de Ie. De feart leit yn in doffe spegeling. De hûn snúft yn 'e wâl.
Op 'e weromreis nei hûs wrakselt Anders mei de fraach oft er it de jonge sizze moat, dat er syn heit is. Hat de jonge der gjin rjocht op? Sil er bliid wêze mei sa'n frjemde heit? De kâns sil grut wêze dat er neat fan him witte wol. Hie ik it dan net better dwaan kinnen doe't Geeske noch libbe? Miskien hat se him wolris oer my ferteld, en is it gewoan in kwestje dat er net wit dat ik it bin. By elke oertsjûging komt wer de twivel boppe. It wurdt in lange omwei nei hûs. Untmoedige rint er troch de útriden dammen. De sinne wurdt wei yn in tsjûke damp. It is al hast nacht as er thús komt. Hy himet. Sit in skoft tusken de brol yn 'e skuorre te bekommen. Ik wurd in dei âlder. As de jonge noch in heit ha sil, dan moat it no wêze. Hy snijt in pear biten yn daalders en bringt dy nei de skiep. Yn 'e hûs beret er him in miel brij fan weet en skiepmolke. Dan is it pikkenacht en giet er op bêd. Yn it knisterjende strie kin er de sliep net fine. Hy tinkt oan 'e jonge. Miskien is er hielendal net lokkich, as er wit dat ik syn heit bin. De jonge is fjirtich jier. Wa hat dan noch ferlet fan in heit?
Der komt in gefoel fan iensumens by him op bêd, lykas er noch nea earder field hat. As lûkt de kjeld troch de ûnderlegers omheech. Hy wol net lyts wêze en dêrom leit er tsjin himsels te fûterjen. Dat ik no noch boetsje moat foar in misstap fan fjirtich jier lyn. Hy wol de jonge ferjitte. Op 'e nij besiket er om him del te jaan. Dan kin er ynienen bang oerein fleane as it nachtljocht him troch de gatten yn 'e kowedekken oansjocht mei skrille eagen. Allegeduerigen binne der mûzen yn it strie. Hy mept in pear kear om him hinne, oant it stil wurdt. Hazzesliepkes hat er. Dan is er wer hyt, dan wer kâld.
It is al tsjin trijen dan giet er der ôf om in pear romers brandewyn. Even stiet er yn 'e bûtendoar. In kâlde wyn aait him om 'e holle. Om net langer sa allinne te wêzen, nimt er de hûn mei op bêd. It bist krûpt stiif tsjin him oan en leit him de kop op it boarst. En wer tysket Anders mei deselde fragen. Soms is er even wei. Hy dreamt fan Gees. Dat se tegearre mei de skou troch it blinkende Jellegat farre, mei Former oan it roer. It is in moaie, bliere faam.
It sil al yn 'e neinacht west ha, dan heart er de wyn oangean om it hûs. Der pikke grouwe drippen reinwetter tsjin 'e ruten. De skiep dy't oan 'e hússide de lijte sykje, skobje har oan it kezyn fan de efterdoar. Meidat de wyn oan is kin er Wetsens slaan hearre. Hy skuort in earmfol strie út 'e weach, dêr't er him klûmerich ûnder bedobbet. It klamme strie rûkt moassich, neffens it waar. Yn 'e moarn komt er beswit ûnder de