Dan giet Willem in trieme heger en ropt. As der dan noch gjin lûd komt stekt Willem de kop troch it falsgat en balt oer de souder ‘Bist dôf?’
Lútsen stiet op 'e souder te flokken as in kriichsheld, dat de pannen tille suver fan it dak. Syn mem triuwt de fingers yn 'e earen en ropt gûlend ‘Heare, oan wa ha wy dizze straf fertsjinne?’
Willem besiket Lútsen te kalmearjen en ornearret dat er ien gelok hat, it is amper tsjuster, dat der sille gjin eagen oer gean. ‘Foar dy skamte kinst bewarre bliuwe, ast teminsten net himel en ierde byelkoar flokst.’
‘Wat is der dan te rêden?’ freget Lútsen troch it falsgat.
‘Wy moatte jo arrestearje,’ ropt ien fan de maresjesees nei boppen.
Lútsen stiet in skoft yn de tsjustere romte by it fal en sjocht op 'e âlde minsken en de maresjesees del. Mem sjocht oatmoedich nei him omheech.
As Willem ropt ‘Komt der ek noch wat fan,’ net liker as soe er ûngeduldich wurde, pas dan set Lútsen in foet op 'e boppeste triem fan 'e ljerre. Dêr slacht er him de fûsten tsjin 'e kop en lit him mei tergjende tragens sakje.
Luertske hat de ferklaaiersklean al foar him pakt. Yn it keammerke lûkt er de klean oan, en freget ‘Wat moat ik?’
‘Mei nei de kazerne te Dokkum,’ seit ien fan de maresjesees.
‘It is gelokkich tsjuster, net ien sil sjen dat se dy meinimme,’ seit syn heit, wilens er him treastend in hân op it skouder leit. It is in skrale treast, mar noch te skraal dat er oan Lútsen bestege wêze soe.
Op 'e reed helpt ien fan de mannen him op 'e hynsterêch en dêr mei er him beet hâlde oan de riem fan de ruter.
Der geane al eagen oer, want elk hat de maresjesees sjoen. By de transformator stiet in klútsje folk yn it tsjuster te wachtsjen. Nijsgjirrige koppen dy't yn it giele ljocht fan de strjitlampe Lútsen sitten sjogge op 'e hege hynstekont. Sa binne se der tsjûge fan dat Lútsen oppakt is en him hegerop ferantwurdzje moatte sil foar wat er dien hat.
Willem en Luertske steane yn de stilte fan de lette jûn foar de bûtendoar en harkje yn de hurd oanwinnende nacht nei de hynstepoaten, dy't hol oer de sinteldyk kloffe. Hieltyd fierder ôf. As wurdt der wat út harren libben skuord. Der falt in wurgens oer de âldelju. Alles wat se foar him dien ha is op it tsjindiel útrûn. De hynders binne net mear te hearren, dochs bliuwe se stean en harkje as soene se werom komme. In soele simmerwyn risselt heimsinnich yn 'e kletterbeam. De skreau fan in fûgel skrast yn it nachtlike fjild. Willem docht de doar ticht. Dan sjogge se troch de keamersruten in ploechje folk útelkoar gean ûnder