Hy klaut de fisk út 'e beun en docht se yn 'e koer. Op 'e barte skoddet er de koer leech yn har fytstassen.
‘Wat in protte,’ beart Hinke.
‘Silst ek witte datst my sjoen hast,’ seit er ûndogensk en laket.
Hinke beart dat it fierstentefolle is. Former kin de fytstassen mei lijen fêst krije, sa fol sitte se mei kroljende, en kronkeljende fisk. De sturten slagge yn 'e tassen dat it klapt. Se kriget in kleur as Former har yn 'e eagen sjocht.
‘Moatst ek noch in mûdhûn ha foar de reinwettersbak?’
‘Ik kin him net mear hâlde. Dan giet er dea ûnderweis.’
‘Ik bring meiertiid wolris ien,’ seit Former. ‘Ik sil der wolris in moaien út hâlde.’
‘Dit is in hiele moaien,’ seit Hinke.
‘Dan bewarje ik dizze foar dy.’
Hinke kleuret dat it wat ôfdocht. Se betanket en sjocht dat se fuortkomt. Underweis krollet der in iel yn 'e speaken fan 'e fyts. Dy is troch in gat yn 'e fytstas krûpt. De sturt fan it bist tinkelt yn 'e speaken. Se begjint hieltyd hurder te fytsen, dat it tinkeljen mei de snelheid in pear toanen omheech giet.
‘Ik ha fisk,’ ropt se at se foar de finsters lâns rint.
Har mem komt by de doar en freget ‘Wêr hast dy wei?’
‘Fan Former Bloemkamp krigen.’
‘Dy't syn mem fan 't simmer ferlern hat?’
‘Ja. Hy wennet allinne op it Heech.’
‘Hasto dêr gedoente mei?’
‘Hoe komt mem dêr by?’
‘Samar. Hoe komsto oars oan safolle fisk.’
‘Hy rôp oan my en frege oft ik in miel fisk mei ha woe. Doe krige ik twa fytstassen fol.’
Terpstra komt sels ek te sjen. Hy seit ‘Dat hiest net oannimme mocht.’
‘Wêrom net?’
‘It is him earne om te rêden.’
‘Ik fyn it in aardige fint.’
‘Hy giet net nei tsjerke. It is in oerkommeling, dy't libbet sa't er it sels wol. In wyldeman, nei wat ik der fan heard ha.’
‘Hy docht dochs gjin ferkeards?’
‘It is in frijtinker, in godleasling.’
‘Wolle jim dan gjin fisk ha?’
‘Wis wol, mar wy wolle net dat der gedoente fan komt,’ seit frou Terp-