Ut 'e fierte heart er in fel skipperke yn 'e warring blaffen. In betide bitefarder, dy't mei de bern yn 'e line jaget. Boppe de roef wapperje ruften by de rûs. It is de Eben Haëzer fan Hiemstra fan Wierum.
‘Jo ha jong spul yn 'e line,’ ropt Former. ‘Tink der mar om dat plysje Veldstra it net sjocht as jimme op 'e trekdyk binne. Dan krije jo proses.’
‘Ik liich der wol in pear jier by,’ laket Hiemstra.
‘Se binne fiks oan 'e langte, dan kin it wat ligen lije.’
‘Ik ha noch jonger spul yn 'e roef,’ ropt er, en dan wiist er nei de line mei ruften.
‘Wat is 't?’
‘In jonge soan,’ ropt Hiemstra blier.
‘Dat wurdt meiertiid wer in jager. Dat kin helpe.’
‘Ik hoopje dat wy tsjin dy tiid in opdrukker fertsjinne ha.’
‘Lokwinskje de frou even fan my.’
De skipper swaait bliid fan it helmhout ôf.
In jonge soan, tinkt Former. As my dat nochris oerkomme mei.
Hy boomket even hurder om mar gau thús te wêzen. Wat moat Hinke wol net tinke, dat er mar net thús komt. Wat bin ik in ûnferstân, dat ik hjir op sa'n holle feart om farkje, wilens alle gelok yn dyn bêd leit, ferwyt er himsels.
Hinke stiet foar it finster as er de terp op rinnen komt. Yn 'e keamer nimt er har yn syn earmen, as sil er har nea wer loslitte. Hy betutet har en freget oft se goed sliept hat. Se skodhollet. ‘Ik bin bang dat ik ús mem der in soad fertriet mei doch, dat ik fuortgien bin.’
‘Dyn heit net?’
‘Ek wol. Mar oars. Dy is hurder en ûnferbidlik. Neffens ús heit bisto in wyld, in goddeleaze. Mem tinkt altyd even djipper oer de dingen nei en dêrom utert se har ek net sa. Se hat it der swierder mei, omdat se it net loslitte kin.’
‘Gean oars hjoed nei hûs, en sis dat ik graach ris in jûn komme wol te praten.’
‘Dat wol ús heit net. Hy wol dy út noch yn net oer de drompel ha.’
‘Freegje ris. Ik wol net lije datsto dyn âlden ferliest om my.’
‘Do bist ek allinne, Former.’
‘Dat ha ik al sa lang west. Dêrom moatst my net nimme. Ik bin mei de natuer grut wurden. Myn mem wie húshâldster by in âldfeint, dy't jûns gjin twa wurden sei, mar ivich en erflik yn 'e stoel siet te slûgjen. En as er net sliepte, dan wie er oan it wurk of oan 't strontfeien. Ik wol graach dat der by my jûns ien oan 'e tafel sit, dêr't ik in wurd oan kwyt kin.’