ferfelende dagen even ferbrekke kinne mei in reis nei it stimpellokaal. It is de iennichste kâns om even mei lotgenoaten te praten. Lútsen talmet. Hy hat it smoar yn. ‘Jo moatte yn it slyk,’ hat amtner Terpstra sein. It slyk, dêr hat er altyd as de dea foar west.
Op 'e ein fan it paad reitsje Former en Lútsen nochris wer yn tsjok waar. ‘Se wolle ús de brânje-taslach ûnthâlde,’ seit Lútsen.
‘Wat moatsto mei in brânjetaslach?’ freget Former. ‘Do hast sels net in húshâlding. Do hast waarmte by heit en mem.’
‘Moat ik harren net mei troch de tiid skuorre?’
‘Moatst tiid dwaan, Lútsen,’ treastet Jabik Leegstra him. ‘It is noch gjin novimber.’
‘Is dit dyn fyts?’ freget Former oan Lútsen.
‘Dat is myn fyts,’ befêstiget Lútsen.
‘En dat foar sa'n hoannestap?’
‘Kin dy dat wat skele?’
‘Mar do hast in fytsplaatsje mei in gat der yn. Dan moatst langer as in healoere fytsen fan it stimpellokaal wenje, oars meisto net mei in plaatsje mei in gat op 'e dyk wêze. Of binne dyn heit en memke bang datst sneins te fytsen giest en hast dêrom in plaatsje mei in gat der yn. Dêr hat de Steat al wer in grauwe ryksdaalder oan dy ferskiten, en dat tewyl ast de hiele simmer yn 'e folop sitten hast by de moffen.’
‘Ik brûk myn fyts om wurk te sykjen.’
‘Do wurk sykje?’ laket Former.
‘Ik sykje wurk,’ seit Lútsen.
‘Dat hoechst net te dwaan, want se ha al wat foar dy fûn. Moai foar de winter yn it slyk. Dat is better as it Poepelân.’
‘No net wer begjinne, jonges,’ besiket Hindrik Talsma dy beide del te bêdzjen.
‘Ik lit my hjir net fan alles sizze,’ byt Lútsen fan him ôf.
‘Do moatst dy wol alles sizze litte, want do hast neat fan dysels. Do bist in lûs yn ús pels.’
‘Myn tiid komt wol,’ skampert Lútsen.
‘Hokker tiid, myn jonkje?’ freget Former.
‘De tiid dat Mussert hjir baas is. Dan sil der oarder op saken steld wurde.’
‘Soa, sympatisearret mynhear mei Mussert en de NSB?’
‘Dat is polityk ús iennichste takomst. Sjoch mar nei wat der yn Dútslân fan 'e grûn komt. Dêr wurde de saken goed oanpakt.’
‘En do leaust in fantast lykas Mussert en sa'n healwizeling as dy Rost