It lyk wurdt oantaest
(1998)–Tjitte Piebenga– Auteursrechtelijk beschermdPlak yn it oeuvrePiebenga is der hiel jong by, yn 1953 debutearret er, 18 jier âld, mei De Reis nei de Glêsberch, bernetoaniel, útjûn by Tabe Beintema. Fiif jier letter publisearret er syn earste fersebondel, Fersen foar Marida (1958). Dat bart yn 'e ‘Reiddomprige’ fan Drukkerij Laverman n.v. te Drachten. Yn datselde jier 1958 ferskine yn dyselde rige ek debútfersebondels fan Durk van der Ploeg en Jelle de Jong. In nije generaasje dichters presintearret him. Piebenga syn bondel is in leafdessyklus dy't út twa parten bestiet, yntocht en delgong. In suvere opposysje foarmje de twa parten ynhâldlik net, want yn it foarste part kundiget de ‘delgong’, it teloargean fan 'e leafde, him al oan. Neffens de foarm is der in folle dúdliker ferskil, it foarste part bestiet út frije fersen, it twadde part út sonnetten. Opfallend oan it earste part is de | |||||||||||||||
[pagina 191]
| |||||||||||||||
klam op de lûden. De klank liket like wichtich of sels wichtiger te wêzen as de wurdbetsjutting. It fierste hjiryn giet de dichter yn it fers ‘nivera’, in fokalise, dêr't de Hollanner Jan Engelman syn ferneamdheid oan te tankjen hat. De sonnetfoarm dy't yn it twadde part brûkt wurdt beheint de lyryske mooglikheden fan 'e dichter en twingt him ta in gruttere rasjonaliteit. De dichter besiket him rekkenskip te jaan fan it leafdesaventoer en hy docht dat yn in saaklike taal mei hjir en dêr boekhâldkundige terminology. Neffens Wadman leit Piebenga syn krêft hjir net, mar earder yn it muzikale. It liket derop dat de dichter sels dy konklúzje al lutsen hie. Yn 1959 ferskynt in twadde fersebondel, De thermen fan Karratsjana, mei fersen dy't net fertelle of appellearje, mar inkeld sjongsum wêze wolle. De fersen driuwe hielendal op klank en kleur, op ritme en meidij. As it Frysk Wurdboek net tarikkend is, makket de dichter sels wurden foar syn lieten: winterslank, knetterread, wankeldjoer. Yn 'e tredde bondel, mei de simpele titel Fersen (1963), is fan de sjongsumheid en it spul fan lûden neat mear oer. De dichter is somber wurden oer de wrâld en sober yn syn taalgebrûk. Yn koarte rigels skriuwt er syn waarnimmingen del. It liket in nije perioade yn syn dichterskip te wêzen, mar dat is it net. De gedichten fan Fersen binne foar in grut part skreaun yn deselde jierren as dy fan De thermen fan Karratsjana. Dy ekstatyske mominten en dy fan somberheid en ynkear wienen der tagelyk en fûnen beide har wjerslach yn fersen. Piebenga hat earst syn fleurige kant sjen litten en doe syn earnstige. Ynearsten liket it dan út te wêzen mei de poëzij. Piebenga smyt him op it proaza. Yn 1968 ferskynt de roman It lyk wurdt oantaast, yn 1969 de novelle Retour juster en wer in jier letter de ferhalebondel De rook fan mesjester. Retour juster giet oer in learaar fan in fyftich jier dy't yn 't lyk komme wol mei syn ferline. Yn koarte haadstikjes wurdt beskreaun hoe't de man by ûnderskate persoanen lâns giet dy't in rol spile hawwe yn syn libben, sa'n 25 jier lyn. De rook fan mesjester bestiet foar it grutste | |||||||||||||||
[pagina 192]
| |||||||||||||||
part út ferhalen oer in lytse jonge dy't fanwege de politike kar fan syn heit yn 'e oarlochsjierren yn it ferdomhoekje sit en hieltyd wer klappen krijt. Nei dat proaza-yntermezzo is Piebenga wer fierder gien mei dichtsjen. Yn 1971 ferskynt de bondel Peins en yn 1977 komt er mei de bondel Myn sêftgrien famke, neffens de besprekkers poèzij fan technysk heech nivo. Dêrnei leit Piebenga him út op berneliteratuer mei trije dielen Ut 'e wûndere Utdragerif mei ferhalen en ferskes. Yn itselde sjenre heart In mantsje fan plesier (1982) thús. Ut dizze opneaming dogge alle warberheden fan Piebenga noch net bliken. Hy hat in twamanstydskrift Asyl hân mei Bauke de Jong en in ienmanstydskrift Prym-19. Teffens hat er harkspullen skreaun, toaniel, in musical, kritiken en polemiken. Yn it midden fan 'e sechstiger jierren is er warber as toanielspiler û.o. by it Fryslân Toaniel en by de Fryske Toaniel Stifting, de foarrinder fan Tryater. Hy hat toanielteksten oerset, û.o. Traan fan O'Neill en Wa is bang fan Virginia Woolf Tan Albee. Tusken 1984 en 1994 skreau er mei Julius Boekema sa'n acht kabaretprogramma's foar Ut Franeker Straetkabberet, dy't er ek regissearre. Op 't stuit docht er it wat kalmer oan. Hy is no noch poêzijresinsint foar de Leeuwarder Courant en kolumnist foar in stikmannich blêden.
