It lyk wurdt oantaest
(1998)–Tjitte Piebenga– Auteursrechtelijk beschermdUntsteansskiednisIt boek wie klear op 16 maart 1967. Neffens Piebenga syn ûnthâld moat er der ein july 1966 oan begûn wêze. Ut it materiaal dat op it flmd te finen is, kin men de ûntsteansskiednis net sa goed opmeitsje. En Piebenga sels wit it allegearre net krekt mear. It heucht him dat er ‘as in gek’ oan it skriuwen west hat en dat de tekst yn syn oarspronklike foarm goed west hie foar sa'n | |
[pagina 211]
| |
300 à 350 boekbledsiden. Bauke de Jong en Hannah Ludwig hawwe de skriuwer de ried jûn om gâns te skrassen. Dat moat yn jannewaris-febrewaris 1967 bard wêze. It kin wêze dat Kamminga en Van der Velde fan útjouwerij Miedema neityd nochris op bekoartsjen oanstien ha. Sa'n gong fan saken wol jin tige goed oan. De ‘ik’ pankoekbakt yn 'e boekferzje tige mei syn fertriet, syn wanbegryp en syn rankune om, en men soe jin foarstelle kinne dat dat yn 'e earste ferzje fan 'e tekst noch folle slimmer west hat. Mar spitigernôch is fan sa'n folle wiidweidiger ferzje op it flmd neat werom te finen. It dokumintaasjesintrum bewarret twa typoskrip ten fan It lyk wurdt oantaast, (beide mei in trochslach), ien op folioformaat dat tige ticht by de boekferzje stiet en dat grif troch de printer brûkt is, en ien dat dêr oan foarôfgean moat op kwartoformaat. Yn it kwarto-typoskript einigje de haadstikken mei in mopke, en neffens Piebenga sels hat er dy mopkes letter weilitten, dat, dit moat in âlder typoskript wêze. It healwize is lykwols, dat dit kwarto-typoskript folle beheinder is. Ut it oerlevere materiaal krijt men dus de yndruk dat de tekst letter útwreide is ynstee fan ynkrompen. Dat riedsel lit him net oplosse. Of it soe wêze moatte, sa't Piebenga suggerearret, dat der noch in oar typoskript is, dat mei de adminis traas je en korrespondinsje fan Asyl ein 1968 nei it flmd gien is en dêr yn fersegele doazen bewarre wurdt. Lit ús it bewarre materiaal besjen. Der binne twa skoalskriften mei lytse fragmintsjes fan 'e lofsangen op Anke (de namme fan Anke wurdt al neamd). Yn ien fan dy skriften stiet tusken dy fragmintsjes ek al de warskôging ‘Oan alle psychiaters, pedag-, teol-...’ ensafuorthinne. Dat wiist op it doel om it ien of oar te publisearjen. Yn it oare skoalskrift steane nei de fragmintsjes lofsang oantekens oer in skoalmaster dy't gek wurdt. De namme fan Smit komt yn dy oantekens foar, en men soe hast tinke dat dit oantekens binne foar in resinsje fan it toanielstik Happening-De Vries fan Jo Smit dat yn it earste nûmer fan De Tsjerne fan 1966 stien hat. De fragmintsjes lofsang lykje it foarwurk te | |
[pagina 212]
| |
wêzen foar alle njoggen Anke-parten yn 'e roman. Hie de skriuwer doe de roman It lyk wurdt oantaast al yn 'e holle, of binne it samar probearsels? It neikommende dat bewarre bleaun is, binne 59 siden foltypte kwartoblêden mei tekst fan It lyk wurdt oantaast oant healweis haadstik sân (yn it skreefleaze part, in eintsje nei't de man syn freon Rommert skille hat, brekt it ôf). It typoskript hat al de titel dy't it boek letter krigen hat. (Dy titel is betocht troch de skriuwer syn heit, dy't Waling Dykstra syn wurdboek der op nei slein hat). It belangrykste ferskil mei de tekst sa't dy yn it boek ferskynd is, is dat de dialogen en de brieven oan Astrid ûntbrekke. De kursive stikken en de skreefleaze stikken binne al oanwêzich, en dêr is letter ek net skriklik folle mear yn wizige. De kursive stikken besteane noch út lange alinea's, se binne typt mei oardel ynterliny en sa ûnderskaat fan 'e oare tekst. De romein-printe stikken is wol yn feroare, benammen yn it begjin. Piebenga set him tige ôf tsjin syn lêzers, dy't syn boek grif net moai fine sille. Hy sprekt har oan as ‘letterfretters’, as ‘froede psychiaters’ en as ‘rju eabele fasade-bouwers’. Dy wrantelige stikjes binne letter skrast. Meidat de dialogen ûntbrekke, misse ek de stikjes romein nei de dialogen. Sa bestiet haadstik 1 inkeld út it kursive Anke-part en it romein-printe stik dat begjint mei ‘Wêrom giet in houlik kapot’ (dêr't letter wat útskrast is). Haadstik 2 hat it kursive part, de romeinparten en it skreefleaze part, dêr't de earste moeting mei Anke yn ferslein wurdt. Dêrnei in lyts romein-printe stik oan 'e lêzers en dan is it út. Haadstik 3 hat nei it kursive part earst it romein-printe part dat no de ein fan haadstik 2 foarmet. Dêrnei rint it fierder sa't it yn it boek rint oan 'e dialooch ta. Yn stee fan dy dialooch noch in ekstra stikje romein-tekst. Yn haadstik 4 folget op it kursive part earst it romein-printe stik oer de reis nei de rjochtbank, lykas yn it boek. Dêr efter komt yn dit typoskript daliks it stik dat begjint mei ‘De regisseur wie justerjûn knap tefreden’, d.w.s. de twa stikken romein-printe tekst dy't dêr no oan foarôfgeane, wienen der earst noch net. (It | |
