feroaret er fan doel. Der moat earst in kajút op, dan kin er moandei foar in hiele wike ôfstekke. Noch dyselde jûns sleept Lútsen it geriif dat er foar it optimmerjen fan in roef nedich hat yn it skipke en makket syn bestek. Hy wurdt kjel as Hinke yn de oanwinnende nacht mei ferskrikte eagen op 'e barte stiet en oan him ropt.
‘Do hjir?’ freget er ferbaasd.
‘Ik ha gjin moai nijs,’ seit se. ‘Colijn hat niis foar de radio sein, dat yn ferbân mei de besetting fan it Rynlân en de driigjende tastân de winterlichting fan Aant foarlopich yn tsjinst bliuwe moat.’
‘Dan kin Aant net mei farre,’ seit Lútsen kjel.
‘Colijn seit it foar de radio.’
‘Colijn, Colijn,’ hunet Lútsen. ‘Wat ha ik oan Colijn.’
‘Wy binne sa bang dat it oarloch wurdt, dat Aant yn gefaar komt.’
‘Dan lit Aant my sitte,’ falt Lútsen lulk út.
‘Dy jonge kin der ek neat oan dwaan. As de regearing it seit.’
‘De regearing,’ seit Lútsen minachtsjend. ‘Gjin maatregels treffe, neat út 'e wei sette en as Hitler ien stap oerdwers set binne se op ien ein.’
Luertske komt ek nei de barte ta. As Hinke begjint oer oarlochsdriging ropt Luertske oerstjoer ‘Dan silsto ek noch opkomme moatte.’
‘Wat moat ik no allinne begjinne,’ krimmenearret Lútsen.
‘Hoe kinst sa allinne oan dysels tinke,’ fûtert Hinke.
‘It is foar Aant folle slimmer. Hy is yn gefaar. Miskien moat er wol fjochtsje.’
‘Mar Aant kin my samar net stikke litte. Dêr ha ik de bok op hierd, dat wy tegearre soene.’
‘Wy wolle ek leaver dat er thúskomt, fral no't der oarloch komt.’
‘Oarloch komt? Wa betinkt soks,’ falt Lútsen út.
‘Wy sille hoopje dat it wat tafalt,’ besusset Luertske de boel.
‘Colijn hat sein dat wy ús fannacht rêstich deljaan kinne,’ seit Hinke.
‘Leausto wat Colijn seit? Dy tinkt allinne oan in hurde gûne. Dêr hawwe wy ús ekonomyske krisis oan te tankjen. Yn Dútslân, dêr rêde se it op.’
‘Kom net oan Colijn,’ warskôget Willem. ‘As dy sein hat dat wy ús rêstich deljaan kinne, dan kinne wy ús rêstich deljaan.’
‘As it der sa foarstiet, kin Aant ek wol thúskomme, want dan is der neat te rêden. As wy ús deljaan kinne, dan is der gjin driging en gjin oarlochs-gefaar.’
‘Do hast maklik praten, do hast dyn tsjinsttiid der al op sitten,’ seit Hinke. ‘Mar it lânsbelang giet boppe dat fan dines.’