De konstruksje fan It lyk wurdt oantaast
De roman bestiet ut fiif komponinten dy't om 'e dúdlikheid út ferskillend lettertype set binne. Yn 'e resinsjes wurde soms mar fjouwer komponinten neamd, dat sil komme om't de fyfte komponint, de brieven oan Astrid, mar yn fjouwer haadstikken foarkomt èn om't dy hele Astrid-figuer frijwat bykomstich is. De komponinten komme iderkear yn 'e selde folchoarder yn 'e haadstikken foar, útsein yn it earste en it lêste (it tsiende). Dy folchoarder is sa: | |||||||||||||||
[pagina 193]
| |||||||||||||||
Lykas oanjûn, it earste en lêste haadstik wike ôf. Haadstik ien mist de parten 3 en 4 en haadstik tsien hat allinnich part 5. De romein-tekst bestiet ornaris út mar lytse blokjes. Yn part 2 fan elk haadstik fynt men twa oant fjouwer fan sokke blokjes, yn part 4 meastal ien en soms twa, yn part 6 noait mear as ien. De parten 2, 4 en 6 ferskille net wêzentlik faninoar, dat de skriuwer hie de blokjes ek wol oars ferpartsje kinnen. De iennige reden wêrom't er it sa dien hawwe kin, tink ik, is dat er it swiertepunt fan emosjoneel en soms rankuneus reagearjen op it mislearjen fan dit houlik foaroan yn elk haadstik ha woe en fòàr it stik skreefleas dêr't frij evenredich ferteld wurdt oer de oanrin ta it houlik en it stomprinnen dêrfan. Lykwols, hjir bliuwt dochs fan oer dat dy romein-stikken net it meast hechte part fan 'e romankonstruksje foarmje. Mar der is noch wat oars. As men sjocht nei de wikseljende lingte fan 'e oerienkommende parten yn 'e ferskillende haadstikken, docht bliken dat der mear en minder ‘stabile’ parten binne. It lyryske part is hast altyd like lang, it langste is 20% grutter as it koarste. It fertellende part is ek ridlik konstant fan lingte, as men it koartste op 100 ienheden stelt, dan is it langste 150 ienheden. Ik wol ek it fyfte part, de dialogen, as ridlik konstant beskôgje, as it koartste 100 is, dan is it langste 180. By de oare parten is de fariaasje yn lingte grutter, by 2 rint it fan 100 oant | |||||||||||||||
[pagina 194]
| |||||||||||||||
280, by 4 fan 100 oant 600 en by 6 fan 100 oant 400. Fansels is it frij arbitrêr om te sizzen: as de fariaasje yn lingte beheind bliuwt ta op syn heechst 100%, dan is it ridlik konstant en as it dêrboppe komt dan is it ûnlykwichtich. Dit bewiist ek neat, dit jout op syn bêst in oanwizing. Mar mei de earder neamde oanwizing, dat dy blokjes romein-tekst wat willekeurich útstruid binne oer de haadstikken, krijt men dochs in sterkere befêstiging dat net dy romein-stikken, mar dy oare, de lyryske en gewoan fertellende parten en de dialogen kompositoarysk de rêchbonke fan 'e roman foarmje. Ik ha rûchwei de lingte fan alle parten fêststeld. Meiinoar beslagge de parten 1: 9,5% fan de totale tekst, de parten 2: 16,2%, de parten 3: 40,8%, de parten 4: 6,1%, de parten 5: 17,3%, de parten 6: 6% en de parten 7: 4,1%. Dêr docht yn 't foarste plak út bliken dat it ‘gewoane fertellen’ kwantitatyf it wichtichst is yn dizze roman. Wat ik neamd ha ‘de kompositoaryske rêchbonke’, dy beslacht meiinoar 67,6% fan 'e totale tekst, de fetprinte stikken allegear meiinoar 28,3% en de brieven oan Astrid 4,1%. Moat men no fêststelle dat It lyk wurdt oantaast ‘eigentlik’ in gewoane roman is dy't opgnist is mei wat útstruide rankuneuze en selsbekleiende evokaasjes? Nee, my tinkt fan net, de wenstige trant fan skriuwen is skriuwtechnysk sjoen it wichtichst, mar psychologysk net. Om dat wat oan te tsjutten moat ik de fertelsituaasje derby helje. Der komme yn it boek trije ferskillende fertelsituaasjes foar: de ik-fertelsituaasje yn it lyryske part, yn 'e parten 2, 4 en 6 en yn part 7, de brieven oan Astrid. Part 3, it gewoane fertellen, hat in personale fertelsituaasje en fan part 5 kin it bêste sein wurde dat dat in neutrale fertelsituaasje hat. Yn dy dialogen merkt men ommers amper dat der in ferteller is, hy manifestearret him inkeld yn 'e ‘rezjy-oanwizingen’. As men besiket om dy trije ferskillende fertelsituaasjes werom te lieden ta ien, dan is dat net ienfâldich, want ik-ferteller en hy-ferteller binne wêzentlik fan in ferskillende oarder. De ik-ferteller is in personaazje yn de fertelde werklikheid, de hy-ferteller stiet der bûten. | |||||||||||||||
[pagina 195]
| |||||||||||||||
Tusken de ferskillende hy- en ik-fertellers elk yn syn soarte kin men de sibskip maklik oantsjutte, se ferskille yn graden fan kennis. De alwittende hy-ferteller wit alles, de personale wit alles fan ien persoan, en de neutrale wit net mear as wat er heart en sjocht. De âldere teoretisy fan 'e fertelsituaasje lykas Friedman en Stanzel setten de alwittende ferteller op nûmer ien en se beskôgen dy oare beide, de personale en de neutrale, as yn 'e grûn fan 'e saak alwittende fertellers dy't har frijwillich beheine yn har kennis. Ik tink dat men sa yndied de bêste foarstelling fan saken krijt. By de ik-fertellers leit it net oars, de ‘ik’ kin fertelle as de hiele skiednis syn beslach al krigen hat en dan kin er al fertellend gebrûk meitsje fan kennis dy't er earst letter krigen hat (type: Duveldei op Grienlân fan Ype Poortinga). It kin ek wêze dat it fertellen en it belibjen lykop rinne, en dan wit de ferteller net mear as wat elk normaal minske witte kin (type: Fabryk fan Tr. Riemersma). It earste ik-type komt oerien mei de alwittende hy-ferteller, it twadde mei de personale ferteller. (Oft der ek noch in neutrale ik-situaasje bestiet, dy fraach lit ik no mar lizze). Yn It lyk wurdt oantaast komt der noch in oare ‘ik’ by, te witten in ‘ik’ dy't in boek skriuwt. Yn 'e beide romans dy't ik hjirfoar neamde binne ik-fertellers dy't in tekst fertelle of - yn it gefal fan Fabryk - foar in grut part allinnich mar tinke. Hoe dan ek, dy ik-en binne de produsinten fan dy teksten. Mar hoe't dy teksten yn in boek telâne kommen binne, dêr witte dy ik-en neat fan. It is wenst yn 'e literatuerkrityk om dêr ek net nei te freegjen, dat is no ienkear part fan 'e fiksje. It skriuwproses as sadanich bliuwt bûten de diskusje, eins deagewoan bûten it eachweid. Mar yn Piebenga syn boek dûkt dy ‘ik’ op, de ‘ik’ as makker fan in literêre tekst. Ko Pop freget him yn syn resinsje fan It lyk wurdt oantaast ôf: is dit net in bytsje ‘moadysk gedoch’, dat jin ponearjen as skriuwende skriuwer? Mar dat is in ‘morele’ fraach dy't my net ynteressearret. De technyk ynteressearret my: hoe kin ik dy ferskillende fertellers op ien ‘boarne’ werombringe. My tinkt dat kin allinnich fia de ‘ik’ as skriuwende skriuwer. Efter de ik-en en hy-en fan dizze roman ferskynt hjirre de almachtige ik- | |||||||||||||||
[pagina 196]
| |||||||||||||||
skriuwer dy't alle kanten út kin en sûverein is yn syn eigen boek. Hy kin him foardwaan as ik, mar ek wol as hy, hy hat de macht om te kiezen. Ik sjoch it dus sa: yn 'e grûn fan 'e saak is It lyk wurdt oantaast in ik-auteurs-boek, wêrby't de ik-auteur him ornaris ferienselviget mei de ik-persoan. Dy ik-auteur hat lyk-wols ek de mooglikheid om him te ferklaaien as personale of as neutrale ferteller. Dy almachtige ik-skriuwer is dus tagelyk haadpersoan yn syn eigen boek. Dat is in nuodlike posysje, om't de distânsje tusken ferteller en ferteld objekt dy't soargje kin en moat foar wat lykwicht, ûntbrekt. It gefaar fan narsistysk nâlestoarjen is skriklik grut. Tagelyk loert de gaos. Men soe tinke kinne, as men jin as skriuwer sa neidruklik manifestearret as baas oer de roman-fiksje, no dan hat men dochs alle toutsjes ek yn hannen? Mar nuvergenôch is dat net wier, men is folslein stjoerleas. Alle fertelsituaasjes, hokker men ek kiest, jouwe in beskaat stramyn dêr't men stipe oan hat. Mar as men jin dêr boppe stelt, dan kin men alle wegen út en benammen alle dwylwegen. Ik wit it sels fan it skriuwen fan Minskrotten-Rotminsken. Om net te fersûpen yn allerhande healwizichheden haw ik doe in ferhaaltsje oer grutte rotten optocht, dat joech wat hâldfêst. Ik tink dat de ik-auteur fan It lyk wurdt oantaast om deselde reden net allinnich it wurd jûn hat oan syn alter-ego, de emosjonele en rankuneuze ik, mar ek noch oan in fereale ik dy't syn frou besjongt en dêrneist noch oan in personale en in neutrale ferteller. As er dat net dien hie, wie it boek fersûpt yn egosintrysk gekliem en geskel. Dy fetprinte stikken foarmje dus yn myn eagen de kearn fan it boek, dêr draait it allegearre om. Dat hâldt net yn dat ik dy stikken it moaiste of weardefolste fyn of fine moat. It giet der hjir inkeld om: hoe sit dat boek yninoar.
De ynhâld
It boek fertelt fan in houlik dat op 'e non rûn is. De frou wol | |||||||||||||||
[pagina 197]
| |||||||||||||||
skiede, de man wol net, mar moat him der op 't lêst by dellizze. Mar dat jin der by dellizzen, dat is in skriklike striid en dy striid fjochtet de man yn dit boek út. Hy snapt der neat fan, it wie dochs in goed houlik? En fan syn kant besjoen wie it dat ek wol, in man easket no ienris net safolle fan in houlik: wat húslikheid, wat oanspraak en wat seks. Dat krije de measte manlju wol en dizze man ek. Dus dik tefreden en wêrom dan skiede? Mar de frou, moat men begripe, hat har al rillegau nei it trouwen allinnich field. Hy hie gjin omtinken foar har noeden en soargen en foar har wezen. Se fielde har yn 'e steek litten. En dêrom hat se, al betiid yn it houlik, har heil by oaren socht. Dat is wol wat eigenaardich, se hie dochs ek besykje kinnen om dat houlik wat op te krikken? Nei in jier jout men de moed dochs noch net oer? Dy man is miskien egosintrysk, hy is eigenwiis, mar hy is net fan ûnwil. Wat makket dat se sa gau har nocht fan him hat en him falle lit as in bakstien? It antwurd kin winliken allinnich mar wêze dat se noait net folle nocht oan him hân hat en minimaal ynfestearre hat yn dit houlik. Yn 'e earste trije skreefleaze parten tekst fertelt de personale ferteller oer de moeting fan 'e man en de faam dy't Anke hyt. De man wurdt troch syn freon Nic op sleeptou nommen. Nic hat smjocht op in famke en om't dy in kammeraatske hat, moat syn maat him dêr mar oer ûntfermje. De man docht dat mei tsjinsin, hy sit noch op kop en earen yn 'e problemen troch in útskuorde ferkearing en dy Anke seit him niks. In ‘lang hynder’ neamt er har. Dochs, as er op in sneintejûn lang op 'e bus wachtsje moat en net wit wat er útheve sil, giet er út himsels nei har ta. It wurdt in tryste gearsit, der springt gjin fonk oer, der bestiet neat tusken har. Anke besiket him út syn tint te lokjen, it liket derop dat sy mear belang hat by him as hy by har. Wol se oan 'e man, of wol se allinnich mar even frije? No, se frije in potsje, mar de man kin it net oan en lûkt him werom. Jins yndruk as lêzer is: dizze Anke is in fleurich en trochtaastend frommes dat har wol rêde kin. Se soe in fikse fint ha moatte dêr't se mei laitsje en willemeitsje kin. En net sa'n grübelder, lykas dizze man is. En dy man, dy sit sa | |||||||||||||||
[pagina 198]
| |||||||||||||||
bot yn 'e nederklits, dy kin op dit stuit gjin inkeld frommes op 'e noed nimme, dy moat earst mar ris ta himsels komme. Hoe krije dy beide it yn 'e kop om te trouwen? Want yn it folgjende, it fjirde, tekstpart skreefleas, binne de man en Anke troud. It spilet op 'e moarn nei de troudei. It docht al wer bliken hoe ferskillend dy natueren binne. Sy wol derôf, kofje, en oan 't wurk, se kinne har hele libben noch byinoar sliepe. Hy wol op bêd bliuwe, neiprakkesearje oer de troudei, dat barren beethâlde. It draait op rúzje út en hy jout har te ferstean dat se wol opdonderje kin. Dat is net sa'n fraaie start. Der komme dan noch fjouwer tekstparten skreefleas dy't happen en snappen út dit sânjierrich houlik ferslagge. It earste spilet in jier nei de troudei. Anke en hy reizgje mei de trein werom nei hûs. Se ha nei in fuif west en dêr beide mei in oar frijd. It praat wol net. It twadde tekstpart giet oer de man syn oergeunst en misbetrouwen. It spilet miskien in pear moanne nei it earste tekstpart, it is noch altyd in jier nei de troudei. Anke is mei Watse fan it toanielklubke ôfset en komt wit hoe let wer thús. Hy fertinkt Anke derfan dat se in ferhâlding mei Watse hat. Hy bedrinkt him en makket nachts in sêne. It tredde tekstpart ferhellet fan de man syn lêste moeting mei Kathy, in famke fan in tweintich jier. Hy hat mei dy Kathy gjin seksuele relaasje, mar wat al? Fielt er him besterke yn syn selsbetrouwen om't dat jonge fanke him nei de eagen sjocht? It is net dúdlik wat men mei dat tekstpart oan moat. It lêste tekstpart spilet oan 'e ein fan it houlik. It toanielklubke hat in fuif en Anke set it no iepentlik yn 'e kant tsjin 'e man. Se stjoert him op in oar frommeske ôf, in sekere Astrid. Dat is alle ynformaasje dy't de lêzer fan 'e ridlik objektive personale ferteller krijt. En dat is fierstemin foar it beantwurdzjen fan 'e fraach dêr't de man mei omtoppet yn 'e romein-printe ik-stikken: wêrom giet in houlik kapot? Hoe binne dy beide jonge minsken dy't yn 't begjin frjemd foarinoar oer steane der dan dochs ta kommen om te trouwen? Binne se wat nei elkoar ta woeksen? Of hat it in needsprong west fan wjerskanten? Ek hie | |||||||||||||||
[pagina 199]
| |||||||||||||||
der om in goed ynsjoch te krijen mear ferteld wurde moatten oer de earste jierren fan it houlik. Hoe gyngen se meiinoar om, hoe brochten se de dagen troch, wat hienen se simpelwei oaninoar? As men as lezer ôfgiet op de ynformaasje fan 'e acht skreefleaze parten, dan freget men jin foarst ôf wêrom't dy beide ea troud binne, en twad, hoe't it mooglik is dat dat houlik noch sân jier duorre hat. Foar de man sels liket dat oars te lizzen. Hy snapt net wêrom't Anke by him wei wol, it houlik is ommers goed en se hâlde faninoar. It is foar de lêzer dreech om de man yn dy miening te folgjen, want hy - de lêzer - hat fan dat goede houlik neat sjoen. It is wier, Anke wurdt njoggen kear lyrysk bejubele, mar dy stikken skriuwt de man as se al yn skieding lizze. Hy skept efternei in ideaalbyld fan Anke. Of miskien net iens fan Anke, mar fan 'e dreamfrou dy't er yn 'e holle hat. Dy as leafdeslieten bedoelde kursive stikken soenen Anke - as se weet fan dy teksten hân hie - as ferried yn 'e earen klonken ha, bin ik bang. It giet net oer har, it giet oer in oare frou. Anke hat grif gelyk: dizze man hat har noait trou west. De man hat net folle selsynsjoch en net folle ynsjoch yn syn situaasje. Hy freget mar en hy freget mar: wêrom? Ik ha 't neiteld - 166 kear. En ik bin bliid dat 'k it neiteld ha, want sa koe ik myn yndrukken korrizjearje. Ik tocht nammentlik dat dy fraach fierwei faakst foarkaam yn 'e romein-stikken, mar dat is net it gefal. Ferhâldingsgewiis komt de fraach ‘wêrom?’ it faakst foar yn 'e kursive parten (lofsang op Anke) en yn 'e skreefleas-kursive parten (dialooch); yn beide gefallen hast oardel kear safolle as wat men midsmjittich ferwachtsje koe. Yn 'e romein-stikken en de skreefleaze stikken komt de fraach sa'n 10% minder foar. Dat dy fraach gauris yn 'e dialooch steld wurdt, dat leit eins wol foar de hân. De man wol witte wêrom't Anke sa en sa docht. Mei de wêrom-fraach yn 'e kursive stikken leit it wat oars. Hjir giet it eins net om antwurd te krijen op echte fragen, mar it binne uteringen fan ferwûndering: hoe kin de man sa'n geweldige frou ha. De grutste ferrassing wie dat yn 'e skreefleaze parten de | |||||||||||||||
[pagina 200]
| |||||||||||||||
fraach nei it wêrom like faak steld wurdt as yn 'e romein-printe parten. Yn 'e personaal fertelde stikken wurdt dus likefolle omtize as yn 'e romein-printe ik-stikken. Gjin wûnder dat dy personaal fertelde stikken hast gjin (betroubere) ynformaasje opsmite. De man tiist dus om mei de fraach nei it wêrom fan it mislearjen fan it houlik. Hy smyt de skuld op Wouter en Watse, dy't mei Anke en him yn in toanielklubke sitte. Earst hat Watse mei har omslein en no is it Wouter. Benammen Wouter moat it ûntjilde, dy hat him syn frou ûntstellen. It is de domste reaksje om de skuld by in bûtensteander te lizzen, mar in soad lju dogge dat yn sa'n situaasje. Sa kinne minsken harsels en har partner frijpleitsje. In folgjende stap is dan de skuld by de partner te lizzen en dêrnei wurdt by einsluten ek nochris it eigen gewisse ûndersocht. Mar safier komt dizze haadpersoan net echt. It is wier wat resinsint Jo Smit seit, de man komt net fierder yn syn prakkesaasjes, as er al bliken jout fan in beskaat selsynsjoch, dan wie dat grif al oanwêzich foar't er mei it skriuwen begûn. Der is dan ek gjin sprake fan in nij wûn ynsjoch, en dêrmei gearhingjend fan in befrijing. De iennige dy't feroaret, is de ik-auteur. Dy is mei fleur en faasje oan syn boek begûn: ‘Ik sjoch skerp hoe't alles him ôfspile hat, allinne it ûnderling ferbân fan de feiten ûntgiet my noch. Dêrom moat ik tried bringe yn dit boek, alles sjen sa't it eksakt west ha. Te witten komme wêrom't it sa gien is’ (haadstik 2, side 21). En nochris, yn haadstik 3 (side 48): ‘Dit boek moat ôf. Ik moat witte, hoe't it allegearre ferrûn is, ik moat hâld krije op myn eigen libben en de stikjes fan de puzzel ynelkoar skowe.’ Mar op 't lêst hat er syn nocht: ‘It begjint my tsjin te stean, dat gedonder mei wouter en watse, der binne op 't lêst wol better ûnderwerpen, en as men jin mei sokke figueren dwaande hâldt, wurdt it op 'en lange doer sa ferhipte iensidich. [...] Wat sil ik alderheislikste bliid wêze as ik oan 'e ein fan dit boek de datum tikje kin, in streek derûnder, ôf, klear, foarby, oer, basta. Dan bring ik it nei de útjouwer, ik sjoch de printkladden nei en noait sil ik dit rotboek wer ynsjen, dit goare boek, dêr't ik de hiele troep yn útkoarre ha.’ (ein haadstik 8, side 157). En noch- | |||||||||||||||
[pagina 201]
| |||||||||||||||
ris yn haadstik 9 (side 164): ‘It begjint my kâld te lizzen, boppedat ha 'k wat dit boek oanbelanget de ein yn 'e bek, ik ha der gjin nocht mear oan, it seit my sa'n bytsje mear. Ik kultivearje it miskien noch wat oant it lêste wurd tikke is, mar dan is it oer.’ It boek foarderet en komt ôf, mar dat is de iennichste fuortgong. It is, wer mei Smit, in statysk boek. De lyryske stikken hienen wol yn in oare folchoarder stean kinnen. Yn 'e romeinprinte stikken tysket de man mei deselde fragen om. Yn 'e dialogen komt nei de ein ta faaks wat dúdliker nei foaren dat de frou skiede wol, mar dat is benammen om't de man oan in heal wurd net genôch hat. Yn it twadde petear uteret Anke har wearze al sa bot, dat it dúdlik is dat hjir gjin hope mear wêze kin. Fan de fertellende skreefleaze parten is earder al sein, dat dy ek gjin ûntjouwing sjen litte. | |||||||||||||||
WurdearringDe roman is oer 't generaal goed ûntfongen by de resinsinten. ‘Mei it boek It lyk wurdt oantaast pleatst Tjitte Piebenga him yn de foarste rige fan de Fryske proazaskriuwers. Dizze anatomy fan in houlik, lykas de ûndertitel seit, is wier treflik skreaun en boeit de oandacht fan begjin oant ein. Dat is in lokwinsk oan de auteur wurdich,’ skriuwt Jo Smit yn de Friese Koerier fan 16.03.68. Smit oardielet posityf oer de konstruksje fan it boek: ‘Ynstee fan syn ûnderwerp út ien eachweid wei baas te wurden, hat de skriuwer it socht yn in oare, ôfwikende konstruksje fan syn roman. It boek is skreaun út fjirderlei perspektyf wei, yn fjouwer lagen, dy't yn fragminten, ôfwikseljend njonken inoar ferskine. [...] Mei dizze fjouwer wizen fan sjen, korrespondearret fjirderlei styl, tankber, as loai lêzer, as men wêze mei mei de typografyske fersoarging troch útjouwerij Miedema, is de uterlike ûnderskieding feitlik oerstallich, om't it de skriuwer treflik slagge is en jou elk fan de fjouwer 'lagen' in eigen utering en toan. Grutter winst noch is dat it de skriuwer troch dizze wize | |||||||||||||||
[pagina 202]
| |||||||||||||||
fan dwaan slagge is sjen te litten hoe't in houlik dêr't in brek yn komt, fierder ûnhâldber útinoar spjalt, om't de partners mei al har goede bedoelingen mei hate en rankune foar inoar oer steane.’ Ik wiisde der earder al op dat Smit it boek statysk neamt. Hy seit: ‘Fansels, sa'n boek wurket befrijend troch de objektivearjende tendinzen dy't deryn sitte, mar oft de “ik” syn rankune wier fan him ôf skreaun hat? Dêrta, tinkt my, mist it boek fuortgong en ûntjouwing. De auteur feroaret net ûnder it skriuwen fan it boek, mar bliuwt wakker deselde, al besiket er ta relativearring te kommen. As er fierderop yn it boek soms besiket de hâlding fan de frou te begripen en dus ta op in hichte te ferûntskuldigjen, is dat wierskynlik net op dat plak ûntstien, mar hat in wysheid west dêr't er him al ta opwurke hie, doe't er mei it skriuwen begûn. De “ik” oanfurdiget yn wêzen gjin skuld en dêrtroch bliuwt ek it andert op syn fraach: “Wêrom giet in houlik kapot”, him ûntsein. As de lêzer der al in andert op krijt, dan leit dat minder yn, as wol efter it boek, lykas ek it djipste fan de trageedzje bûten it boek leit. Sa krijt dizze roman, troch alle gelaagdheid hinne, dochs wat statysks. It is as in lânskip, dat wy sjogge yn it grille ljocht fan in felle bliksem, it is as in dream dêr't it normale tiidselemint oan ûntbrekt.’ Anne Wadman (Het Vrije Volk, 30.03.68) hat krityk op it minne Frysk en op 'e styl, dy't gauris ‘fan in ûndaaibere sloarderige seurderichheid’ is. Mar ‘der stiet mear as in bytsje tsjinoer dat taalkundich raak en skerp formulearre is, benammen yn dy dielen fan it boek dêr't [it] karakter fan beatnikeftige bekentenisliteratuer it sterkst sprekt.’ Fan 'e komposysje seit Wadman, dat dy ‘net alhiel nij, mar wol tige nijsgjirrich is, en tagelyk wat oan 'e trochsichtige kant.’ Wadman liket de kursive, de romein-prin-te parten en de skreefleas-kursive parten it measte te wurdearjen, al is er net sûnder krityk. Fan it earstneamde seit er: ‘Gâns fan dizze passaazjes dy't ta de bêste fan it boek hearre, treffe jin troch in ferfine, byldzjende dichterlikheid, mar soms twingt it folhâlden fan dit prosedee, ek dêre wêr't er oer de bekoarlikheden fan Anke yn wêzen útpraat is, de skriuwer ta in swiermoedich | |||||||||||||||
[pagina 203]
| |||||||||||||||
