mannichte wâdet oer him hinne nei de keet ta. Mei de leppen houwe se op it bousel yn. Der rinkelt glês. Hout knapt. As Lútsen mei de Murd oan de oproerige mannichte ta is, leit de keet al yn spuonnen. De ferwâde wurkbaas leit mei in slim beblette holle tusken de spuonnen. Guon smite harren jas oer him hinne.
Lútsen stiet mei Sake Rekker, Wiger Prûk, Feitse Jilderda en de Murd tusken it folk. Der falt wie te snie en heil. Nimmen dy't der erch yn hat. Se binne dûm.
‘Dizze kant moat it út,’ seit Lútsen, as rûkt er de revolúsje.
‘Hjir komt in skjinne loft fan.’
‘Hoe moat it mei myn húshâlding komme?’ jammert in man.
‘Mei ús húshâldings, silst bedoele. Do bist net allinne op 'e wrâld,’ ropt in oaren der tsjinyn.
As kriget Lútsen de geast. Dit is syn kâns om wat te sizzen. ‘Dit ha wy te tankjen oan Colijn en Romme. Se litte ús krepearje, omdat se it kapitalisme en de grutte man de hân boppe de holle hâlde. Ik ha yn Dútslân arbeide en sjoen hoe't elk minske dêr wurk en in minskeweardich bestean kriget. Wurkleazens is der net. Earmoede kenne de lju dêr net. Hjir dogge de regearingen oars net as gûchelje mei begruttingssifers, mar as it oan de mindere man ta is, dan komt Romme mei syn kwartsje.’
‘Hoe woesto dan, idealist?’ freget Sake Rekker.
‘It nasjonaal soasjalisme, dat oarder op saken stelt en elk jout wêr't er rjocht op hat.’
‘Bisto in Mussert-mantsje?’
‘Mussert hat goede ideeën,’ seit Lútsen.
‘Hjir hawwe wy in NSB'er dy't oarder op saken stelle wol,’ ropt Sake.
Der komme mear minsken omhinne te stean, glimmend fan nijsgjirrigens.
‘Sis no nochris hoe goed de NSB it mei ús foar hat.’
‘It nasjonaal soasjalisme sil ús rêde út 'e kloeren fan it kapitalisme,’ seit Lútsen.
Der springe dalik in pear nei foaren. Ien fan harren pakt Lútsen by de hûd. Der wurdt slein. Lútsen rekket oer de grûn.
‘En no noch ien goed wurd oer Mussert, en ik meitsje dy hjir kâld,’ ropt de man dy't boppe op Lútsen sit. Hy skermet mei in mes.
‘Mussert syn tiid komt noch,’ seit Lútsen. Hy is dryster as er fan himsels tocht hat.
Dan takelje se Lútsen raar ta en litte him mei in beblette holle yn 'e heilstiennen lizze.