‘Hoe komst yn 'e goedichheid sa ier op 'e dei op Lútsen?' hie er frege.
‘Dêr ha 'k fannacht mei ompield.’
‘It is dyn âlde leafde.’
Se hie fan har ôfbiten, as wie er har op 't sear kommen.
‘It begruttet my om him en om syn âldelju.’
‘Begrutsjen?’ Hy hie har wurden lytsachte.
‘It is gjin minne fint, mar it is him allegeduerigen by de hannen om 't ôf brutsen.’
‘Do hast alle begryp, leau 'k.’
‘Witst sels hoe't er alles oanpakte. Mar Lútsen hat altyd en oeral yn 'e wyn hân.’
‘Hat er himsels oandien.’
‘As it dan net om him is, dan wol om syn âldelju. Wy witte allegear wol dat Willem in sweeslagger is en Luertske in kliemer. Hoe hie Lútsen dan ek oars wêze kinnen as wat der fan him wurden is. Wêr't it my om giet is, dat dy âlde minsken no frijwol gjin ynkommen ha en dat se sa de winter net troch kinne.’
‘Fielsto dy dêr ferantwurdlik foar?’
‘Ja.’
‘Do wolst se dochs net op 'e noed nimme?’
Se hie mei de mouwe oer it glês fage, as socht se in útwei. Hy hie noch sizze wollen dat Lútsen him mei dat needwaar net yn it Bûtenfjild ferrekke hoegde te litten en dat er te Ljouwert de winter moai droech en skoan trochkomme koe. Mar dat hie er neilitten om har net te tergjen. It wie op 't lêst har feint west en grif wie dêr wat fan hingjen bleaun.
Wilens er in pear timpen brea mei gleone tee fuortspield hie, wie de rein mei felle tikken tsjin 'e ruten klittere.
‘Wat silst bewege mei dit waar.’
‘Ik ha in tichtset en gjin draaimûne,’ sei er koart.
Wat maalde har Lútsen yn 'e kop om. As soe se der spyt fan ha dat se destiids sa hals oer kop de ferkearing útmakke.
Hy triuwt it boatsje rimpen út 'e wâl en siket kloetsjend it earste ein beskûl efter de reidkraach.
Hy hat noch sein dat hy it Lútsen net oandien hat.
‘Do wiest de oansetter. Do hast him narre. Hiest by de BVL neat te sykjen. Hast der altyd op ôfjûn. Wiest dêr fansels hinne om dyn ôfkear fan de soldaterij de minsken dúdlik te meitsjen. De boel yn 'e bulten jeie.’
‘Ik woe gewoan in kear sjitte. Samar, foar de poerlegrap.’
‘Hast der altyd op út west om Lútsen te narjen. As er te stimpeljen