13.
Noch gjin fjirtsjin dagen letter stiet Lútsen op in moarn yn it earste deiljocht al efter Dyksharne yn 'e Peazenser polder. Dêr set hy de fyts tsjin 'e hikke en klaut by de seedyk op.
Hy eaget wat ûnwennich oer de skiere kwelder, dêr't wat fûgelguod warber is. Boppe see hinget in lichte moarnsdize. Wer heart er de wurden dy't syn mem him dy moarns, doe't er yn neare nacht de reed út fytste, neiroppen hat ‘Do moatst wat moedichop, it is gjin hingjen.’
Se hat him de doar út prate moatten. It slyk. It is it meast fernederjende dat se him oandwaan kinne. En dat foar ien kear acht hurde gûnen wyks. Dêr mei er dan de fûst foar byelkoar knipe.
‘De âlderdomsrinte fan 'e âlden is der yn ferrekkene,’ sei Van Dyk fan it gemeentehûs.
Lútsen hie him wol oanfleane wollen. ‘Ik arbeidzje der foar,’ hie er sein.
‘It is gjin lean,’ sei Van Dyk. ‘It is in útkearing as kostwinner, mar it hoecht net dûbelop.’
Dûbelop, hie de nepert sein. Lútsen hie him wol troch it loket skuorre wold.
‘Jo moatte bliid wêze dat jo oanslach krije.’
‘Bliid wêze mei dizze slavernij,’ hie er roppen.
Doe't Van Dyk drige mei it ynhâlden fan it jild, hie er ynbûn.
Doe't er fan 'e moarn ôfsette, hie er noch tsjin mem sein ‘As ik dit witten hie, wie ik yn Dútslân bleaun.’
Mei dy mismoed hat er him fan hûs jûn en de koartste wei nommen nei see. In frjemde wrâld temjitte.
Under de dyk steane al wat minsken te wachtsjen. Lútsen hâldt him ôfsidich. It moat net lykje dat er him samar oerjout oan dat leger fan slaven. Hy hat syn wjeraksels en dy wol er ek útwierje. Fan 'e dyk ôf sjocht er oer de Langgrousterwei noch mear folk kommen. En fan Peazens ôf komme guon de dyk del belderjen. Allegearre sette se nei de keet, dy't oan 'e foet fan 'e dyk stiet. Lútsen is allinne op 'e krún en harket nei it fiere rûzjen fan 'e see. De boppeloft wurdt helder en wjerspegelt yn it wâd. It docht him tinken oan de reizen nei dyk, dy't er froeger op moaie simmerdagen mei beppe fan Wie makke as er dêr útfanhûze. Dan fytsten se tegearre tusken de nôten troch oer Nes, de Dyksterreed del. Beppe siet sa'n middei mei in wite bûsdoek oer de holle yn 'e skeante fan 'e dyk. Dan mocht er poatsjebaaie yn 'e slinken en moksels