‘Dat hat noch in hiel trelit west, dêr't ik it krekte net fan oan 'e weet kommen bin. Gees mocht it bern op 'e pleats hâlde en koe as faam bliuwe. Pibe en Lyske wiene de minsten net. Se woene it bern yn harren húshâlding opnimme as wie it harren eigen. Mar nei't der sein waard makke de heit fan it bern jacht op Geeske. Dy woe neat mear fan him witte, want nei't der sein waard wie it in earst ferkearden, dy't wol mear yn 't wyld hie te rinnen. Op in jûntiid nei melken is se mei it bern útnaaid. Ik wit noch dat ús mem doe yn it bûthús kaam, wy sieten te melken, en fertelde dat Geeske der mei it bern útnaaid wie. Gjin minske dat wist wêr't se kearde. Pas folle letter hearde ús mem oan 'e doar fan in lapkekeapman út 'e Wâlden, dat se dêr tahâlde as húshâldster. Oft it no wier is of net, mar jierren hat ek it sechje gien dat de boer fan Mockema-State de heit wie en dat Geeske de boer sjanteare. Dêrom soe de boer har op in nacht sûnder rak en dak op 'e dyk set ha mei it bern. Mar it rjochte binne wy nea gewaar wurden. Ik wit wol dat it jonkje Former hiet. Mar as der te Ealsum oer Gees en it jonkje praat waard, dan hiene se it altyd oer Lytse Moazes. Hy is no, fjirtich jier letter, werom út Egypte.’
‘Dan is er no yn it beloofde lân,’ spot Lútsen.
‘Dat moat noch ôfwachte wurde. Sok Wâldfolk fynt it hjir net maklik, en Gees fynt hjir ek net wat se mient te finen,’ seit Willem.
‘In oerwinneling, dêr kinst net it measte fan ferwachtsje. En dan sa'n mem,’ snúft Luertske.
‘Hy hat ek in gewear,’ seit Lútsen. ‘Ik seach fan 'e middei dat er it yn 'e hûs brocht.’
‘Goikes,’ kreunt Luertske.
‘Mar der sit gjin skutter yn foar de BVL.’
‘Hoesa net?’ freget Willem.
‘Hy moat neat hawwe fan soldaterij, sei er.’
‘Sil wol in man wêze fan it brutsen gewear. Kommunistyske of anargistyske ideeën. Mar wat moat er dan mei dat gewear?’
‘Jeie, efter it wyld oan, streupe.’
‘Ik hear it wol, ús soarte folk net,’ seit Luertske ferachtlik.