sykjen en in beskate forsearring.’ Fan 'e romein-printe stikken, it ‘weromsjen yn wrok’ neamt Wadman dy teksten, seit er: ‘Hjir spatte de fonken fan X syn lulkens, syn woede, dy't soms - en dan sakket it saakje gammel, flau en sâltleas yn elkoar -omslacht yn machtleas skellen.’ Ek oer de dialogen is Wadman heal posityf, heal negatyf: ‘In apart lettertype jout yn toanielfoarm in rige petearen tusken Anke en X, dy't wol tekenjend binne foar it dearinnen fan de kommunikaasje, de ivige herhellingen, oanklachten, selsferdigeningen, útflechten, heale arguminten en misferstannen, mar dy't soms ek keunstmjittich en optocht oandogge.’ Oer de gewoane fertelparten is Wadman minder te sprekken, benammen it begjin fan it boek is skreaun ‘mei tefolle omballingen en yn in troch syn saaklikheid gauris kleurleaze en eamelige taal.’ ‘Oer it gehiel dochs komt yn dit boek it epyse part it minst oer, omdat it net genôch bod jout oan de emosionaliteit en men de ferfeelsumheid fan it skriuwproses der út opstigen fielt.’ Wadman hat ek in ynhâldlik beswier tsjin dit epyske part: ‘Mar der bliuwt yn dit relaas in “bline flek”, in iepen romte: tusken de te lange oanrin fan it yn 'e kunde kommen mei Anke (dan noch lytsachtsjend beskreaun as “it lange hynder”!) en it oangean fan it houlik sels: dy “sprong” bliuwt yn it tsjuster, wylst dêr krekt de kearn fan dit hiele ûndernimmen leit.’ De brieven oan Astrid oertsjûgje Wadman net: ‘in wat keale en wouldbe yntellektuëletaal, psychologyse gewichtichdoggerij.’ Psychologysk is it boek neffens Wadman net sterk. ‘Yn wêzen leau ik dat X in tekoart oan selskennis hat. Syn yllúzjes oangeande Anke de superfrou en har leafde hâldt er tsjin 'e klippen oan fêst, en sadwaande spilet er, wolle of net, de moaie rol: dy fan de tekoartdiene, de masogist, de literaat ek, dy't út sok in trageedzje alteast de munt fan de “literatuer” slacht. Slimmer achtsje ik it, dat X ek ûnmachtich stiet tsjinoer de wiere oarsaak fan de mislearring: net de wierskynlik tydlike ferealens fan Anke op Wouter, mar folle mear it feit dat se net fan him, X, hâldt en moai wis noait fan him hâlden hat.’ ‘Oeral stjit men yn de selsrjochtfeardigingen fan X op uteringen fan naïviteit, breklik sels- | |||||||||||||||
[pagina 204]
| |||||||||||||||
ynsjoch, oerflakkich eruditisme, misferstân oangeande geastlik en yntellektueel “nivo”. Dêr stiet dan foaroer, dat X op oare punten wól wer bliken jout fan skerp selsynsjoch.’ Einkonklúzje fan Wadman: ‘It lyk wurdt oantaast is in boek fan kwetsberheid, en dat makket it oer alle boegen kwetsber, mar ek sympatyk, it makket der, by alle beswieren, úteinlik de bekoaring fan út: it is in minsklik dokumint dat syn literêre ûnfolsleinens, syn lek en brek, oan dyselde minsklikheid te tankjen hat.’ Marten Sikkema (Leeuwarder Courant, 06.04.68) docht net folle mear as de ynhâld oereidzje. Syn foarnaamste punt fan krityk - as dat as krityske oanmerking bedoeld is alteast -, is dat de haadpersoan net sa sympatyk oerkomt: ‘Want úteinlik komt de “ik/hy” út dit boek nei foaren as in wat sloppe figuer en dat begjint der daliks al mei, wannear't er him tsjin it sin meitôgje lit nei it dûnsjen en nei it Anke-aventoer. Boppedat is er mar wat eigenwiis en wat swetserich útfallen, hat er slim mei himsels te dwaan en kin er der mar min ta komme, lang om let ek ris in part fan de “skuld” by himsels te sykjen. Benammen syn goedkeape skelpartijen op de konkurrinten Wouter en Watse, dêr't er hieltyd wer ferlet fan hat, meitsje him by de lêzer net sympatiker. It is yn wêzen mar in tryste figuer, dizze mislearre Adam!’ Sikkema jout in frjemd kommentaar op dy typearring: ‘It is fansels de fraach, oft Piebenga it sa bedoeld hat.’ Bedoelingen fan skriuwers dogge net ta de saak. Trinus Riemersma (De Tsjerne 1968, 116-120) wurdearret benammen de dialogen, ‘dy't ferskriklik autentyk oandogge en dy't soms tige oangripend binne. [...] Ynflechte yn it epysk ferrin fan in gewoane roman hienen dizze petearen grif sa sterk en sa konsintrearre net te realisearjen west.’ It minst te sprekken is er oer de lyryske stikken, ek al jout er ta dat se funksje hawwe yn it geheel: ‘Ik hâld net fan sokke wurdkeunst...’ Krityk ek by Riemersma op it temin oan ynformaasje yn 'e ferheljende stikken: ‘Mar it him ûntjaan fan it konflikt, dêr wurdt temin oer skreaun. Piebenga hat tinkt my de stof net goed ferdield... [...] It houlik hie wiidweidiger beskreaun wurde moatten, tenkoste fan byge- | |||||||||||||||
[pagina 205]
| |||||||||||||||
lyks “hy” syn aventoerke mei Kathy...’ Fierder hie Riemersma wollen dat de skriuwer syn skellende ik-figuer ris wat faker it swijen oplein hie: ‘It hele geskei en geskriuw oer en tsjin Watse en mear noch Wouter is my nammers te útweakke. It is grif oannimlik dat “ik” de pest hat oan dy beide hearen dy't him - sa sjocht er it - syn wiif ûntset hawwe, en it leit foar de han dat er se útracht en oankwitst. It is yn te skikken dat “ik” ynearsten alle skuld op “it komysk duo” smyt, om syn frou, en dus himsels, te sparjen. Mar nei ferrin fan tiid sil er de moed opbringe moatte om ta te jaan dat dy mannen mar figuranten binne en dat hy de skuld by himsels en syn frou te sykjen hat. Dat ynsjoch komt te let. En as “ik” dan yndied safier is dat er wit dat er ophâlde moat mei lêbjen oer W en W, dan docht er it in pear siden fierder lykwols wer.’ It einoardiel fan Riemersma: ‘Piebenga hie dit boek in jier of wat lizze litte kinnen, om it dan nochris mei in koel artistyk each te hifkjen. Hy hie it manuskript no ek oan in pear freonen lêze litte kinnen. Yn beide gefallen soe er dan, út himsels of op oantrún fan literêre maten, wierskynlik parten skrast hawwe en oare stikken op 'e nij skreaun. Hie men dat bywurke en glêdstrutsen boek leaver hawwe moatten as wat no útjûn is? Ik mien fan net. It is gauris: wat glêder, wat deader. Yn in goed boek binne de mislearringen faak nijsgjirrich en sympatyk, want mislearjen is minsklik.’ Oer it ferheljend part seit Pop (rono, Literair kwartier, 05.09.68): ‘Er ontbreken soms hele periodes, waardoor deze gedeelten, fragmentarisch als ze zijn, gaan lijken op brokstukken herinnering die bij de hoofdpersoon opkomen, nu, dat wil zeggen, tijdens het schrijven van dit boek. Slechts moeizaam laat zich uit deze brokstukken reconstrueren wat er gebeurd is. Wie was deze Anke? [...] Over wat er in haar omgaat horen we bijna niets, ook niet in de dialogen tussen “hij” en “zij”. Hierin ontwijkt ze hem voortdurend, en zo worden deze gesprekken juist beklemmend, doordat ze absoluut niet opleveren waarvoor ze zouden moeten dienen: opheldering te brengen tussen deze | |||||||||||||||
[pagina 206]
| |||||||||||||||
beide mensen.’ ‘Op de morgen na het huwelijk, prachtig beschreven in hoofdstuk 5, wordt de vergissing al duidelijk. En bij het doorlezen van de volgende hoofdstukken gaat men zich verbaasd afvragen hoe dit huwelijk nog zeven jaar heeft kunnen duren. Hier doet zich een tekortkoming van de roman gevoelen: er moet in die zeven jaar tussen die beide mensen meer zijn geweest dan in al die 200 bladzijden, die deze roman telt, tot uiting komt.’ Pop is fan miening dat de lofsangen op Anke in te grut plak ynnimme: ‘Negen maal wordt de liefde bezongen - het is haast teveel van het goede, vooral omdat er in de geschiedenis zelf van de hoofdpersoon en Anke bijna geen sprake is van een gelukkige verhouding tussen die beiden. We kunnen wel een psychologische verklaring bedenken voor deze negenvoudige lofzang en die toeschrijven aan de behoefte van de hoofdpersoon om Anke te idealiseren, maar daarmee is mijn compositorisch bezwaar niet goedgemaakt, dat dit element een te grote plaats krijgt in de roman.’ Einoardiel fan Pop: ‘Een zo gecompliceerd boek als Piebenga's roman nu eenmaal geworden is, zal onvermijdelijk naast bewondering ook weerstanden oproepen. Ook mijn oordeel is ambivalent: vaak rauw en onbesuisd, niet vrij van nodeloze overdrijving, maar met zijn bonte opzet toch eerlijk en vaak treffend, zo zou ik het kunnen samenvatten.’ Der is mar ien besprekker dy't it boek ôfwiist, dat is Piter Wybenga (Friesch Dagblad, 23.03.68). Wybenga, safolle is dúdlik, griist fan 'e ‘moderne’ wrâld dy't Piebenga yn syn boek sketst hat. It earste fjirdepart fan Wybenga syn resinsje giet dan ek heiendal net oer It lyk wurdt oantaast, mar it is in polemyk tsjin it moderne houlik, dêr't it - neffens Wybenga - inkeld yn giet om lichamelike leafde en ‘rjocht’ op lok. It lêste fjirdepart is in polemyk tsjin it beskriuwen fan seksuele hanlingen. Sok begnuven fan oarmans yntimiteit, dat ‘walget’ de resinsint. Tsjin dy eftergrûn set kin der fan Piebenga syn roman fansels net folle oerbliuwe. Wybenga hat wurdearring foar de opset fan it boek: ‘As skriuwer is Piebenga de technyk yn dizze roman net min | |||||||||||||||
[pagina 207]
| |||||||||||||||
ôfgien. [...] Dy opset docht it opmerklik goed. Mar foaral de op de lêzer ôfstimde dosearring en ôfwikseling fan de filmopnamen en de opbou fan it gehiel.’ Mar dat is de iennige lof dy't de skriuwer krijt. Wybenga syn haadbeswier jildt de psychology, of leaver it gebrek dêroan. De skriuwer hat der gjin each foar wat in teloarstelling it foar in frou wêze kin dat se gjin bern krijt, en de haadpersoan hat gjin selsynsjoch. Wybenga siket it tekoart oan psychologyske djipgong yn it feit dat de auteur te min distânsje nommen hat fan eigen wjerfarren. Dêrmei is hy de iennige resinsint dy't in link leit tusken fiksje en de persoan fan 'e skriuwer. | |||||||||||||||
De krityk yn it ramt fan 'e tiidMy tinkt, yn 'e resinsjes skimert ek wat troch fan 'e botsing fan mieningen oangeande de literatuer. Nei 1945 binne der ferskillende fernijingen yn 'e literatuer, dy't yn guon gefallen ta ynsidinten oanlieding binne, om't mear behâldende en mear foarútstribjende literatuerleafhawwers tige ûngelyk oer dy fernijingen tinke. Sokke ynsidinten binne der nei oanlieding fan 'e fersebondel Jolm fan Gerben Visser en nei oanlieding fan it tydskrift Quatrebras, en dan benammen mei it publisearjen fan 'e fersen fan Hessel Miedema. Mei it ferskinen fan 'e (koarte) romans Leafdedea (1963), De smearlappen (1963) en Fabryk (1964) kriget it behâldende kamp in pear bêste reizen en it liket derop dat de moderne literatuer net mear te kearen en te beswarren is. De skriuwerij yn kranten en tydskriften (û.o. yn Asyl) spilet yn dat proses fansels ek in wichtige rol. Ut 'e resinsjes nei oanlieding fan It lyk wurdt oantaast docht eins wol bliken dat it pleit besljochte is te'n geunste fan 'e mear nijmoadrige literatuer: fiif besprekkers binne posityf en mar ien negatyf. It foarnaamste punt fan diskusje hie yn 'e sechstiger jierren ‘de seden’ of ‘de moraal’ west. Wybenga stelt him op it âlde stânpunt, dat it moderne libbensgefoel dat tekene wurdt troch | |||||||||||||||
[pagina 208]
| |||||||||||||||
