‘As it my spyt, dan om dy.’
Mei alle klean oan knoffelt se wer op bêd en ropt ‘Meist wolris bûten sjen, de hûn is ûnrêstich.’
Even letter heart se Former oer de flier. Hy lûkt de bûtendoar iepen. Syn klompen sljurkje oer it hiem. De jonge is ûnwennich, krektlyk as ik, tinkt se. Hiene wy net better yn Ritske syn spultsje bliuwe kinnen? It fljocht har even oan. Wat en wa hat har hjirhinne dreaun? Se heart Former om hûs hinne, de hoksdoar, syn kocheljen. Hy komt wer yn 'e hûs. Mei de petroaljelampe foar him út komt er yn 'e keamer foar Geeske har bêd.
‘It moat allegearre wenne, foar dy noch mear as foar my,’ seit er. ‘Ik ha myn drokten wol. Aanst mei it moljen en fiskjen. Do sitst hjir de hiele dei op 'e pôle. Hiest miskien tocht datst it hjir werom fine soest lykas froeger, mar de lju kenne dy hjir net mear.’
Se skodhollet nei him. De skaden hawwe syn gesicht ferâldere. De eagen ferdjipje har yn it gesicht. Moat ik it him no sizze fan Anders? Se hat de wurden op 'e lippen. Hy hat der rjocht op te witten wa't syn heit is. Nea hat hy der nei frege. As jonge net en ek net doe't er folwoeksen wurden wie. Net dat se dy fraach ea fan him ferwachte hie. Ritske hie as in heit foar him west, ek al hie er al syn libbensdagen omke sein. Sels hie se nea oanstriid field om him yn te ljochtsjen oer har misstap mei Anders. Skamte hat har der altyd fan wjerhâlden. Mar no, no't er alle dagen syn heit moetsje kin, kin se it no noch langer ferswije. Se wrot yn 'e tekkens om as in rôt yn it strie. It hert jaget har. It swit brekt har even út. Se wurdt benaud yn it pakkelaris klean. Dat ik dêr no myn sliep om brekke moat. It hie net wêze moatten, tinkt se spitich.
‘Bist koartsich,’ seit er as er mei de hân oer har wang fielt.
Se hearre in guozzeflecht oerkommen.
‘Hast dy op 'e wein ferklûmje litten.’
Se skoddet even fan 'e kjeld.
‘Ik sil dy in kanne waarm meitsje,’ seit er. Hy makket de kachel oan en set in tsjettel mei wetter oer. Hy smyt in pear briketten yn it grânzjende fjoer. It ljocht fan 'e flammen boartet tusken de ringen troch yn rûnten tsjin 'e souder. De wâlm krollet yn wolkjes yn it lampeljocht as er de krûk opjit. Mei it wetter dat der oerbliuwt trekt er wat Earnewâldster klaver. Se hoasset as er har it skerpe guod opdrinke lit. Former set de lampe mei de blinker nei it bêd ta op 'e tafel, dat it skerpe ljocht foar har ôfskerme wurdt. Dêrop leit er de fuotten om 'e kachel en jout him del yn 'e keamer. Sliepe kin er net. Hy tinkt oan dy frjemde hossel fan