[pagina 213]
| |
binne de teksten dy't begjinne mei ‘Ik sit te wachtsjen’ en ‘Kloos en Kalma’). Nei de skreefleaze tekst komt noch it romein-printe stik oer it feit dat de ik de útjouwer in bondel koarte ferhalen tasein hie, lykas ek yn it boek. Haadstik 5 is neat dat makket yn feroare, de dialooch ûntbrekt, mar it romein-printe stik dat begjint mei ‘It is myn jierdei hjoed’ is der wol. Yn haadstik 6 hie it lêste romein-printe stik foar it skreefleaze part earst noch in stikje oer it ûnfermogen fan 'e ik om de werklikheid oangeande it houlik fan Anke en him te beskriuwen. Fierder rint it lykop mei definitive ferzje oan 'e dialooch ta. Yn dit typoskript einiget elk haadstik mei in flau mopke oer seksuele ûntrou. Yn it twadde typoskript, dat op foliofellen typt is, is de tekst hast deselde as dy fan 'e boekedysje. Allinnich de lêste trije brieven oan Astrid binne, nei it dientikjen fan it typoskript, noch feroare, en der is yn haadstik 4 noch in stik romein-printe tekst taheakke. Men kin oan dit typoskript sjen dat Piebenga in sin by de foarm hie. De lyryske parten binne typt mei oardel ynterliny, lykas nammers ek al yn it earste typoskript, en de dialogen binne typt mei read lint. De fertellende en de reagearjende parten, dy't typografysk gelyk binne, hat Piebenga yn 'e marzje iderkear foar skreaun fan ‘ferhaal’ of ‘opmerking’. Dat sil er letter wol dien ha doe't dit typoskript nei de printer gyng. Foar yn it typoskript is op in los blêd skreaun hokker lettertypen de printer brûke moat. It typoskript dat foar de printer ornearre wie, hat Piebenga op in los blêd in stik foar haadstik 4 oan taheakke dat begjint mei ‘Ik sit te wachtsjen’. Fierders hat er de lêste trije Astrid-stikken út it typoskript knipt en de nije tekst op aparte feilen taheakke. Yn 'e trochslach fan dat typoskript kin men neigean hoe't de Astrid-stikken der earst út sjoen ha. Wel, dat binne minne teksten, rommelich en ûnhelder skreaun. It is goed dat Piebenga dy op 'e nij skreaun hat en der struktuer yn brocht hat. Fierder binne twaris parten fan sa'n tsien rigels skrast en binne hjir en dêr wurden en sinnen byholpen De earste printinge ferskynde by Utjouwerij Miedema oan 'e Nijbuorren te Ljouwert. It wie in útjouwer dy't wol wat nijs oan- | |
[pagina 214]
| |
doarst, hy hat ek wurk fan Riemersma en Van der Leest útjûn. It boek ferskynde as nûmer 15 yn 'e Kikkertrige, it mienskiplike ûndernimmen fan 'e Fryske útjouwers yndertiid. It waard plechtich publyk makke yn Café-Chantant Passepartout te Ljouwert op 15 febrewaris 1968, dêr't de noege gasten, om yn styl te bliuwen, kofje mei in kreakeling oanbean waard. Dizze útjefte yn 'e rige Fryske Klassiken is de twadde printinge. | |
TaalYn 'e earste printinge sieten in soad printflaters. Dy binne der no úthelle, alteast, dat hat it doel west. Slimmer is dat der ek nochal wat taalflaters yn te finen binne. Dy binne stean bleaun, neffens de ôfspraak fan 'e editoaryske kommisje om fan 'e taal fan 'e skriuwer ôf te bliuwen. It fersyk fan 'e skriuwer om sels de taal te behoffenjen, is ôfwiisd. Op in stikmannich wurden wat kommentaar. It wurd ‘slachs’ stiet wol yn 't wurdboek, mar net mei in betsjutting dy't past. Piebenga seit dat er dat wurd sels betocht hat, hy bedoelt der ‘hookstrooks’ mei. In oar wurd is ‘wearzge’ (haadwurd), dat ornaris as ‘wearze’ foarkomt. Piebenga seit dat hy it wurd mei in ‘g’ sa fan syn heit leard hat. Yn it wurdboekapparaat fan 'e Fryske Akademy is it net te finen. Apart binne fierder ‘gleizich’ as ôflieding fan ‘glei’, it mulwurd ‘bliesd’, ‘bestrutsen’ foar ‘útheefd’. It wurd ‘beskaaiers’ tsjut de bewenners fan 'e kuststrook by de Golf fan Biskaje oan.
Tr. Riemersma |
|