legens en it ûntbrekken fan hâldfêst net beskreaun wurde moat. Of inkeld om it sjen te litten yn syn jammerdearlikheid, as kontrast ta it ‘gewoane, goede’ libben, dat basearre is op de oerlevere wearden en noarmen. Dêrneist is der yn it behâldende kamp in grutte wjeraksel yn it wiidweidich beskriuwen fan 'e seksualiteit. Want dat wurdt sjoen as in utering fan dekadinsje, fan noarmleazens. Ien resinsint komt mei safolle wurden op tsjin de miening fan it behâldende kamp, dat is Ko Pop. Hy skriuwt: ‘Nu zal zich, ook naar aanleiding van It lyk wurdt oantaast wel weer het probleem voordoen dat velen het bestaan van gevoelens en gedachten als die hierin worden opgeroepen, liefst willen negeren en zelfs ontkennen. Dat is hun zaak dan, maar het is natuurlijk zinloos om anderen het recht te ontzeggen om een wezenlijk onderdeel van het menselijk bestaan in een roman te behandelen.’ De klacht fan it behâldende kamp wie gauris: mar wat sille wy fan sokke útsichtleaze boeken leare, wat sille wy derút opstekke?! Pop jout dêr antwurd op: ‘Het gaat om de herkenbaarheid van de situatie, met andere woorden of nog zo oneindig veel meer mensen dan de auteur zelf, mee kunnen leven met de emoties en de gedachten die het gebeuren in de roman beheersen.’ It giet neffens de modernen net om fertreasting of bemoediging en al heiendal net om belearing, mar om werkenning fan situaasjes en it besprekber meitsjen fan emoasjes. In twadde punt dat spilet is it fêstpinnen fan 'e fiks je op 'e persoan fan 'e skriuwer. Soks betsjut in stik ûnfrijheid foar de skriuwer, om't er net los fan 'e eigen situaasje, maatskiplike biningen en ferantwurdlikheden fantasearje mei. Hieltyd wurdt him foarhâlden: it is dyn doarp, it is dyn frou, it is dyn húshalding dysto beskriuwst. As de skriuwer him ûnder dy idintifikaasje fan fiks je en eigen libben deljout, kin er hast net oars as froede ferhalen skriuwe, want wat meie de minsken oars wol fan him tinke? It is net tafallich dat wer Wybenga de fiks je werombringt nei de werklikheid: ‘Der binne útspraken en oanwizingen yn dit boek, dat Piebenga net allinnich as skriuwer by de situaasje | |||||||||||||||
[pagina 209]
| |||||||||||||||
betrutsen is. No hat elke roman, fanselssprekkend, autobiografyske trekken, dy't faak en folle ta it meast weardefolle fan de ynhâld rekkene wurde moatte. Dêr foaral kin men oan merke dat it ferhaal trochtocht, trochfield, trochlibbe is. Mits de skriuwer in persoanlikheid is en ôfstân nimt fan de aktuële feiten, fan himsels en de minsken dêr't it him by of mei ôfspile hat. It autobiografyske kin lykwols de psychology ek behinderje, trochdat in erfaring net besonken is en it partijkiezen in ôfwoegen beskriuwing yn 'e wei stiet. Dan is der gjin distânsje mooglik, mar wurdt it in striid- of skotskrift, dêr't it gelyk hawwe wollen de psychology ferkringt. En dêr't de skriuwer himsels soms masogistysk yn te kyk en te kak set. It komt ús foar dat soksoarte frustraasjes mei in reden is dat dizze roman mislearre.’ Wybenga spilet hjir op 'e man ynstee fan op 'e bal. Like opfallend as dat krekt Wybenga hjir mei oansetten komt, is dat de oare resinsinten it massaal ferpoffe om efter de fiksje de realiteit te sykjen. Jo Smit: ‘De ik út it boek en de skriuwer falle nammentlik gear, wêrby it fan gjin belang is of hjirre al of net autobiografyske bysûnderheden yn ferwurke binne.’ Anne Wadman: ‘En dochs easket de earlikheid dat men, al wie 't allinne mar om de altyd besteande marzje fan fantasij en leagen tusken histoarise en literêre wurklikheid, alles bûten de pleit hâldt wat mei dy histoarise wurklikheid te meitsjen hat en it boek sjocht as in optinksel, in stik fiksy. Om my dus gjin ûntmaskering fan Wouter Veenboer en Watse Deelstra...’ Ko Pop: ‘Hier zijn we weer in de buurt gekomen van de bekende vraag: heeft de schrijver dit nu allemaal zelf beleefd? Behalve onbescheiden is de vraag volkomen onbelangrijk.’ Sikkema en Riemersma beare as witte se fan gjin histoaryske werklikheid, alhoewol, Riemersma ferret him troch in te grutte neidruklikheid. Hy hat it oer de ‘imazjinêre ik-figuer’ en oer it toanielselskip dat neffens him net ‘in gekke fynst’ is. In tredde saak dy't spile, mar dy't gjin emoasjes losmakke om't it yn 't foarste plak om in technysk aspekt gyng, is it ‘eksperimintearjen’ mei de romanfoarm. Pieter Terpstra hie al yn | |||||||||||||||
[pagina 210]
| |||||||||||||||
1956 mei syn Fjouwer minsken yn in stêd in ‘simultaan-roman’ skreaun, wêrby't yn elk haadstik de fjouwer figueren efterinoar beskreaun waarden. Anne Wadman folge dat prosedee nei yn Hoe moat dat no, Marijke? (1960). Yn 'e sechstiger jierren kaam Riemersma mei Minskrotten-Rotminsken en De hite simmer. Dêrnei folge Piebenga mei It lyk wurdt oantaast en Wadman mei De feestgongers (ek 1968). Sûnt dy tiid binne der regelmjittich boeken ferskynd mei in ôfwikende opset. En it giet dan altiten om boeken dy't ta de ‘bettere literatuer’ rekkene wurde wolle en dy't net ta de saneamde ‘folksliteratuer’ hearre. Mei oare wurden, dy ‘eksperimintele foarm’ is ek in teken dat de Fryske literatuer him losmeitsje wol fan it sljochte en rjochte en ‘echte literatuer’ wêze wol. It leit dan ek yn 'e reden om te ferwachtsjen dat foarstanders fan in ienfâldige literatuer foar it hele folk sa'n geëksperimintear ôfwize sille. Yn 'e krityk op Piebenga syn It lyk wurdt oantaast docht dêr lykwols neat fan bliken. Alle besprekkers hawwe lof foar de konstruksje fan it boek. Dat Riemersma de komposysje it meast priizget, is gjin ferrassing, mar 't is al in ferrassing dat Wybenga dy komposysje ek heechset. Jo soenen ferwachte hawwe dat er dy ôfdien hie as nijmoadrige healwizichheid. |
|