoed geduld dwaan as hy. Takom maitiid komt er wer thús. Dan sil er even in pear minne wiken krije. Dan binne de lju der oan wend. Soks ferjit sa gau.’

‘Litst him dan wer nei dat ferflokte Bûtenfjild gean?’

‘Wat moatte wy oars, fanke? As de ynstânsjes it wolle, ha wy neat yn te bringen.’

‘Dat er foar ús nei it gemeentehûs moast om wurkleazetekkens. Dat er dy fernedering foar ús drage moast, dat hat my letter slim om him begrutte. Ik kin wol gûle as ik dêr noch oan tink. Stel dat er doe mei sa'n

[pagina 149]
[p. 149]

skimmelgrize tekken thús kommen wie. Ik hie it ding foar gjin noch safolle oan 'e line hawwe doarst. En dy jonge moast der op it gemeentehûs nei freegje. Wilens elk it hearre koe. Wilens elks each der oer gyng. Al dat stimpeldersfolk efter him op 'e rêch te gowen. It sikterijfolk mar gnuve. Ik moat der net oan tinke, dat er doe mei in grize tekken ûnder de bagaazjesnaren thús kommen wie. Alle skande fan ús earmoede en ûnfermogen ha wy op dizze jonge oanrinne litten. En it binne ek noch tekkens fan neat, ha 'k fan Jaartsje wol heard. Dy seach se by Klaas Brún oan 'e line. Der sit gjin waarmte oan. Kinst Dokkum der wol trochhinne lizzen sjen.’

‘As er him strak mar net wer by dy lju fan de NSB bejout.’

‘Miskien is it ús skuld wol, dat er dêr hinne gien is.’

‘Jonge ja, dat sille wy ús ek noch op 'e nekke helje moatte.’

‘Us Lútsen mei net gelokkich wurde,’ fersuchtet Luertske. ‘Op 'e skoalle is it al begûn. Hy koe it net bankje. Der wie gjin takomst as ûnderwizer. De fellebleaterij, dat hat him de dea dien. In jonge mei safolle ferstân. Alles pakte er oan wat er mar krije koe. Tink ris oan dy nacht doe't er as in fersûpte kat foar my stie en syn skip yn it needwaar fergien wie. Wat ha wy in noedlike tiid hân, doe't er yn Dútslân ferkearde en wy faak net iens wisten wêr't er úthinge. As in skarminkel kaam er wer thús. Oeral leit it ûngemak op syn paad. Is it dan frjemd, dat de jonge him oeral oan fêst besiket te klampen om ek mar in bytsje hâldfêst te krijen? Dy lju fan de NSB litte him net slûpe. Dy hâlde oan as storein. Wy moatte him net te hurd falle, Willem. It is ús jonge. It is ús bern. Der is neat op ierde dat ús neier stiet en ús mear eigen is as dizze jonge. Salang't it ús goed giet, moat it him ek goed gean.’

‘Mar dy misstap fan syn oansluting by de NSB, dêrfoar moatte wy him warskôgje. Wy meie gjin reden sykje om alles wat er docht te rjochtfeardigjen út de feiten. It is in minne tiid. Mar dat is it foar ús allegear.’

‘Do hiest grut boer wêze kind, ast mar wat better op dyn tellen past hiest.’

‘Do witst hoe't de tritiger jierren ús knoeid ha.’

‘Mar do woest net earder opjaan, as doe't it al te let wie. Do woest grut wêze en sweeslaan. In oar sjen litte dat by ús alles koe. Do hiest op 'e tiid dat lytse spultsje fan Harm van der Bij keapje moatten, lykas heit sa faak tsjin dy sein hat.’

‘Jimme heit, dy wist alles better.’

‘Dy koe teminsten boer bliuwe. Do net. Nee, it breed hingje litte, en mar swetse en sweare. Do rekkest folslein yn 'e nederklits en dêryn hast

[pagina 150]
[p. 150]

ús meisleept.’ Se himet en hoasset fan kleare lulkens.

‘En dat hasto nea ferneare kind. Oars soest ek net in Holwerda wêze. Idel en heechhertich, mei it fel strak oer de noas.’

Se driigje rûzje te krijen. Willem giet krekt op 'e tiid de doar út. Jan Bolhuis smyt de bûthúsdoar iepen, dat de stâlwalm nei bûten slacht. It is gnobkâld.

‘De post hat it wer ris fan ús wûn,’ seit Willem opluchte. Hy wit dat dit ritueel him alle moarnen herhelje sil. Alle kearen as de post harren doar foarby giet, sil hy it ûntjilde moatte. De jonge, de jonge, de jonge. Al wat dy tekoart komt sil se op him ferhelje.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken