slaan. Yn in plimke wetter souskje se de kûlen, dêr't se de pealtsjes mei hânhei en slaai teplak batse. Dêrtusken bewâdzje se it fine riishout en kramje de boel oan 'e boppekant ôf mei tried. Tsjin it wetter sil it wol bestand wêze, mar as der iisgong komt op it wâd, sil it der takom maitiid ferpulvere hinne lizze.
As de loft begjint te driigjen en de slide moai leech rekket, ornearret Jan Band dat se de skûle mar op 'e slide slaan moatte. Dan ha se plak om de slimste buien ôf te skûljen. De slide wurdt tusken de souskstokken fêstset en it skûlseil wurdt om 'e ramten hinne spand. Se kinne de waarmte amper beskrippe, sa gnobkâld wurdt it. De wyn snijt harren yn it gesicht. De kjeld fan it izige wetter, dat harren op guon plakken oan 'e knibbels ta komt, giet dwers troch de learzens hinne en lûkt yn it pak omheech troch it hiele lichem. Mar nei de wâl om wat op ferhaal te kommen, kinne se ek net. Se sille op syn minst in healoere ûnderweis wêze, om yn 'e smoutte fan 'e dyk te kommen. En dan moatte se ek werom. Der sit neat oars op as trochsette, om foar heechwetter de boel klear te hawwen. It is al slim genôch as ien fan harren pisje moat, of noch slimmer, út 'e broek. Want dan is it dêr op 'e romte om dea te gean. Der komme heilbuien en net sunich. De wyn hellet oan. Jan krûpt skrousk, as is er siik, yn it skûlseil en leit mei de skonken heech oplutsen yn 'e slykbak op in nust skânsbosken te klappertoskjen.
Op it stuit dat Lútsen him njonken Jan deljaan wol, komt der in swiere wynpûst. Der knetterje grouwe heilstiennen yn it seil. Troch de wyn trillet de slide en sjit los út 'e souskstokken. Lútsen kriget in trewinkel en rekket ûnder fuotten. Hy klaut oan 'e earmtakken ta yn it slyk. De slide slacht troch in bats wetter en sylt troch in slinke it slyk op. Lútsen wol der efteroan, mar de slide is net te berinnen. Jan raast, mar de slide is yn in omsjoch fuort. De wyn gûlt op 'e riisdaam. De heil pikt Lútsen as skerpe snaffels yn it gesicht. It ferblinet him. Hy krûpt troch it slyk, oant er hâld fielt oan ien fan 'e peallen.
It iennichste wat er op dat stuit noch dwaan kin is raze ‘Spring der ôf, bliksem. Spring.’
Mar dat is al te let. De slide is al te fier. As Jan fan 'e slide springe wol, driuwt de boel al yn it wetter en wurdt as in skipke in brede slinke oer jage. Der stiet net folle wetter, mar it tij is alwer yn 't opkommen. Lútsen stiet yn 't slyk te wrakseljen om efter de slide oan. Der is gjin begjin-nensein oan. De dyk is amper te sjen, sa tsjok wisket de heil oer it wâd. Mei lijen klaut er wer nei de riisdaam en sjocht machtleas ta hoe't Jan hieltyd fierder fuort rekket mei de slide. Lútsen raast yn 'e wyn op. Der