‘Jonge ja, wês do mar roekeleas. De kop moat er wer tsjin kinne.’
‘It is myn wang. Ik moat der mei it libben troch.’
‘Ik moat der altyd tsjinoan sjen,’ falt Hinke út.
Yn 'e spegel besjocht Former de blauwe groeden tusken readrôze dobben en dûnkere rouwen. ‘Bin ik der slim om skeind?’ freget Former.
‘Skeind?’ seit se en der is ôfkear yn har lûd. ‘Do silst der it libben mei troch moatte. It sil tenei by dy hearre. Elk dy't it sjocht sil oan dit foarfal herinnere wurde. Troch dizze groede sil de namme fan Lútsen foar altyd oan dines ferbûn wêze. De feiten wolle it.’
‘Mar it is dochs gjin fonnis?’ ferwart Former him. Ik ha oeral groeden. Hjir, op myn lofterearm, yn 'e hals, oan it kût fan 'e rjochterfoet. Al dy groeden drage har ferhaal fan ûngemakken en fjochterijen út myn jeugd. It binne stikjes fan it libben, dy't allinne my bybleaun binne. Nimmen oars as do allinne sil de feiten mei de groeden ferbine.’
‘Mar dit,’ seit Hinke. ‘In tesketten wang. Dat Lútsen dêr foar sitte moat. Dat fertelle se miskien slachten letter noch. Do witst hoe't elk no noch it ferhaal fertelt fan Migiel, dy't in foarse groede oerhâlden hat oan in feech fan de maresjesee.’
‘Sa'n teken kin my oars neat skele, mar as de lju neifertelle kinne dat in mishipte geast as Lútsen my dat oandien hat, dêrfoar skamje ik my, alle dagen wer.’
Der wurdt folk roppen. Hinke giet nei de doar en komt yn 'e keamer mei it skraalskiten pyst fan Hotse Bjet. Former wit net hoe't er de holle hâlde moat. It bern mei it net sjen. Se sil kjel wurde en begjinne te razen fan sa'n sear wang. Dêrom sit Former stiif tsjin de hurd, mei it wang stiif nei de skoarstienmantel.
It bern komt om it âlde fytsplaatsje foar it tbc-fûns.
‘Oude rijwielplaatjes bij vrachten,
Schenken velen nieuwe krachten,’
resitearret it fanke. Hinke nifelt it âlde plaatsje út it learke en lit it rinkeljend yn it ponkje falle.
It fanke is al lang fuort, dan sit Former mei de skearspegel ûnder de lampe syn wang te bestudearjen.
‘Der binne slimmer groeden,’ seit Hinke, en dêrmei doelt se op it bern dat se nei it tsjerkhôf bringe moasten. ‘Wy komme it libben net troch sûnder skeind te wurden. De wûnen dy't net te sjen binne, sitte it djipst. Dat wang, dêr went elk oan. Dat sil aanst by dy hearre. Mei in healjier is der gjinien mear dy't dêr niget oan hat. It slyt út.’
‘En niis seist noch dat it my myn libben efterfolgje sil.’