feartswâl. At se de Nijhústerpiip foarby farre slacht Wetsens âlve oere. Former wiist nei de fûken en sjocht bang nei de swarte gatten yn 'e feart tusken de bleke flekken fan flaach en kroas.
‘Wy moatte werom,’ seit Former beret. ‘Fierder hoege wy net.’
‘Dan nim ik de line en lûk dy oer it jaachpaad werom. Der kin har dêr wol wat oerkommen wêze, dat se earne yn ûnmacht leit,’ seit Bjinse.
Former kriget fisioenen oan it roer. De kop slacht him as in klok. Hy stiet yn 'e boat mei it helmhout tusken de skonken. Bjinse set de sokken der yn. It wetter brûst op 'e kop fan 'e boat. Se binne al hast by it lêste set, dan bliuwt Bjinse stean. Hy palmet de line yn en seit ‘Ik hear wat.’
‘Is dêr immen?’ ropt Former skruten, as is er bang dat ien him hearre sil.
Dan giet by it hûs it gongsljocht op en stiet Manus yn 'e doar. Hy komt ûnder de beammen troch rinnen en ropt ‘Wa is dêr?’
‘Ik bin it, Former.’
‘Hinke is hjir.’
Former kloetet de boat tsjin it houtflot oan en springt op 'e wâl.
‘Se is hjir it paad bjuster rekke en njonken it set yn 'e feart telâne kaam. Feikje en ik ha se krekt yn 'e skuorre brocht.’
Former knoffelt oer de lege molkbussen hinne en rint nei de ljochte iepening fan it hûs.
Hinke leit oer de skuorre. De eagen ticht.
‘Se moat by de opstân fan it set it paad bjuster rekke wêze. Miskien hat se hjir wol nei uzes ta sillen. Wy hearden it yn 'e hûs dat se yn 'e feart lei. Se hat noch in pear kear roppen,’ fertelt Manus.
Former knibbelt by har oer de skuorreed en seit ‘Se moat hjirwei.’
Hinke slacht de eagen op en seit ‘Do hjir?’
Hy knikt en strykt har oer it wiete hier.
‘It bern komt. Ik fiel it,’ seit se.
‘Se moat dalik nei hûs, eardat it bern der is,’ seit Former.
Se sjogge elkoar oan. Dan rept Manus him yn 'e skuorre. Hy spikert twa heakkelstokken oan elkoar mei in pear dwerslatten en slacht dêr as in brankaar in pear hynstedekken oer. Dêr wurdt Hinke op prakkeseare. Mar op it stuit dat se Hinke nei bûten drage sille, kriget se sokke felle fleagen, dat se har dalik wer oer de skuorreed lizze.
‘It kin noch net komme. It is noch gjin tiid,’ gûlt Hinke.
‘It komt al,’ seit Feikje, Manus syn húshâldster, dy't wol wat wylde baaksterkeunsten leard hat.
Se fljocht yn 'e hûs om wetter oer te setten. Mei wylde halen reept se in