moat. Guon begruttet it om Lútsen en syn heit. Oaren wolle it stil hâlde, want sa wurdt der sein ‘Wat moatte de lju tinke, as it der sa omwei giet op ús oefenjûnen. Der binne in pear dy't Former net steane en bang binne dat hy it oanjaan sil.
‘It wie in ûngemak,’ ornearret Brand Vlasma.
‘Hy hat it sels útlokke, dus wie it skot mei doel rjochte,’ oardielet Eelke Veenbaas.
‘Dan wachtet Lútsen it kasjot,’ keft in lyts skriel mantsje út 'e Wetsenser Mieden, mei in heech lûd. Hy stiet alle winters mei Lútsen yn 'e rige te stimpeljen.
‘Wy moatte it stil hâlde,’ seit Jabik Leegstra.
‘Dizze skande kinne wy net oer ús komme litte,’ wol Hindrik Talsma ha. ‘Dan krije wy mynhear Heukels fan Feanwâlden hjir foar in ûndersyk. Dy jout it troch oan mr. Okma fan Ljouwert as lid fan de Gewestlike Kommisje.’
Wytze Dongera falt him by en seit ‘Us pleatslik lieder kriget in skrobbearring. Der moat rapport nei Den Haach. It komt oan 'e grutte klok. De kranten. Wy moatte foar alles it blazoen skjin hâlde. Gjin spul. Wat stilder wat better. Want it wie Former der om te rêden. Reboelje, dusoarder.’
‘Wy moatte om ús minsken tinke,’ seit Hindrik Talsma. ‘Us sersjant Eelke Veenbaas wurdt der op oansjoen dat der gjin dissipline is yn ús ôfdieling. Meiinoar binne wy de dupe.’
‘Mar as Former it oanjout, wat dan?’ wol Brand Vlasma witte.
‘Dan is it in persoanlike saak tusken Lútsen en Former.’
‘Mar der is mei in BVL-gewear sketten.’
‘It is in persoanlike fete,’ befêstiget Eelke Veenbaas. ‘Dy twa kinne elkoar al sûnt lang net luchte. De BVL stiet hjir bûten.’
Mei fjouwer man oan 'e ljerre, en dêrefter in lyts ploechje minsken, sa giet in lytse stoet it hiem ôf. Se draaie de reed yn nei de Tsien Geboaden. De loft kleuret dûnkerread en de sleatdampen wynderje as wite walen troch de klamme jûnslucht.
Hinke hat it spul oankommen sjoen en fielt dat der wat net doocht. Der moat wat bard wêze mei Former. Willem Idsardi rint har temjitte en leit út dat syn soan op Former sketten hat. Healwei de reed heint Hinke de stoet op. Se tilt de tekken op en wurdt kjel fan de holle yn 'e wynsels en de sletten eagen.
‘Hy is dea. Jim ha him dea makke,’ ropt se.
In pear froulju besykje har te kalmearjen en fertelle dat er in skampskot