27.
‘Rinne,’ keft de bewaker.
Lútsen sjocht omheech. Der jeie wolkens oer. It wol reine. Hy wol dat it spielt. Salang at er hjir sit, hat er nea wer in spat wetter field. De wyn gûnzet oer de muorren fan it gebou. Der falle ferdwaalde bledsjes op it plein.
‘Ik stjer hjir,’ seit er.
Net ien dy't it heart. De bewaker jout him in dúst.
‘Ferklûmest,’ seit er.
Ferklûmje, tinkt er. Oars ha se ek noait safolle noed foar him stien. Yn it Bûtenfjild ha se by dit waar wol op 'e râne fan 'e pream sitten te iten. Dan moast er hastich wêze om it tusken twa buien te beslokken. In knipperke op in izeren lorry mei de beswitte bealch. Yn 'e wurkferskaffing hie alles kind. Mar no't er hjir sit mei er net iens stil nei de loft stean te sjen. Kloatsekken binne it. Grutte kloatsekken. Hy is kiezzich. Wêr bemuoie se har mei.
Hy kriget wer in dúst en wurdt fan syn plak stompt. Hy rint, mar ferset syn fuotten mei tsjinsin. Hy snúft de kâlde lucht djip yn 'e longen. Ik bin hjir om te luchtsjen. Dan moat ik safolle mooglik frisse lucht mei yn 'e hûs nimme. Hy stapt mei de maten it binnenplein yn 't rûn. Lútsen rint út 'e pas. Hy sloft ûnwillich. Hy kôget op syn ferwiten oan 'e bewakers.
‘Moatst gewoan meirinne,’ seit syn maat.
‘Net seure,’ seit wer in oaren. ‘Rinne. Kinst dyn fuotten hjir ris útskoppe. Moatst wat dwaan foar dyn sûnens.’
Lútsen stapt út 'e rige en bliuwt ûnferskillich ûnder de bûtenmuorre stean. Ut 'e fierte kin er it lawaai fan 'e stêd hearre: auto's, hynders en karren. Ien fan de maten fertelt in mop. It laitsjen is oer it hiele plein te hearren. Lútsen stumet. Syn eagen folgje de spûnzige wolken.
De bewakers sette it op in sêft sin en dangelje nei de útgong. Se steane by de doar te wachtsjen oant it tiid is. Se sjogge op harren horloazjes, as binne se ûngeduldich. Se wolle nei hûs, nei moeke de frou. In kwestje fan minuten. Hoe ivige lang duorje dy lêste minuten. Der falt in grut skaad oer it plein. Alles wurdt tsjuster, as sil it begjinne te reinen. Simmerdeis sil it der moai wêze kinne, as de sinne djip tusken de muorren op it plein skynt. Mar no, mei in kâlde loft boppe fealgrize muorren en in griis tegelplein, dêr moat in minske mistreastich fan wurde.
De bewakers jouwe it sinjaal. Se blaffe en basse tsjin de efterbliuwers. De finzenen stelle har op foar de útgong fan it plein. Guon steane te