‘Do derôf? En do kinst fan kleare ellinde op dyn fuotten net stean.’
‘Ik moat de feart út.’
‘En dat op snein?’
‘Ja, op snein. Hearst de boeren net efter it fee? De speten stekke wer as priemmen yn 'e amers. De boeren melke om dea en ik mei de feart net út. Kin ik dan op snein de boel ferkomme litte?’
‘Wat wolsto dan?’
‘Ik moat by de fûken lâns.’
‘Mei sa'n wang?’
‘Ik sit goed yn 'e wynsels.’
‘De hûnen blaffe har dea at se dy sa sjogge. En dat op snein? Wat moatte de lju oan 'e feart wol net tinke. Do bist sa koartsich as in hynder. Kinst amper út 'e eagen sjen.’
‘De fûken.’
‘Dy fûken bliuwe der wol.’
‘At ik se stean lit, hat de meskebiter de boel fernield.’
‘Wolst no noch mear aventoerje? Bist juster noch net genôch warskôge?’
‘Moat ik my dêr by dellizze?’
‘Nee. Do moatst eigenwiis wêze. Moatst hurd wêze oer dysels. Moatst de feart útgean. As de koarts nei binnen slacht bin ik gau widdo. Ast de kjeld yn 't wang krigest, hast meikoarten ek noch in bryk bekje.’
‘De bealch moat der tsjin kinne,’ seit Former nidich. De pine stekt him troch de kop. Hy wol trochsette en strûpt de broek oan.
‘Ik gean moarn wol by dyn fûken lâns,’ ropt Hinke koart.
‘Kinst ommers net út 'e wei komme.’
‘Ik rêd der mei,’ ropt se út 'e weach.
‘Wat kinsto dêr oan dwaan? Kinst mei 't grouwe liif net iens op 'e knibbels by de feart komme.’
‘Moatst net de feart útgean,’ smeket Hinke.
Former smyt de keamersdoar ticht en lit him op 'e hûken tsjin it hokssket sakje. De sinne bakt oer it fjild. It is near. Der slagge einen yn 'e feart. De wrâld is sa stil as er op snein mar wêze kin. Hjir en dêr sit in boer yn it fjild te melken. De Brúnjes driuwe it fee oer de reed nei de jister. Der jeie wolken stof omheech. Former wol him oerein triuwe, mar hat de krêften net. Yn 'e sinne bedroeget it swit. Hy wurdt slûch en falt mei de rêch tsjin it hokssket yn 'e sliep.
Tsjin iterstiid makket Hinke him wekker. ‘En ik mar yn noed sitte datst de feart útgien wiest, en no sit dy mokses hjir tsjin 't hok te sliepen.’