steane se der op oan, mar Former wegert, en seit ‘Jim ha de persoan al lang yn it boekje.’
Se wolle it út syn mûle hearre. Mar dan kinne se lang wachtsje.
‘Dat fjochtsje ik sels wol út,’ seit Former kalm en by dy wurden triuwt er de boat wer nei de midden fan 'e feart.
At se him der nochris op fergje om mei de dieder op 'e proppen te kommen yn syn eigen belang, seit Former dat er leafst sels mei syn persoanlike fijannen ôfweeft. Se warskôgje him noch dat er it net yn 'e holle helje moat en nim it rjocht yn eigen hân.
‘It rjocht kriget syn beloop,’ ropt Former harren ta. As wol er dêrmei oantsjutte dat de straffende hân op in ûnferklearbere wize bûten minskene wil omgiet en dat it komt sa't it komme moat.
Ien fan de skrikkerige appelskimmels wurdt kjel fan de felle glinstering fan it sinnefjoer, dat om Former syn kloet ringet. It bist giet op 'e efterste poaten en wrinzget ûngeduldich. Dan swypkje de mannen fan gesach de bisten oer de kont en ferdwine mei in spoaf fan lytse wolkjes oer de reed.
It sil útsocht wurde, ha se sein. Hoe, dat ha se yn 'e midden litten. Oan de toan wêrop it sein waard wie dúdlik op te meitsjen, dat se Former syn hâlding net begripe.
Hy fielt de jûkte fan it betterjen ûnder it pak lapen. Hy ropt oan de wynsels, dat se him as raffels om 'e kop hingje. Hy triuwt de losse einen wer fêst, mar hieltyd wer hingje him de lapen by de kop del.
Nidich ropt er ‘Fergemy, ik lykje wol in yndiaan.’
Fûler stjit er de boom op 'e hurde boaiem fan 'e feart. Hy sil foar de nacht noch in moai nust fûken lichtsje. Se ha al fierstelang stien. Dan fret it wer oan him, dat er Hinke en it bern der oan weage hat. Dat kin him as in mes troch it hert stekke. Dat is it offer dat sy brocht hawwe yn dizze affêre. It hat in hurde les west. In fernedering dy't er beskamme oer him komme litten hat. Fan Hinke hat er gjin klacht heard. Nei in pear minne dagen wie se al gauw wer op fuotten. As hie se it him al ferjûn, eardat der in wurd oer fallen wie. Se wit dat hy it der like swier mei hat. En it ferlies fan in bern mei net as in straf tusken harren yn stean. Mar der is wol in wroechwjirm dy't oan him fret. Der hat myldens yn harren west, sûnt de dei dat it kistje oer de keamer stie. Se ha leard harren minder oan de dingen fêst te klampen en mear wearde te hechtsjen oan it libben.
Fan dy gedachten wurdt Former yn beslach nommen. Mar op in stuit skuort er de kop der by en seit ‘Mei luiterjen komme wy der net.’