kema, Burgerheide en fan Kûkherne komme ek mollefangers nei de Klaai. Mar dy doarmje de hiele krite troch, wol oan 'e seedyk ta. De boeren binne der gleon op dat de mollen opromme wurde. Guon wite de tongblier, dy't yn oktobermoanne in slachting ûnder it fee brocht, foar in part oan 'e mollen. Dy soene de besmetting oerbrocht ha. Wat mear der fan dy swartjassen opromme wurde, wat better at de boeren it fine.
As Former jûns thúskomt skoddet hy de molsek leech oer de hoksflier. Dêr leit er dan de hiele jûn op 'e knibbels te fykjen om de wrotters út 'e jas te helpen. De yntaast bedobbet er oan de sleatskant fan it hiem. De farske feltsjes wurde tsjin de binnenkant fan 'e hoksdoar spikere. Dy set Hinke oerdeis iepen. By sinnich waar binne de fellen yn in omsjoch droech. Soms is de fangst sa grut, dat er it hiele hokssket op 'e súdkant der mei bespikerje kin. Dan moat it wol droegjend waar wêze. Former hat se alris op plankjes slein om se in nacht njonken de kachel te droegjen. Dêr hat Hinke gau in stokje foar stutsen. Se kin der wol fan grize as de bûtendoar fan ûnderen oant boppen ta bespikere is mei blaubluodrige fellen. Dat deftige mefrouwen har dêr mei klaaie, dat kin se har mar net begripe.
‘Ik soe dy smoarge dingen foar gjin goud oan 'e lea ha wolle,’ seit Hinke. ‘Dy froulju sjogge de feltsjes allinne mar oan 'e moaie kant, leave.’
Hinke hat de hân foar de kiel en seit ‘It komt my hjir oan ta as ik moarns de doar iepen fier nei de sinne. Dan hinget der in lucht fan deade mollen troch it hiele hûs.’
‘Ik rûk neat,’ seit Former. ‘It binne sokke sûne en skjinne bistjes.’
‘Do bist yn 't kwea behurde.’
‘It is ús gouden oere, fanke. De winter kin noch lang wurde. Dit kinne wy ús net ûntkomme litte.’
As er yn it skimerjûn in ris droege fellen fan it hokssket plôket en ynpakt yn sigarekistjes, om mei de frachtrider nei Meppel stjoerd te wurden, makket Former syn taks foar de winter.
Hy seit ‘As it sa noch wat oanhâldt, kin ik my aanst wol in wykmennich deljaan mei wat fûkbreidzjen. Mei in droege rite de skou op 'e wâl foar in opknapbeurt en no en dan in loopke efter de hazzen oan.’
‘Wy ha it noch nea sa rom hân,’ seit Hinke. ‘Al hoe'n hekel ik ek oan dy deade bisten ha, wy komme der mei op 'e kluten.’
Dan seit Former wat somber ‘Mar de tiden feroarje. It driget rûnom yn 'e wrâld. It rûkt hiel Europa troch op oarloch, troch de agresje fan Dútslân.’
‘As it mar by driigjen bliuwt.’